Sibet Papinga fan Riustringen (1394 - 25 july 1433) wie in Fryske haadling. Hy spile in wichtige rol yn de Grutte Fryske Oarloch (1413-1422) en de East-Fryske befrijingskrigen (1426-1433) dy't dêr op folgen.
Skiednis
Sibet wie de jongste soan fan Lubbe Sibets fan Burhave en waard grutbrocht op Edenboarch. Hy wie troud mei Amke Ukena, in dochter fan Fokko Ukena. Yn de Grutte Fryske Oarloch keas Sibet partij foar Tom Brok en ûnder dy syn lieding hat er meidien oan de Alliearde kant. Hy wie by ferskate fjildslaggen belutsen.
Yn East-Fryslân wie Sibit mânsk genôch om in eigen koers te farren tsjinoer Okko II tom Brok.
Troch in oerienkomst mei Sigismund seach er him befêstige wurden yn syn besittingen.
Yn 1424 ûndernimt Sibet mei Okko II tom Brok in kriichstocht nei Bûtjadingen, om de Bremer te ferdriuwen. Hja stekke mei 120 skippen en 4.000 manlju de see oer en nimme de Friedeboarch by Atens yn.
Yn de East-Fryske befrijingskrigen stie Sibet oan de side fan Fokko Ukena. Hy rekke yn de slach by Bargebur slim ferwûne en stoar koart dêrnei yn Lütetsburch.
Oar
Nei Sibet is de boarch 'Sibetsboarch' neamd, foarhinne 'Edenboarch' en ea it machtichste slot oan de Noardseekust.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
Fuotnoat:
|