Seamus Heaney | ||
skriuwer | ||
Seamus Heaney (2009) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Seamus Justin Heaney | |
nasjonaliteit | Iersk | |
berne | 13 april 1939 | |
berteplak | County Derry | |
stoarn | 30 augustus 2013 | |
stjerplak | Dublin | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Poëzy | |
jierren aktyf | 1966–2013 |
Seamus Justin Heaney (de pleats Mossbawn tusken Castledawson en Toomebridge, County Derry (Noard-Ierlân), 13 april 1939 – Dublin, 30 augustus 2013 ) wie in Noardiersk dichter, toanielskriuwer, fertaler en winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer. Hy wenne yn Dublin.
Hy ferlear syn âlden op jonge jierren en waard grutbrocht by syn omke en muoike. Yn 1963 waard er learaar Ingelsk oan St. Joseph's College yn Belfast.
Under Philip Hobsbaum (1932–2005) folge er dêre in poëzyworkshop, wêrnei't er út ein sette mei de skriuwerij. Under it pseudonym Incertus publisearre er wurk yn universiteitstydskriften. Yn 1966 ferskynde syn earste wurk, Death of a Naturalist. Dêrfoar krige er de E.C. Gregory Award, de Cholmondeley Award (1976), de Somerset Maugham Award (1968) en de Geoffrey Faber Memorial Prize (1968).
Dêrnei folgen hûnderten publikaasjes.
Heaney krige 1995 de Nobelpriis foar de Literatuer.
Publisearre poëzij
- Eleven Poems (1965)
- Death of a Naturalist (1966)
- Door into the Dark (1969)
- Wintering Out (1972)
- Stations (1975)
- North (1975)
- Field Work (1979)
- Selected Poems 1965-1975 (1980)
- Station Island (1984)
- The Haw Lantern (1987)
- Follower (1989)
- New Selected Poems 1966-1987 (1990)
- Seeing Things (1991)
- The Spirit Level (1996)
- Opened Ground: Poems 1966-1996 (1998)
- Electric Light (2001)
- District and Circle (2006)
- Human Chain (2010)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Seamus Heaney fan Wikimedia Commons. |