In saterspul wie yn it âlde Grikelân in literêr sjenre en in foarm fan toaniel dy't de midden hold tusken in tragikomeedzje en in klucht (ús wurd "satire" is hjirút ûntstien). Yn saterspullen waarden de koaren foarme troch saters (de mytyske wêzens mei it boppeliif fan in man en it ûnderlichem fan in bok) en se omfetten yn 'e regel dronkenens, eksplisite seksualiteit, dûbelsinnich taalgebrûk, ûnderhânske streken en grappen fan alderhanne soarte. In saterspul wie dus eins wat wy tsjintwurdich in komeedzje neame soene, mar dat wurd hie yn it âlde Grikelân in hiel oare betsjutting.

De skiednis fan it saterspul kin tebekfolge wurde oant likernôch 500 f.Kr., doe't Pratinas fan Flius it yntrodusearre yn Atene. By de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus wie it neitiid wenst dat eltse meidogger fjouwer toanielstikken opfiere liet: trije trageedzjes en in saterspul. It saterspul waard dan ornaris oan 'e ein fan it feest spile of tusken it twadde en trêde diel fan 'e trageedzjetrilogy yn, as in soarte fan komysk tuskenspul. Saterspullen duorren koart, mar heal sa lang as in trageedzje. It iennichste saterspul dat folslein oerlevere is, is Sykloop, fan Euripides, dat basearre is op in passaazje út Homêros syn Odyssee, en oer Odysseus syn moeting mei de sykloop Polyfemus giet.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.