Schildwolde
Tsjerke fan Schildwolde mei de Juffertoer
Tsjerke fan Schildwolde mei de Juffertoer
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal1.685 (2021)[1]
Oerflak2,82
Befolkingsticht.598
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 14' NB, 6° 49' EL
Kaart
Schildwolde (Grinslân)
Schildwolde

Schildwolde (Grinslânsk: Schewôl) is in doarp yn de gemeente Midden-Grinslân yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It leit yn it ferlingde fan Slochteren, op deselde sânrêch. Schildwolde hearde fanâlds by it gebiet Duerswâld.

Skiednis

Stifting en namme

Schildwolde is ûntstien om de tsiende iuw hinne as in heechfeanûntginning lâns de Fivel. Hjir leit ek de wierde fan Hooghammen, dy't mooglik al út de njoggende iuw datearret. Tsjerklik wie it doarp ferbûn mei it dekanaat Loppersum, oars as it buordoarp Hellum, dat ûnder Farmsum foel.

Schildwolde wurdt foar it earst koart foar it jier 1000 skreaun as Scelduualda, yn de alfte iuw as Scalduuualda. De 'Kroniek van Bloemhof' neamt yn 1204 de parochy oan it Skyld (parochia Skeldense), letter Skeldwalda of Sceldwald. De namme komt fan it Aldfryske *scald 'sompich lân mei de útgong -uualda 'wyldernis, moeraslân'. In diel fan de doarpen Schildwolde en Hellum - mooglik it âldste diel - lei oan de noardkant fan de Skyldmar en it Schildmaar en waard dêrom Extra Scaldmeda (healannen - mieden - oan de oare kant fan it Skyld) neamd. Dat is grif de omjouwing fan De Hammen, Luddeweer, De Paauwen, Graauwedijk en Overschild, dêr't yn de fyftjinde iuw noch fersprate bewenning wie. Dizze streek waard ek wol Ickingeburen neamd. Om 1470 waard ûnderskied makke tusken lannen dy't bûten en binnen de Schylt leine, dat is benoarden en besuden it Schildmaar en de Skyldmar; yn 1544 wie sprake fan lannen over den Schylt.

It gebiet benoarden it Schildmaar (de lettere Overschildjerpolder) hie fan de ein fan de midsiuwen ôf te krijen mei in soad wetteroerlêst en bleau dêrtroch oant healwei de njoggentjinde iuw foar it grutste part ûnbewenne. Dat jildt ek foar de leech lizzende stikken oan de súdkant fan it maar, dêr't inkele feanmarkes of meerstallen as it Dannemeer en it Schattersmeer ûntstiene. Njoggentjinde-iuwske kadasterkaarten toane fiif fan soksoarte markes lâns de Schildwoldermeenteweg, dy't wyls ta sompelân wurden wiene.

De bewenning ferhuze al gau nei de hege sânrêch dêr't it hjoeddeiske doarp Schildwolde op leit. Dêr lizze fjouwer of fiif bewenningslinten efter elkoar. It âldste bewenningslint bestie út de fersprate bebouwing yn de buorskippen Denemarken en Uiterburen (Zandjerpolder). Dêr efter leit de bebouwing yn de buorskip De Zanden. De hjoeddeiske buorren mei de tsjerke slút oan by it doarpslint fan 't Klooster mei de (Schildwolder- of Groenedijk). It súdwestlike diel fan it doarp is dêrnei op 'e nij ferpleatst yn de rjochting fan de hjoeddeistige Hoofdstraat oan de súdkant fan de tsjerke. Noch fierder efterút leit de bebouwing oan it Padje by de Geertsemaheerd, yn it ferlingde fan Slochteren, en inkelde fersprate pleatsen benoarden dêrfan. De folchoarder fan dy delsettings liket der op te wizen dat it oanmeitsjen en ûntwettering fan it heechfean fan súd nei noard barde, wêrby't de âldste delsettings it earst nei hegere plakken ferhuze binne.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schildwolde fan Wikimedia Commons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Midden-Grinslân
Doarpen:
Borgercompagnie (foar in part) • Foxhol • Froombosch • HarkstedeHegesân • Hellum • Kiel-Windeweer • KolhamKropswolde • Luddeweer • MeedenMuntendamNoardbroek • Overschild • Sappemeer • Scharmer • SchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroek • Tripscompagnie (foar in part) • Tjuchem • Waterhuizen • Westerbroek • Woudbloem
Utbuorrens & buorskippen:
Achterdiep • Beneden Veensloot • Blokum • Borgweg (foar in part) • Bokhörn • Boven Veensloot (foar in part) • Bovenstreek • Denemarken • Duurkenakker • Eelshuis • Foxham • Foxholsterbosch • Gaarland • Gaarveen • De Hammen • Heidenschap • Jagerswijk • Kalkwijk • Klein Harkstede (foar in part) • Kleinemeer • Korengarst • Kostverloren • Lageland • Langewijk • Lula • Martenshoek • Medumertol • Nieuwe Compagnie • Noordbroeksterhamrik • Oostwold • Oude Verlaat • De Paauwen • Roeksweer • Ruiten • Schaaphok • Siddebuursterveen • Spitsbergen •Stootshorn • Tusschenloegen • Tussenklappen • Uiterburen • Het Veen • 't Veen • Westeind • Wilderhof • Windeweer • Wolfsbarge • Zandwerf
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.