De Schlei (Deensk: Slien) is in sydearm fan de Eastsee yn Sleeswyk-Holstein. Guonts neame it in fjord, mar syn ûnteansskiednis is net dúdlik.
De Schlei mûnet út by it Loadseneilân (Lotseninsel) by Kappeln, en begjint sa'n 42 km it lân yn by de stêd Schleswig. De trochsneed breedte is 1,3 km en de djipte is 3 meter. It totale wetteroerflak is 54,6 km² en it folume 163,8 miljoen m³. It wetter is trochstrings brak, sâlt by de mûning oant swiet by Schleswig.
Sûnt oktober 2008 is de regio rûnom de Schlei in offisjeel natuerpark.
Ofbylden
- De Schlei by Arnis.
- De Schlei by Sleeswyk.
- De Schlei by Lindaunis, mei de Lindaunisbrêge.
- Skipfeart by Kappeln
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schlei fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.