Shakespeare in Love | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Madden | |
produsint | David Parfitt Donna Gigliotti Harvey Weinstein Edward Zwick Marc Norman | |
senario | Marc Norman Tom Stoppard | |
muzyk | Stephen Warbeck | |
filmstudio | Universal Pictures | |
distribúsje | Miramax Films | |
spilers | ||
haadrollen | Joseph Fiennes Gwyneth Paltrow | |
byrollen | Geoffrey Rush Colin Firth Ben Affleck Judi Dench | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 3 desimber 1998 (FS) 29 jannewaris 1999 (FK) | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 123 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $289.317.794 | |
prizen | 7× Oscar 3× BAFTA 3× Golden Globe |
Shakespeare in Love is in Britsk-Amerikaanske film út 1998 ûnder rezjy fan John Madden, en mei yn 'e haadrollen Joseph Fiennes en Gwyneth Paltrow. It kin sjoen wurde as in romantyske komeedzje, mar likegoed kin it as in tragikomeedzje opfetten wurde. It ferhaal, dat skreaun waard troch Marc Norman en Tom Stoppard, giet oer de elizabetaanske toanielskriuwer William Shakespeare, dy't behelle rekket yn in ferbeane leafdesaffêre wylst er syn trageedzje Romeo en Julia oan it skriuwen is. De foarfallen út 'e film binne folslein fiktyf, al binne de rollen fan Shakespeare sels en ferskate oare personaazjes basearre op histoaryske figueren. Dêropta ferwize in protte rollen, teksten en ûntwikkelings yn 'e plot nei Shakepeare syn toanielstikken. Shakespeare in Love, dat oerset wurde kinne soe as "Shakespeare Fereale", wûn in grut tal prizen, wêrûnder trije BAFTA's (de wichtichste Britske filmpriis) en sân Oscars, û.o. foar de bêste film, bêste aktrise (Gwyneth Paltrow) en bêste byrol fan in aktrise (Judi Dench).
Plot
Yn it Londen fan 1593 is William Shakespeare in earme toanielskriuwer foar Philip Henslowe, de eigner fan 'e skouboarch The Rose. Hy wurket oan in nije komeedzje, Romeo en Ethel, de Seerôversdochter, mar mei't er lêst hat fan writer's block is er net by steat om dat toanielstik ôf te meitsjen. Likegoed begjint er mei audysjes foar de rol fan Romeo. In jongfeint dy't fan Thomas Kent hjit, kriget de rol nei't er yndruk op Shakespeare makke hat by syn audysje, en dêrby de toanielskriuwer flaaike hat mei syn leafde foar Shakespeare syn eardere stikken. It docht lykwols al gau bliken dat Kent eins Viola de Lesseps is, de dochter fan in begoedige keapman dy't o sa graach toanielspylje wol, mar har dêrfoar as man ferklaaie moat om't toanielspyljen yn 'e Elizabetaanske Tiid foar froulju ferbean is en alle frouljusrollen troch manlju en opslûpen jonges spile wurde.
Nei't Shakespeare har wiere identiteit ûntdutsen hat, begjinne hy en Viola temûk in hertstochtlike affêre. Hja fungearret foar him as in soarte fan muze, en hy kriget wer ynspiraasje om te skriuwen. Op advys fan syn kollega Christopher Marlowe, mei wa't er in freonlike rivaliteit ûnderhâldt, wurket Shakespeare it stik dêr't er mei dwaande is hielendal om ta wat de trageedzje Romeo en Julia wurde sil. Viola en hy witte lykwols dat harren leafde gjin lang libben beskern wêze sil, mei't Viola har âldelju foar har in houlik oan it beävensearjen binne mei Lord Wessex, in ealman dy't it jild fan 'e rike keapmansfamylje brek is. Boppedat is Shakespeare sels in troud man, al is er al tiden by de frou wei. As Viola ûntbean wurdt oan it Keninklik Hof, ferklaait Shakespeare himsels as in frou, en beselskippet er har as har nicht. Oan it hof bepraat er Wessex om der £50,— ûnder te ferwedzjen dat gjin toanielstik it wêzen fan 'e wiere leafde werjaan kin. As Romeo en Julia in súkses wurdt, sil Shakespeare as toanielskriuwer it jild winne. Keninginne Elizabeth I, dy't graach oer Shakespeare syn stikken mei, stimt der mei yn om tsjûge foar de weddenskip te wêzen.
Edmund Tilney, de Master of the Revels, in hofdignitaris dy't û.m. oer de skouboargen giet, wurdt it geroft trochdien dat der in frou diel útmakket fan it toanielselskip yn The Rose, en jout befel om dat teäter te sluten foar ûnseedlikheid. No't Romeo en Julia poadium noch haadrolspylster mear hat, liket it derop dat it nea opfierd wurde sil, oant Richard Burbage, de eigner fan 'e konkurrearjende skouboarch The Curtain Shakespeare syn seal oanbiedt. Shakespeare nimt sels de rol fan Romeo op him, wylst in opslûpen jonge de rol fan Julia spilet. Viola heart dat it stik opfierd wurde sil op har troudei, en nei de seremoanje giet se temûk nei de skouboarch ta. Krekt foar't de opfiering úteinsette sil, kriget de jonge dy't Julia spylje moat ynienen it burd yn 'e kiel. Op it lêste nipperke ferfangt Viola him, dy't dan dus in jonge spilet dy't in famke spilet. Viola en Shakespeare harren hertstochtlike werjefte fan 'e ferbeane minners Romeo en Julia lit it hiele publyk de siken stûkje.
Tilney arrivearret yn 'e skouboarch mei Wessex, dy't einlings begrepen hat wêr't syn nije breid hinne gien is. Tilney is fan doel en pak it hiele publyk op foar ûnseedlik hâlden en dragen, mar syn plan rint op 'e klippen as bliken docht dat de keninginne ûnder de taskôgers is. Hoewol't Elizabeth Viola werom ken, ûntmaskeret se har net, mar ferklearret se ynstee dat de rol fan Julia spile is troch Thomas Kent. It leit lykwols bûten de macht fan 'e keninginne om in wettich houlik te ûntbinen, dat se oarderet "Kent" om Viola op te heljen, sadat dy mei har man Wessex skip gean kin nei de koloanje Firginia. Elizabeth stelt fierders dat Romeo en Julia it wêzen fan 'e wiere leafde goed werjûn hat, en dat Wessex Shakespeare dus £50,— skuldich is, persiis it bedrach dêr't Shakespeare ferlet fan hat om in oandiel yn it foaroansteande toanielselskip de Lord Chamberlain's Men te keapjen. Dêrop draacht de keninginne Shakespeare op om 'e oare kear, foar trijekeningen, wat fleurigers te skriuwen.
Viola en Shakespeare nimme ôfskie, allebeide berêstend yn har lot. De film beslút as Shakespeare úteinset mei it skriuwen fan 'e komeedzje Trijekeningejûn, en him dêrby foarstelt dat syn leafste oanspielt op 'e kust fan in frjemd lân, nei't se skipbrek lit hat. Hy prakkesearret lûdop: "Want hja sil foar ivich myn heldinne wêze, en har namme sil wêze... Viola", in sterke jonge skipbreklinge dy't harsels ferklaait as in jongfeint (sjoch: Trijekeningejûn).
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
William Shakespeare | Joseph Fiennes |
Viola de Lesseps | Gwyneth Paltrow |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Philip Henslowe | Geoffrey Rush |
Lord Wessex | Colin Firth |
Ned Alleyn | Ben Affleck |
keninginne Elizabeth I | Judi Dench |
Edmund Tilney | Simon Callow |
Ralph Bashford | Jim Carter |
Richard Burbage | Martin Clunes |
Dr. Moth | Antony Sher |
de minne | Imelda Staunton |
Hugh Fennyman | Tom Wilkinson |
Wabash | Mark Williams |
Sam Gosse/Juliet | Daniel Brocklebank |
Lady De Lesseps | Jill Baker |
Will Kempe | Patrick Barlow |
John Webster | Joe Roberts |
de earste skipper | Simon Day |
Christopher 'Kit' Marlowe | Rupert Everett |
Produksje
It oarspronklike idee foar Shakespeare in Love foel senarioskriuwer Marc Norman oan 'e ein fan 'e tachtiger jierren al yn. Hy liet regisseur Edward Zwick in kladferzje fan it senario sjen, en doe't it nijs dêroer begûn te sirkulearjen, bea aktrise Julia Roberts oan om 'e rol fan Viola te spyljen. Zwick hie lykwols beswieren tsjin Norman syn senario, en hierde toanielskriuwer Tom Stoppard yn om it te ferbetterjen.
De film gie yn 1991, mei Zwick as regisseur, de produksjefaze yn by filmstudio Universal Studios, mar hoewol't de dekôrs en kostúms al makke waarden, wie de rol fan Shakespeare noch altiten iepen. Julia Robert hold út dat nimmen oars as Daniel Day-Lewis dy rol goed spylje koe, mar Day-Lewis hie gjin belangstelling foar de rol, en doe't Roberts him net oerhelje koe, loek sy har ek út it projekt werom. Dat wie seis wike foar't de opnamen begjinne soene. De produksje waard stillein, en Zwick, dy't mei it projekt begûn te suteljen, slagge it earst mar net om oare studio's der waarm foar te meitsjen.
Uteinlik toande Miramax Films belangstelling foar it senario, mar dy studio woe John Madden as regisseur hawwe. Miramax-direkteur Harvey Weinstein waard de produsint, en wist Hollywood-akteur Ben Affleck en de Britske Shakespeare-fertolkster dame Judi Dench te bepraten om lytse roltsjes yn 'e film te ferfoljen. Joseph Fiennes en Gwyneth Paltrow waarden oanlutsen om 'e haadrollen te spyljen. Uteinlik wie Shakespeare in Love yn 1998 klear, al waard de film noch flink oanpast nei de earste testfertoanings. Sa waard de sêne mei Shakespeare en Viola yn it boat op 'e nij filme om it emosjoneler te meitsjen, en fierders waarden guon tekstregels fannijs opnommen om 'e redens foar Viola har houlik mei Wessex te fertsjutskjen. De ein waard ûnderskate kearen feroare, oant Stoppard úteinlik betocht dat syn ôfskie fan Viola Shakespeare ynspirearje koe ta in nij toanielstik.
Prizen en nominaasjes
(Alle ûndersteande prizen waarden útrikt yn 1999 foar films makke yn 1998.)
Priis | Kategory | Foar | Resultaat |
---|---|---|---|
Oscar | bêste film | David Parfitt, Donna Gigliotti, Marc Norman, Harvey Weinstein en Edward Zwick | wûn |
bêste aktrise | Gwyneth Paltrow | wûn | |
bêste byrol fan in aktrise | Judi Dench | wûn | |
bêste art director | Martin Childs en Jill Quertier | wûn | |
bêst kostúmûntwerp | Sandy Powell | wûn | |
bêste filmmuzyk | Stephen Warbeck | wûn | |
bêste oarspronklike senario | Marc Norman en Tom Stoppard | wûn | |
bêste rezjy | John Madden | nominearre | |
bêste byrol fan in akteur | Geoffrey Rush | nominearre | |
bêste sinematografy | Richard Greatrex | nominearre | |
bêste filmeditor | David Gamble | nominearre | |
bêste fisazjy | Lisa Westcott en Veronica Brebner | nominearre | |
bêste lûd | Robin O'Donoghue, Dominic Lester en Peter Glossop | nominearre | |
BAFTA | bêste film | David Parfitt, Donna Gigliotti, Marc Norman, Harvey Weinstein en Edward Zwick | wûn |
bêste byrol fan in aktrise | Judi Dench | wûn | |
bêste filmeditor | David Gamble | wûn | |
bêste rezjy | John Madden | nominearre | |
bêste haadrol fan in aktrise | Gwyneth Paltrow | nominearre | |
bêste haadrol fan in akteur | Joseph Fiennes | nominearre | |
bêste byrol fan in akteur | Geoffrey Rush | nominearre | |
bêste byrol fan in akteur | Tom Wilkinson | nominearre | |
bêste sinematografy | Richard Greatrex | nominearre | |
bêste oarspronklike senario | Marc Norman en Tom Stoppard | nominearre | |
bêste fisazjy en hierstyl | Lisa Westcott | nominearre | |
bêste lûd | Robin O'Donoghue, Dominic Lester, Peter Glossop en John Downer | nominearre | |
Anthony Asquith Award foar bêste filmmuzyk | Stephen Warbeck | nominearre | |
bêste kostúmûntwerp | Sandy Powell | nominearre | |
bêste produksje-ûntwerp | Martin Childs | nominearre | |
Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn | Goudene Bear | David Parfitt, Donna Gigliotti, Marc Norman, Harvey Weinstein en Edward Zwick | nominearre |
Sulverne Bear | Marc Norman en Tom Stoppard | wûn | |
Directors Guild of America Award | útsûnderlike rezjyprestaasje yn in film | John Madden | nominearre |
Golden Globe | bêste film (musical of komeedzje) | David Parfitt, Donna Gigliotti, Marc Norman, Harvey Weinstein en Edward Zwick | wûn |
bêste aktrise yn in film (musical of komeedzje) | Gwyneth Paltrow | wûn | |
bêste senario | Marc Norman and Tom Stoppard | wûn | |
bêste regisseur | John Madden | nominearre | |
bêste byrol fan in akteur (film) | Geoffrey Rush | nominearre | |
bêste byrol fan in aktrise (film) | Judi Dench | nominearre | |
Screen Actors Guild Award | útsûnderlike prestaasje fan in cast yn in film | de hiele cast | wûn |
útsûnderlike prestaasje fan in akteur yn it haadrol | Joseph Fiennes | nominearre | |
útsûnderlike prestaasje fan in aktrise yn it haadrol | Gwyneth Paltrow | wûn | |
útsûnderlike prestaasje fan in akteur yn it byrol | Geoffrey Rush | nominearre | |
útsûnderlike prestaasje fan in aktrise yn it byrol | Judi Dench | nominearre | |
Writers Guild of America Award | bêste oarspronklike senario | Marc Norman en Tom Stoppard | wûn |
New York Film Critics Circle Award | bêste senario | Marc Norman en Tom Stoppard | wûn |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |