See-earnen
Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus)
Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus)
Taksonomy
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
rangleas:bitterfûgels (Afroaves)
skift:haukeftigen (Accipitriformes)
famylje:haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje:see-earnen (Haliaeetinae)

De see-earnen (Haliaeetinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels of haukeftigen út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). De ûnderfamylje hat mar ien skaai en 10 soarten.

De see-earnen libje by it wetter fan seeën, marren en rivieren. Harren haadfiedsel is fisk en dêrom wurde se ek wol 'fiskearnen' neamd, foaral at se net sa ticht by de seeën of oseanen libje, sa as de Afrikaanske see-earn of 'Afrikaanske fiskearn'. Se binne grutte oant tige grutte fûgels mei in lichemslingte fan 60-100 cm en in wjukspanwiidte fan 160-290 cm. De lytste see-earn is de Madagaskarsee-earn en de grutste de reuzesee-earn. De see-earnen hawwe tige brede wjukken, in betreklik koarte, kilige, meast wite sturt en in grutte krêftige snaffel.

Taksonomy

De see-earnen steane it tichtst by de gleeën (Milvinae) en de mûzebiters (Buteoninae) yn de famylje fan de haukfûgels. Soms wurde de trije groepen dêrum ta deselde ûnderfamylje rekkene.

  • Ûnderfamylje: see-earnen (Haliaeetinae)
    • Skaai: (Haliaeetus), 10 soarten:
      • wytbûksee-earn (Haliaeetus leucogaster)
      • Salomonssee-earn (Haliaeetus sanfordi)
      • Afrikaanske see-earn (Haliaeetus vocifer)
      • Madagaskarsee-earn (Haliaeetus vociferoides)
      • wytbânsee-earn (Haliaeetus leucoryphus)
      • see-earn of goesearn (Haliaeetus albicilla)
      • Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus)
      • reuzesee-earn (Haliaeetus pelagicus)
      • lytse see-earn (Haliaeetus humilis)
      • griiskopsee-earn (Haliaeetus ichthyaetus)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.