De sekretaris-generaal of siktaris-generaal fan de NAFO (yn it Ingelsk: Secretary General of NATO) is de foarsitter fan de Noardatlantyske Ried (North Atlantic Council), it heechste bestjoersorgaan fan de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO). De funksje fan sekretaris-generaal hat ta doel it algemien fertsjinwurdigjen fan de NAFO.
Dizze heechste boargerfunksje fan de NAFO wurdt tradisjoniel beklaaid troch in Jeropeaan, wylst de heechste militêre funksje beklaaid wurdt troch in Amerikaan.
Sekretaris-generaal
Namme | Ofbyld | Lân | Termyn |
---|---|---|---|
Lord Ismay | Feriene Keninkryk | 4 april 1952 - 16 maaie 1957 | |
Paul-Henri Spaak | Belgje | 16 maaie 1957 - 21 april 1961 | |
Dirk Stikker | Nederlân | 21 april 1961 - 1 augustus 1964 | |
Manlio Brosio | Itaalje | 1 augustus 1964 - 1 oktober 1971 | |
Joseph Luns | Nederlân | 1 oktober 1971 - 21 juny 1984 | |
Peter Carington | Feriene Keninkryk | 25 juny 1984 - 1 july 1988 | |
Manfred Wörner | Dútslân | 1 july 1988 - 13 augustus 1994 | |
Sergio Balanzino | Itaalje | 13 augustus 1994 - 17 oktober 1994 | |
Willy Claes | Belgje | 17 oktober 1994 - 20 oktober 1995 | |
Sergio Balanzino | Itaalje | 20 oktober 1995 - 5 desimber 1995 | |
Javier Solana | Spanje | 5 desimber 1995 - 6 oktober 1999 | |
George Robertson | Feriene Keninkryk | 14 oktober 1999 - 1 jannewaris 2004 | |
Jaap de Hoop Scheffer | Nederlân | 1 jannewaris 2004 - 1 augustus 2009 | |
Anders Fogh Rasmussen | Denemark | 1 augustus 2009 - 1 oktober 2014 | |
Jens Stoltenberg | Noarwegen | 1 oktober 2014 - no |
Plakferfangend sekretaris-generaal
Namme | Lân | Termyn |
---|---|---|
Henry van Vredenburch | Nederlân | 1952-1956 |
Adolph Bentinck van Schoonheten | Nederlân | 1956-1958 |
Alberico Casardi | Itaalje | 1958-1962 |
Guido Colonna di Paliano | Itaalje | 1962-1964 |
James A. Roberts | Kanada | 1964-1968 |
Osman Olcay | Turkije | 1969-1971 |
Paolo Pansa Cedronio | Itaalje | 1971-1978 |
Rinaldo Petrignani | Itaalje | 1978-1981 |
Eric da Rin | Itaalje | 1981-1985 |
Marcello Guidi | Itaalje | 1985-1989 |
Amedeo de Franchis | Itaalje | 1989-1994 |
Sergio Balanzino | Itaalje | 1994-2001 |
Alessandro Minuto Rizzo | Itaalje | 2001-2007 |
Claudio Bisogniero | Itaalje | 2007-2010 |
Hüseyin Diriöz | Turkije | 2010- no |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory NATO Secretaries General fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.