500 meter short track om de World Cup fan 2004 yn Saguenay (Quebec).

Shorttrack is in groepstart-foarm fan it reedriden. Der wurdt riden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei fan 4 oant 6 dielnimmers tagelyk. Letterlik betsjut de namme "Koartebaan", mar it is net deselde sport as it koartebaanriden.

Skiednis

Shorttrack is ûntstien yn Noard-Amearika dêr't in groepsstart by it reedriden wenst wie. Sa waarden de baanrydnûmers op de Olympyske Winterspullen fan 1932 yn Lake Placid ek op dy wize ôfwurke, wat de dielnimmers út de rest fan de wrâld net wend wienen.

Om't kompetysjes faak binnen hâlden waarden, wat yn dy tiid betsjutte dat de baan lytser waard as bûten, hat shorttrack in oare ûntwikkeling trochmakke as it baanriden. Om't de measte binnenbanen iishockeybanen wienen, is dat de standert wurden.

Sûnt 1967 heart shorttrack ta de International Skating Union, dy't der sûnt 1976 wrâldkampioenskippen yn hâldt. Sûnt 1992 is it in fêst ûnderdiel op de Olympyske Winterspullen.

Omskriuwing

In oerienkomst dy't it Shortrack hat mei it koartebaanriden sa't we dat yn Nederlân, en benammen yn Fryslân kenne, is dat de toernoaien neffens in ôffalsysteem ôfwurke wurde. Tiden en rekôrs telle folle minder as by it langebaanriden. Dêrtroch binne it mear taktyk en akrobatyk dy't by shorttrack om 'e hoeke komme.

De standertbaan is de iishockeybaan fan 30 by 60 meter. De muorren fan de hal wurdt sêft beklaaid, en de dielnimmers hawwe beskermjende klean en helmen. Dat moat ek om't de bochten skerp binne, en de faasje wol oant 30 km/oere oprinne kin. Om't der in soad bochten nommen wurde moatte, brûke de dielnimmers redens mei izers dy't nei lofts set binne, nei de binnenkant fan de bocht.

Nûmers

Yndividueel

  • 500 m. = 4,5 omgongen
  • 1000 m. = 9 omgongen
  • 1500 m. = 13,5 omgongen
  • 3000 m. = 27 omgongen

Oflossing

  • 3000 m. foar froulju = 27 omgongen
  • 5000 m. foar manlju = 45 omgongen

In oare foarm fan Shorttrack

Yn it waarme Súd-Amearika is de lêste tsientallen jierren in "simmerske" fariant ûntwikkele: skeelerje op de koarte baan, njonkenlytsen ek yn Noard-Amearika tige populêr.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.