See fan Azov
geografy
type wetterbinnensee
lokaasjetusken de Krim, it fêstelân fan
   de Oekraïne en de Koeban
lân de Oekraïne
Ruslân
koördinaten46° N, 37° E
ûnderdiel fanSwarte See
sifers
maks. lingte360 km
maks. breedte180 km
oerflak39.000 km²
djiptegemiddelde7 m
djipste punt14 m
wetterfolume290 km³

De See fan Azov (Oekraynsk: Азовське море, Azovs'ke More; Russysk: Азовское море, Azovskoje More; Krimtataarsk: Azaq deñizi; Sirkassysk: Хы мыутӏэ, Xı mıut’ə) is in part fan de Swarte See, dat oan de súdkant fan it oare part fan dy see skieden wurdt troch de Strjitte fan Kertsj. Yn it westen leit Krim, de noardkust is ek Oekraynsk gebiet, en de eastlike igge is Ruslân.

De rivier de Don mûnet yn de see yn it noardeasten fia de tige ûndjippe Golf fan Taganrog. By de delta fan de Don leit de stêd Azov, dêr't de see nei neamd is. Yn it súdeasten mûnet de Koeban yn de See fan Azov.

De See fan Azov is mei in trochsneed djipte fan 13 meter de meast ûndjippe see fan de wrâld. Ut reden dêrfan kin de wettertemperatuer simmerdeis oprinne nei 25 oant 30 °C, yn de winter friest er twa oant fjouwer moanne ticht. It sâltgehalte is trochsneed 11 ‰; yn it noarlik part mar 2 oant 4 ‰ troch de ynstream fan swiet wetter fan de Don.

Neist de fiskerij is it toerisme yn de kontrei fan ekonomysk belang. De see hat moaie, flakke sânstrannen.

De See fan Azov komt al op in Foenisyske wrâldkaart út de 7e iuw f.Kr. foar ûnder de namme "Meat".

De iisbrekker Captan Demidov yn de See fan Azov
De steur is kommersjeel wichtich yn de See fan Azov

Keppeling om utens


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.