In savanne is in tropysk of subtropysk greidlânskip mei ferspraat foarkommende beamte. Yn in savanne is gers de meast foarkommende fegetaasje mingd mei krûden. Yn de tuskenbeiden sône wurde lyksoartige gebieten meastentiids oantsjutten mei oare nammen: steppe, pampa, prêry, bosksteppe, woastynsteppe.
It hiele jier troch hearsket der in hege (of teminsten frij hege) temperatuer. De delslach bedraacht 50-150 sintimeter jiers (dat soe yn tuskentroch streken foldwaande wêze foar in tichte bosk, mar net yn tropyske en subtropyske gebieten mei in folle hegere ferdamping). Der is ôfwikseljend in wiet en drûch seizoen.
It wurd "savanne" is ôfkomstich út Súd-Amearika, mar wurdt tsjintwurdich meast brûkt foar de savannes fan Afrika (en ek wol dy fan Austraalje en Yndia). Yn de Afrikaanske savanne komme in nea benei te kommen ferskaat oan grutte sûchdieren foar: oaljefanten, noashoarns, liuwen, kafferbuffels, siraffen en talleaze soarten antilopen.
Der kinne trije ferskate typen savannes ûnderskieden wurde: fochtige, drûge en stikelich strewelleguod savannen:
fochtige savanne | drûge savanne | stikelstrewellesavanne | |
---|---|---|---|
Foarkommen | Afrika, Aazje, Austraalje, Yndia, Súd-Amearika | Afrika, Aazje, Austraalje | Afrika, Aazje, Meksiko, Súd-Amearika |
Klimaat | 7-8 moanne mei delslach | 4,5–7 moanne mei delslach | 2-4 moanne mei delslach |
Jierlikse delslach | 1000–1500 mm | 500–1000 mm | 250–500 mm |
Plantegroei | oant 2 m hege, it hiele jier troch griene gerzen, iepen bosk fan de fochtige savanne, galerybosken lâns de rivieren, ikkerbou sûnder irrigaasje | boarsthege gerzen, ferspriede beammen | oant 30 cm hege gerzen, stikelich strewelleguod |