Satellite Award
algemiene ynformaasje
hist. nammeGolden Satellite Award
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foarfilm, tillefyzje, kompjûterspultsjes
útrikt trochInternational Press Academy
frekwinsje1x jiers
datumfebrewaris
plakLos Angeles (Kalifornje)
1e útrikking1997
offisjele webside
www.pressacademy.com

De Satellite Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde troch de International Press Academy, foar de bêste wurken op it mêd fan film, tillefyzje en kompjûterspultsjes fan it foargeande jier. De Satellite Awards waarden foar it earst útrikt yn 1997, doe't se noch de Golden Satellite Awards hieten. De útrikkingsseremoanje wurdt fan 2014 ôf yn mids febrewaris holden yn it InterContinental Hotel yn Los Angeles. Earder fûn de útrikking plak yn jannewaris (1997 en 1999-2005), yn febrewaris (1998) en yn desimber (2005-2012). Yn 2005 wiene der twa útrikkings fan 'e Satellite Awards, yn jannewaris en yn desimber, wylst der yn 2013 hielendal gjin útrikking holden waard om't dat jier tusken de útrikkings yn desimber 2012 en jannewaris 2014 yn foel.

Kategoryen

film
nije media
  • treflike blu-ray/dvd foar in algemien publyk
  • treflike blu-ray/dvd foar jongerein
  • treflik mobylspultsje
  • treflik aksje/aventoerspultsje foar in platfoarm
  • treflik roleplaying game
tillefyzje
  • bêste dramasearje
  • bêste musical- of komeedzjesearje
  • bêste minysearje of tillefyzjefilm (1997-1998 en sûnt 2011)
  • bêste minysearje (1999-2010)
  • bêste tillefyzjefilm (1999-2010)
  • bêste akteur (dramsearje)
  • bêste aktrise (dramasearje)
  • bêste akteur (musical- of komeedzjesearje)
  • bêste aktrise (musical- of komeedzjesearje)
  • bêste akteur (minysearje of tillefyzjefilm)
  • bêste aktrise (minysearje of tillefyzjefilm)
  • bêste byrol fan in akteur (sûnt 2001)
  • bêste byrol fan in aktrise (sûnt 2001)
  • bêste cast (sûnt 2005)
spesjale prizen
  • Satellite Auteur Award (sûnt 2005)
  • Mary Pickford Award (sûnt 1997)
  • Nikola Tesla Award (sûnt 2002)
  • Humanitarian Award (sûnt 2010)
  • treflik nij talint (1997-2012 en sûnt 2016)


Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.