Schoonhoven | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Súd-Hollân |
Gemeente | Krimpenerwaard |
Sifers | |
Ynwennertal | 13.230 (2021) |
Oerflak | 6,96 km² lân 6,29 km² wetter 0,67 km² |
Befolkingstichtens | 1.901 ynw./km² |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Side Schoonhoven |
Schoonhoven is in stêd en in eardere gemeente yn Súd-Hollân. De gemeente hat in 12.000 ynwenners (2009) en in oerflakte fan 6,96 km² (dêrfan 0,67 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze ek de doarpskearnen fan de eardere gemeente Willige Langerak en in diel fan de buorskip Bovenberg.
Lizzing
Schoonhoven leit benoarden de Lek en der is in pont foar auto's en fytsen. De stêd hat in skildereftich sintrum mei smelle grêften en in soad grien. Schoonhoven is bekend troch syn sulversmidden en sulveryndustry.
Skiednis
Schoonhoven waard yn 1247 foar it earst neamd as Sconhouen. Yn 1280 krige Schoonhoven stedsrjochten. Yn 1375 en in july 1518 wienen der grutte stedsbrannen. Yn 1575 waard Schoonhoven ferovere troch de Hartoch fan Alva, dy't lykwols twa jier letter hiel Hollân opjoech.
Al yn de 17e iuw wienen der bekende sulversmidden. Schoonhoven hat anno 2009 noch in ynternasjonale Sulverskoalle. De stêd stiet dan ek bekend as de Sulverstêd.
Per 1 jannewaris 2015 gie de gemeente Schoonhoven mei fjouwer oare gemeenten op yn 'e nije fúzjegemeente Krimpenerwaard.
It besjen wurdich
- It Nederlânsk Goud-, Sulver- en Klokkemuseum.
- De 17e-iuwske Fearpoarte.
- It stedhûs fan Schoonhoven hat in 50 klokken tellend klokkespul. It oarspronklik yn goatyske styl útfierde gebou komt út de 15e iuw mar waard by restauraasjes yn 1776 en 1927 sterk wizige, wêrtroch fan it oarspronklike karakter net folle oer is.
- De Grutte- of Bartoloméustsjerke. Yn 1775 waard in kanon, dat Olivier fan Noort oan de stêd skonken hie, omraand ta inkele klokken dy't tsjinst dogge yn it klokkespul fan it stedhûs. De grutste klok hat as ynskripsje: Myn schor geloey op reys, voor dapperen van Noort, klinkt na een lange rust, thans in een fray akkoort.. Hoewol't yn in artikel oer Olivier fan Noort op de webside fan it streekargyf Midden Hollân sprutsen wurdt oer it klokkespul fan de tsjerke blykt it oer it klokkespul fan it stedhûs te gean.
- Yn de 18e-iuwske eardere synagoge sit, ûnder de namme Edelambachtshuys, in museum foar Schoonhoven sulverwurk.
- It Stedsnôtpakhûs, in 16e-iuwsk pakhûs foar nôtopslach.
Berne of opgroeid yn Schoonhoven
- Jan fan Schoonhoven (±. 1356), skriuwer
- Marigje Arriens (± 1527), krûdewyfke, as heks ferbaarnd yn 1591
- Reinier de Graaf (1641), dokter en anatoom
- Johannes Hazeu Cornelisz (1755), skriuwer
- Servaas de Bruin (1821), skriuwer
- Gert van de Lagemaat (1947), sologitarist fan Beautiful Garden (1970-1973)
- Kees Koudstaal (1 april 1959), fuotballer fan DS'79, 1ste difyzje en earedifyzje
- Helga van Leur (8 septimber 1970), waarfrou
- Chantal de Bruijn (13 febrewaris 1976), hockeyynternasjonal
- Kurt van de Nes (24 augustus 1968), triatleet
- Jamai Loman (30 juny 1986) winner earste edysje fan Idols op RTL 4
- Jan Arie van der Heijden (3 maart 1988), fuotballer fan Ajax, jeugdynternasjonal
Ferskaat
- Yn de jierren tachtich fan de foarrige iuw waarden ûnder mear ôfleveringen foar it berneprogramma Bassie en Adriaan yn de stêd opnomd.
- It berneprogramma Villa Achterwerk waard oant ein jierren njoggentich yn it sintrum fan de stêd opnomd. Yn 2005 kaam it programma werom yn Schoonhoven, op in oare lokaasje yn it sintrum.
- It stedhûs
- De Fearpoarte
- Foarhaven (efteroansjoch)
- De wettertoer