In shot (in lienwurd út it Ingelsk) is yn 'e sinematografy in rige frames dy't net ûnderbrutsen is. Der besteane twa justjes ferskillende definysjes fan dizze term:
- By de produksje fan in film, fideo of tillefyzjeprogramma bestiet in shot út wat der opnommen wurdt tusken it momint dat de kamera oanset wurdt en it momint dat er ophâldt mei filmjen. Dat is sadwaande ien ûnûnderbrutsen opname.
- By de montaazje yn 'e postproduksje is in shot it ûnûnderbrutsen byldmateriaal tusken twa edits of cuts.
Ferskate shots efterinoar foarmje in sêne, ferskate sênes foarmje in sekwinsje (ek wol mei in Ingelsk lienwurd sequence neamd) en in stikmannich sekwinsjes foarmje de film, fideo of in ôflevering fan in tillefyzjesearje. In shot is sadwaande de lytste boustien fan in film, fideo of tillefyzjeprogramma, dy't binnen in sêne ôfwiksele wurdt mei oare shots mei in oare kamerahoeke.
De lingte fan shots kin alderraarst fariëarje. De Amerikaanske horrorfilm The Mist (2007) hat bgl. in spyldoer fan 117 minuten en omfettet 1.292 shots, wat betsjut dat de gemiddelde lingte fan in shot yn dy film 5,4 sekonden bedraacht. It Russyske histoaryske drama Russkij Kovtsjeg (2002) hat in spyldoer fan 96 minuten en bestiet út mar ien trochrinnend shot fan 5.760 sekonden. Sa'n (seldsum) tige lang shot wurdt yn 'e filmterminology in long take neamd.
Shots wurde faak yndield nei fjildgrutte, oftewol neffens de neite ta it ûnderwerp fan 'e shot:
- extreme long shot (hiel fierôf)
- long shot (fierôf)
- full shot (sa tichteby as men komme kin en dochs noch it hiele ûnderwerp, bgl. in persoan te'n fuotten út, yn byld bringe)
- American shot of cowboyshot (3/4 fan in full shot; sa neamd om't dit faak yn Amerikaanske westernfilms brûkt waard, mei't hjirby noch krekt de holster fan in revolver ter hichte fan 'e boppeskonk te sjen is)
- medium shot (1/2 fan in full shot)
- close-up (by in persoan bgl. inkeld it gesicht)
- Italian shot of extreme close-up (by in persoan bgl. inkeld de eagen; sa neamd om't dit type shot popularisearre waard troch de Italjaanske regisseur Sergio Leone yn syn Dollars Trilogy)
- extreme long shot
- long shot
- full shot
- American shot
- medium shot
- close-up
- Italian shot
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |