Sarsy
algemien
oare namme(n)Sarcee, Tsuu T’ina
eigen nammeTsúùt’ǐnà
lânseigen yn Kanada
tal sprekkers170 (2011)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeDené-Jenisejaansk
  Na-Dené
    Ejak-Atapaskysk
      Atapaskysk
        Noardatapaskysk
          Sarsy
taalkoades
ISO 639-3srs

It Sarsy (Ingelsk: Sarcee; Sarsy: Tsúùt’ǐnà) is de lânseigen taal fan 'e Sarsy (Sarcee), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan westlik Kanada. It is in Atapaskyske taal, en sadwaande besibbe oan û.m. it Tsjippewyan en it Kûtsjin fan noardlik Kanada en it Navaho en de Apache-talen fan it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten.

Taalsitewaasje

It Sarsy wurdt sprutsen yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, benammen yn it Sarsy Reservaat 145, dat ûnder de reek fan 'e stêd Calgary leit. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 wiene der doe noch 170 memmetaalsprekkers fan it Sarsy. Op in totale etnyske groep fan 1.300 leden komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 13,1%. De measten fan 'e sprekkers hearre ta de âlderein; in grut part fan 'e jongere generaasjes is Ingelsktalich. Op 't heden wurdt besocht om troch yntroduksje fan it Sarsy as skoalfak yn it reservaat de bern de eigen taal wer oan te learen.

Fonology

It Sarsy wurdt skreaun mei in Latynsk alfabet dat út teminsten 33 letters bestiet, wêrûnder ferskate digrafen: a, d, dj, dl, dz, g, ɣ, h, i, j, k, k’, l, ł, m, n, o, s, sh, t, t’, tc, tc’, tl, tl’, ts, ts’, u, w, x, y, z en ’. Guon foegje ek as letters noch ta: b, gw, kw en kw’, mar dy praktyk is omstriden.

A a D d Dj dj Dl dl Dz dz G g Ɣ ɣ H h
I i J j K k K’ k’ L l Ł ł M m N n
O o S s Sh sh T t T’ t’ Tc tc Tc’ tc’ Tl tl
Tl’ tl’ Ts ts Ts’ ts’ U u W w X x Y y Z z
’ ’

Fokalen

Der binne yn it Sarsy mar fjouwer fokalen: a, i, o en u. De útspraak fan a en o is ridlik konstant, mar dy fan i en u kin frijwat fariëarje. De a stiet foar [a] (lykas yn 'ham'). De o hat net de klank [o], mar stiet foar [ɒ], it koart rûne iepen efterlûd, oftewol de a fan 'ham', mar mei rûne lippen útsprutsen, sadat de klank wat yn 'e rjochting fan 'e o fan 'rok' giet. (Dat sil de measte minsken hiel apart tahearre, mar dyseldichste klank komt ek foar yn it Skiermûntseagersk, bgl. yn it wurd hanne, "hinne".) De útspraak fan i fariëarret tusken [i] (lykas yn 'wyt') en [e] (lykas yn 'weet'), en dy fan 'e u tusken [u] (lykas yn 'rûch') en [o] (lykas yn 'bok').

Alle fokalen komme yn lange en koarte foarmen foar; koarte lûden wurde fierders net oanjûn, mar lange lûden krije in asterisk; bgl. [a:] (lykas yn 'laad') wurdt skreaun as: a*. Fierders hat it Sarsy trije toanen, heech, leech en tuskenbeiden. Heechtoanige fokalen krije in skerpteken: á; leechtoanige fokalen krije in klamteken: à; en middeltoanige fokalen krije in makron: ā.

Konsonanten

Fan 'e konsonanten hawwe de b, d, h, k, l, m, n, s, t en z de 'normale' útspraak. De g is altyd [ɡ] fan 'gat', en de w altyd [w] fan 'skowe'. Oare bekende klanken wurde fertolke troch ûnbekende letters: de ɣ is [ɣ] (g) fan 'drage'; de j is [ʒ] (zj) fan 'bagaazje'; de y is [j] fan 'jas' en de x is de [x] (ch) fan 'berch'. De ł is de stimleaze alveolêre laterale frikatyf, dy't útsprutsen wurdt troch in ch fan 'berch' te kombinearjen mei in l fan 'lead' (dit is deselde fokaal dy't yn it Welsk skreaun wurdt as in dûbele l, bgl. yn llan, "doarp", of yn 'e eigennamme Llywelyn). De apostrof (’) jout in [ʔ] (glottisslach) wer, oftewol de klank tusken de beide gelikense lûden yn 'Aäron' of 'koöperaasje'.

Fan 'e digrafen wurde de dz, kw en ts krektsa útsprutsen as men ferwachtsje meie soe. De dj is [ʤ] (dzj) fan 'siedzje'; de sh is [ʃ] (sj) fan 'sjerp'; en de tc is [ʧ] (tsj) fan 'tsjerke'. De gw wurdt útsprutsen as [ɡʷ]: de [ɡ] fan 'goed' folge troch de [w] fan 'skowe'. De dl stiet foar de útspraak [dɮ], de stimhawwende alveolêre laterale affrikaat, oftewol in t-klank mei in kombinearre zj en l dererfteroan. (Yn oare Yndiaanske talen wurdt dizze klank wol skreaun mei de Grykske letter lambda: λ.) De tl stiet foar de klank [tɬ], de stimleaze alveolêre laterale affrikaat, oftewol in t-klank mei de Welske ll derefteroan. (Dizze klank wurdt yn oare Yndiaanske talen wol skreaun mei in lambda mei in streek: ƛ.) Ta einbeslút binne der dan noch fiif letters wêrby't de grûnklanken folge wurde troch in glottisslach: k’, t’, tc’, tl’ en ts’.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.