Savannah
Emblemen
           
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Georgia
CountyChatham County
Sifers
Ynwennertal145.674 (2015)
Oerflak281,5 km² (ynkl. wetter)
267,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.510,1 / km²
Stêdekloft379.199 (2015)
Hichte15 m
Oar
Stifting1733
TiidsôneUTC –5
SimmertiidUTC –4
Koördinaten32°04′52″N 81°05′28″W
Offisjele webside
www.savannahga.gov
Kaart
De lizzing fan Savannah yn Chatham County en yn 'e steat Georgia.

Savannah (útspr.: [sǝ'vænǝ], likernôch: "suh--nuh") is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Georgia en it haadplak fan it omlizzende Chatham County. It is in havenstêd dy't yn it súdeasten fan 'e steat leit, oan 'e mûning fan 'e rivier de Savannah en de kust fan 'e Atlantyske Oseaan. Savannah waard yn 1733 tagelyk mei de Britske Koloanje Georgia stifte, en is dêrmei it âldste plak fan 'e steat. It stiet benammen bekend om syn histoaryske binnenstêd. Neffens in offisjele skatting út 2015 hie de stêd doe krapoan 146.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby, komt Savannah op in befolking fan hast 380.000 minsken út. Dêrmei is it de op fjouwer nei grutste stêd en de op twa nei grutste stêdekloft fan Georgia.

Skiednis

Savannah waard stifte op 12 febrewaris 1733, doe't generaal James Oglethorpe by Yamacraw Bluff oan lân gie mei Ingelske kolonisten fan it skip de Anne, en dêr ferwolkomme waard troch it opperhaad Tomo-Chi-Chi fan 'e Jamakrou (Yamacraw) en blanke keaplju John en Mary Musgrove. By dy earste moeting fungearre Mary Musgrove as tolk. Behalven de stêd Savannah waard op dy datum tagelyk ek de Koloanje Georgia stifte.

It stedhûs fan Savannah.

Savannah waard ferneamd nei de rivier de Savannah, wêrfan't de namme nei alle gedachten in ferbastering is fan Ša•wano•ki (letterlik: "Suderlingen"), it autonym fan 'e Sjâny (Shawnee), in Yndiaansk folk dat omtrint 1680 oan dizze rivier wenne hie. In oare, minder wierskynlike teory is dat Savannah komt fan it wurd 'savanne', wêrmei't de earste kolonisten de útstrutsen moerassen om 'e stêd hinne oantsjutten hawwe soene.

Yn 1751, doe't Georgia in kroankoloanje waard, krige Savannah de status fan haadstêd taparte. Tsjin 1774, doe't de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch útbriek, hie it him ûntjûn ta de súdlikste oerslachhaven fan 'e Trettjin Koloanjes. Under de oarloch waard Savannah yn 1778 ynnommen troch Britske troepen. It jiers dêrop besocht in mienskiplike Amerikaansk-Frânske legermacht om 'e nocht en twing it Britske garnizoen ta oerjefte by it Belis fan Savannah. Pas yn july 1782, doe't se de oarloch al ferlern hiene, droegen de Britten de stêd wer oer oan 'e Amerikanen.

Neitiid wie Savannah de hiele njoggentjinde iuw troch ien fan 'e meast wolfarrende havenstêden fan it Amerikaanske Suden. Op it omlizzende plattelân waard side en indigo produsearre, dat beiden dingen wiene dêr't yn Jeropa in grutte fraach nei bestie. Dêrnjonken waard yn 'e haven fan Savannah ek fral in protte katoen ferhannele.

In frachtskip op 'e rivier de Savannah.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch wie Savannah de op fiif nei grutste stêd fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika en it wichtichste doel fan 'e ferneamde Mars nei de See fan 'e Noardlike generaal William T. Sherman. Op 21 desimber 1864 laten ûnderhannelings tusken ofsieren fan Sherman en fertsjintwurdigers fan 'e pleatslike oerheid ta de freedsume oerjefte fan Savannah oan 'e Noardlike troepen, wat de stêd rêde fan deselde ferwuostging dy't earder Atlanta troffen hie.

Yn 'e tweintichste iuw krige Savannah yn 'e Feriene Steaten in beskate bekendheid as it berteplak fan Juliette Gordon Low, de oprjochtste fan 'e Girls Scouts of the USA (de Amerikaanske paadfinerij foar famkes). Under de Olympyske Spullen fan 1996, yn Atlanta, wie Savannah it plak dêr't de Olympyske hurdsylwedstriden holden waarden.

Savannah hjoed de dei

Yn Savannah binne op it mêd fan ûnderwiis fjouwer universiteiten en hegeskoallen fêstige: de Armstrong Steatsuniversiteit, it Savannah College of Art and Design (SCAD), de Steatsuniversiteit fan Savannah en de Súdlike Universiteit. De pleatslike ekonomy moat it benammen hawwe fan hannel, toerisme, yndustry en de útjeften dy't der dien wurde troch de Amerikaanske Striidkrêften. Yn 'e perioade tusken 2009 en 2014 wie Savannah de op trije nei grutste containeroerslachhaven fan Noard-Amearika. Yn 'e stêd is û.m. it Noardamerikaanske haadkertier fêstige fan J.C. Bamford, de op twa nei grutste fabrikant yn 'e wrâld fan swier materieel, lykas shovels en boukranen.

River Street, yn 'e histoaryske binnenstêd fan Savannah.

De grutste toeristyske attraksje fan Savannah is de histoaryske binnenstêd, dy't jiers mear as 11 miljoen besikers lûkt, en yn it boppegemiddelde jier 2014 sels 13,5 miljoen. De pleatslike horeka en entertainmentsektor farre dêr fansels wol by en biede wurk oan mear as 17.000 minsken. In oare wichtige trekpleister is it eilân Tybee, ien fan 'e See-eilannen, dat lyk foar de kust fan Savannah leit, en ek wol bekend stiet as 'Savannah Beach'; d.w.s. it strân fan Savannah. Behalven strannen is dêr ek it Tybee Island Light Station te finen, de âldste fjoertoer oan 'e súdlike Atlantyske kust fan 'e Feriene Steaten.

Susterstêden

It monumint foar de sneuvele Konfederearre soldaten yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch.

Demografy

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Savannah yn 2015 in befolking fan 145.674 minsken. De befolkingstichtens bedroech 510,1 minsken de km². As stêdekloft, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby, komt Savannah út op in befolking fan 379.199 minsken. Dêrmei is it de op fjouwer nei grutste stêd en de op twa nei grutste stêdekloft fan Georgia.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Savannah 13,3% âlder as 65 jier en 25,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 31,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 21,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 55,0% swarten; 33,9% blanken; 4,1% Latino's; 2,0% Aziaten; 0,03% Yndianen; 5,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Savannah

De Mickve Israel-synagoge, de op twa nei âldste synagoge yn 'e Feriene Steaten.
  • Josiah Tattnall sr. (1764-1803), gûverneur fan Georgia
  • Josiah Tattnall jr. (1794-1871), kommandeur
  • Moxley Sorrel (1838-1901), generaal
  • Juliette Gordon Low (1860-1927), oprjochtster fan 'e Girl Scouts of the USA (de Amerikaanske paadfinerij foar famkes)
  • Miriam Hopkins (1902-1972), aktrise
  • Alicia Rhett (1915-2014), aktrise
  • Stacy Keach (1941), akteur
  • J.G. Hertzler (1950), akteur
  • Dianna Agron (1986), aktrise
  • Megan Moroney (1997), sjongster

Klimaat

Savannah hat in fochtich subtropysk klimaat, mei lange en hast tropyske simmers en koarte, mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,6 °C (en nachts 22,7 °C), en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 15,8 °C (nachts 3,7 °C). Rekôrtemperatueren yn Savannah wiene 41 °C op 20 july 1986 en –16 °C op 21 jannewaris 1985. Savannah kriget jiers trochinoar 1.218,2 mm delslach en 2756,7 oeren sinneskyn. Snie falt der mar komselden en is by sokke gelegenheden samar wer fuortteid. Yn septimber 2017 hie Savannah te krijen mei swiere oerstreamings dy't it gefolch wiene fan 'e trochtocht fan 'e orkaan Irma.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.