Seksuele opwining is in gefoel fan seksuele begearte ûnder of foarútrinnend op seksuele aktiviteit. Dêrby dogge har in stikmannich fysiologyske feroarings yn it minsklik lichem foar as tarieding op it bedriuwen fan geslachtsmienskip. Feroarings oangeande de geslachtsorganen binne it meast opfallend. Men moat yn dat ramt by manlju tinke oan it krijen fan in ereksje en it produsearjen fan foarfocht, en by froulju fan it hurd wurden fan 'e spiennen, it opsetten fan 'e fagina en klitoris en it produsearjen fan faginaal focht. Ek mentaal dogge har feroarings foar, dy't feroarsake wurde trochdat it lichem beskate hormoanen oanmakket.
Seksuele opwining omfiemet ferskate stadia fan tanimmende opwining. It is mooglik dat dit úteinlik net liedt ta eigentlike seksuele aktiviteit dy't fierder giet as mentale opwining en de fysiologyske feroarings yn it lichem dy't dêr mank mei geane. Dat kin wêze om't ien of beide partners op it lêste momint ôfsjogge fan dy seksuele aktiviteit, of om't se ûnderbrutsen wurde ear't it dêrta komme kin. As seksuele opwining by minsken mank giet mei genôch seksuele stimulaasje, kin der in hichtepunt berikt wurde yn 'e foarm fan in orgasme. Seksuele opwining kin lykwols ek oangenaam wêze en mei opsetsin socht wurde sels as yn 't foar dúdlik is dat der gjin sprake wêze sil fan in orgasme.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |