Short 184 | |
---|---|
| |
Rol | Bomme- en torpedosmiter |
Makker | Bruorren Short |
Untwerper | Horace Short |
Earste flecht | 1915 |
Yn tsjinst | 1915 |
Ut tsjinst | 1933 (Estlân)[1] |
Tal makke | 936 |
Grutste brûkers | Feriene Keninkryk (1915-1922); Estlân; Sily; Grikenlân; Japan |
Farianten | Mann Egerton Type B |
![](../I/Short_Type_184_structure_from_FlightGlobal_Archive.jpg.webp)
![](../I/Short_Type_184_from_FlightGlobal_Archive.jpg.webp)
De Short 184 wie in Britske twa-sits wetterfleanmasine, in bomme- en torpedosmiter en ferkenningsfleanmasine, dy't ûntwurpen waard troch Horace Short fan fleantúchfabryk Short Brothers foar de Royal Naval Air Service. It tastel maake syn earste flecht yn 1915 en bleau yn tsjinst nei de ein fan de Earste Wrâldkriich yn 1918. In Short 184 wie de earste fleanmasine dy't in skip te sink brocht mei in torpedo; in oar tastel wie it iennichste Britske tastel dat meidie yn de Seeslach by Jutlân.
De 184 stie op twa grutte houten driuwers dêr't in torpedo tusken hingje koe. In tredde driuwer siet ûnder de sturt en hie in roer. De fleugels koene ynklapt wurde. De 184 foel fierders op troch in grutte radiator dy't boppe op de motor fêstmakke wie.
De earste 184s hiene in Sunbeam-motor fan 225 pk. Lettere ferzjes hiene sterkere Sunbeam-motors fan 240 en 260 hk, Rolls-Royce motors fan 250 pk of Renault-motors fan 240 pk. De krêftichste motor op in 184 wie de Sunbeam Maori III fan 275 pk.
Der binne goed 900 fan makke. In tal 184s waarden nei de oarloch levere oan Estlân, Grikelân, Sily en Japan. De Nederlânske Marine Loftfearttsjinst hie fan 1917 oant 1920 ien Short 184, de "K-1".
Spesifikaasjes
Feiten | |
---|---|
Langte | 12,40 m |
Spanwiidte | 19,40 m |
Fleugeloerflak | 63,9 m² |
Hicht | 4,10 m |
Oandriuwing | Ien V12-motor Sunbeam Maori fan 260 Hk |
Topfaasje | 140 km/o (op 610 m.) |
Fleanberik | 320 km |
Bemanning | 2 (piloat en observator/skutter) |
Tsjinstplafond | 2.743 m |
Gewicht leech | 1680 kg |
Maks. fleangewicht | 2433 kg |
Bewapening | ien 7,7-mm-Lewis-Masinegewear, ien 356-mm-torpedo of 236 kg bommen |
Bibliografy
- Barnes, C.H. Shorts Aircraft Since 1900 Londen: Putnam. 1967.
- Bruce, J.M. British Aeroplanes 1914–18. Londen: Putnam, 1957.
- Bruce, J.M. "The Short Seaplanes: Historic Military Aircraft No. 14: Part 3". Flight, 28 desimber 1956, siden 999–1004.
- Bruce, J.M. The Short 184 Leatherhead, Surrey: Profile Publications, 1966.
Keppelings om utens
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Short Type 184 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|