Stryp (Midslânsk: Striep; Nederlânsk: Striep, foarh. ek Seerijp, Zeerijp, Surijp of Zurijp) is in doarp yn de gemeente Skylge. Stryp leit besúdeasten Midslân oan in waaddyk. Op 1 jannewaris 2005 wennen der 22 minsken yn it plakje. Stryp is boud by in âlde ôfwetteringsslûs yn de Waaddyk. Dy slûs is yn 1948, by de ruilferkaveling, fuort helle.
Stryp is de âldste delsetting fan Skylge. Hy bestie al yn de midsiuwen en wie it wenplak fan de adel fan it eilân. Yn 1545 waard der in lyts kastieltsje boud, yn bûtenferbliuw fan Kornelis II fan Bergen, de hear fan Skylge en It Gryn tusken 1529 en 1560. Letter wennen de greven fan Arenberg yn it hûs.
De lokale namme Striep ferwiist nei in âlde delsetting op Skylge. Dy delsetting hat oan de westkante fan Stryp lein. In oerbliuwsel fan dat plakje is it Strypstertsjerkhôf, súdwestlik fan Midslân. Neffens ûndersyk dat dien is op it tsjerkhôf, moat dêr in houten tsjerke stien hawwe om 850 hinne. Op it tsjerkhôf binne de âldste resten fan bewenning ûntdutsen fan Skylge. Letter waard op it Strypstertsjerkhôf in tsjerke fan stien boud, de Sint Martenstsjerke. Dy tsjerke is yn 1569 yn de brân stutsen troch de wettergeuzen, de toer is letter, yn 1603 ynstoarten. Sûnt dat jier is it Strypstertsjerkhôf in grêfhichte, dêr't oant 1916 ta noch yn begroeven waard. It tsjerkhôf hat ek lang it begraafplak west fan West-Skylge, omdat it âlde tsjerkhôf fan dat plak yn see ferdwûn is.
Súdlik fan Stryp leit de âlde polder It Nijlân, ek wol de Stryper Polder. Dy polder, út 1602, is troch in âlde waaddyk fan de Skylger polder skieden. De diken fan de polder binne letter tal fan kearen trochbrutsen, foar it lêst yn 1825. It Pônswiel, in lyts marke dat oan de noardkante fan de âlde dyk leit, is in oerbliuwsel fan ien fan de dyktrochbrekkings.
Strypster Wyfke
It tsjerkhôf fan Stryp is nau besibbe mei de sêge oer it Strypster Wyfke. It ferhaal fertelt oer de ynfal fan de Ingelske float op Skylge yn 1666. De Ingelsken stutsen doe West-Skylge yn de brân en lutsen troch nei de eastkante fan it eilân. Yn de reek en de dize fan it fjoer seagen se yn de fierte in grêfheuvel mei wat sarken. In frommeske út de buert, ferneamd ûnder de namme it Strypster Wyfke, die de útspraak "Se stiene der by hûnderten, en lizze der by tûzenen". Neffens de sêge mienden de Ingelsken dat der in fijanlik leger lei en gongen werom. It Strypster Wyfke hat sa it easten fan Skylge fan plondering en brânstifting rêden. Letter is der in stânbyld fan it wyfke set, dat stiet oan de haaddyk fan Skylge.
- buordsje ûnder it byld
- Strypstertsjerkhôf
- Strypster Wyfke