Lokaasje fan it Sealterlân.

De Sealterfriezen hearre ta de eastlike groep Friezen. Harren taal is it lêst libbene dialekt fan it eardere Eastfrysk. It Sealterfrysk (koart: Sealtersk) wurdt ta it Iemsfrysk rekkene.

De Sealterfriezen wenje yn de gemeente Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Aldenboarch, sa'n fyftich km fan Nijeskâns ôf. De gemeente Sealterlân, dy't in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta it bestjoerlike distrikt Kloppenboarch.

Sa likernôch om 1200 hinne wurdt it Sealterlân fan Friezen út East-Fryslân bewenne. Nei ferskate stoarmfloeden moasten hja harren lân ferlitte. Yn maaie 1400 ûndertekenje de Sealterfriezen mei oare East-Fryske kriten in ferdrach mei de Hânze, om de Likedielers (opfolgers fan de Fiktaaljebruorren) tenei gjin help mear te jaan. It Sealterlân is dêrmei in ûnderdiel wurden fan de Sân Fryske seelannen. Yn in oarkonde út dy tiid jouwe de Sealterfriezen ek oan dat se by de bewenners fan de Sân seelannen hearre.

Der is gjin fêste definysje fan in "Sealterfries". Ornaris binne it de Fryskpraters fan it Sealterlân. Net Frysktalige minsken kinne ek ta de Sealterfriezen rekkene wurde. De ynwenners dy't gjin Frysk prate binne minsken dy't de taal net leard hawwe fan heit en mem, of ymport binne út in oar gebiet/lân wei. It wurdsje Sealterfries is in juridysk iepen begryp yn Dútslân. Dêrtroch kin elkenien, dy't him sa oppenearret, in Sealterfries wêze.

Mei it leauwen ferskille de Sealterfriezen fan oare Friezen. Fanâlds binne de Sealterfriezen roomsk. Yn de tiid fan de reformaasje keazen de minsken foar it protestantisme, mar troch it Bisdom Münster waard it gebiet nei de Westfaalske Frede wer katolyk.

De kulturele belangen fan de Sealterfries en it beskermjen fan de taal nimt de Sealtersk Bûn op syn noed. It bûn hat yn syn wapen net allinnich it segel fan it Sealterlân mei de ôfbylding fan Karel de Grutte, mar ek it motyf fan de flagge fan de provinsje Fryslân. Dêrmei jouwe se de kulturele bining mei de oare Fryske lannen oan. Yn de Fryske Rie is it Sealterlân mei oare East-Fryske gebieten fertsjintwurdige yn de Seksje East.

Om't Dútslân, sûnt de Twadde Wrâldoarloch, net langer befolkingsoantallen of sosjaalekonomyske gegevens op etnyske grûnslach sammelet, kin de omfang fan de Saterlandse minderheid yn Dútslân inkeld rûsd wurde. Op basis fan de taalbehearsking wurdt it tal Saterfriezen tusken de 1500 en 2500 minsken rûsd. [1][2][3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Annette Heese: Das Saterland - Ein Streifzug durch die Geschichte Gemeinde Saterland, Saterland 1988, ISBN 3-9801728-0-5
  • Hanne Klöver: Spurensuche im Saterland: Ein Lesebuch zur Geschichte einer Gemeinde friesischen Ursprungs im Oldenburger Land, SKN Druck & Verlag GmbH & Co., Saterland 1998, ISBN 3-928327-32-1
  • Saterfriesisches Volksleben: Texte u. Zeugnisse aus d. fries. Saterland mit hochdt. Übers. / Marron C. Fort [Hrsg.]. Rhauderfehn: Ostendorp, 1985, ISBN 3-921516-42-0
  • Saterfriesische Stimmen: Texte und Zeugnisse aus d. fries. Saterland mit hochdt. Übers. / Marron C. Fort [Hrsg.]. Rhauderfehn: Ostendorp, 1990, ISBN 3-921516-48-X
  1. Horst H. Munske et al. (Hrsg.): Handbuch des Friesischen. Tübingen 2001, s. 410
  2. Dieter Stellmacher: Das Saterland und das Saterländische. Oldenburg 1998
  3. Op grûn fan sifers fan it lânsregear fan Sleeswyk-Holstein (2010).
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.