Sealter Ie, 1931
Sealter Ie, 1931
Marka en Oaje rinne yninoar oer ta de Sealter Ie op it wapen fan Näiskäddel

De Sealter Ie (Sealtersk: Seelter Äi, Dútsk: Sagter Ems of Sater Ems) is in lyts rivierke yn Dútslân. It hat syn namme te tankjen oan it gebiet dêr’t it rivierke trochhinne streamt: Sealterlân.

Rin

Sa’n pear hûndert meter besuden fan it Sealterlân rinne de streamkes Marka en Oaje yninoar oer en foarmje dan de Sealter Ie. Fan dêrôf giet it noardlik de kant fan Sealterlân op. De rivier giet troch Sealterlân hinne en komt by de plakken Seedelsbierich, Skäddel, Roomelse, Strukelje en Boukeläsk del. By it buorskip Roggenboarch komt de rivier út yn it Elisabethfeankanaal en it Barsseler Djip. Uteinlik komme dy rivieren tegearre út yn de Leda, in sydrivier fan de Iems.

Trochdat de Iems úteinlik yn de Noardsee útkomt is yn de Sealter Ie in lytse foarm fan tij te fernimmen.

Skiednis

De skiednis fan Sealterlân is nau besibbe mei de Sealter Ie. Oant de 19e iuw wie Sealterlân, dat hielendal tusken moerassen yn lei, allinnich fia dy rivier te berikken. It wie de ienichste ferbining mei it lân deromhinne. Mei trochdat de rivier de ienichste wei nei Sealterlân wie, is it Sealtersk relatyf sa goed bewarre.

Yn de midsiuwen foarme de Sealter Ie de hannelsrûte tusken de Noardseekust en it efterlân fan Westfalen.

Hjoed-de-dei is de Sealter Ie in rivier dy’t in protte troch wettersporters brûkt wurdt. By Roomelse kinne sportboaten gebrûk meitsje fan de rivier, de breedte fan de rivier leit hjir tusken de 16 en 20 meter. By Strukelje en Boukeläsk lizze lytse havens fan wettersportferienings. Yn Strukelje kinne kano’s en kajakken hierd wurde. Fan dêr ôf kinne toeristen in ferskaat oan rûten nimme.

Ek wurdt der in protte oan fiskerij dien. Yn de Sealter Ie swimt in ferskaat oan fisken. Bygelyks iel, brazems, bearzen, mûdhûnen en wytfisken. Sûnt inkele jierren swimme ek forellen en de salm wer yn de stream. Dy binne útset troch de fiskersferienings yn it gebiet.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.