Saran Dunmore
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSaran Dunmore
nasjonaliteit Amerikaansk
berneapril 1975
berteplakChicago (Illinois)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asfitnesstrener, ferslachjouster,
nijslêzeresse, sprekster
mediumtillefyzje, dvd's, boeken,
lêzings
wurksum byMTV
bekend fanI Used to Be Fat
Lingerie Football
jierren aktyf1998 – no
offisjele webside
sarandunmore.com

Saran Dunmore (Chicago, april 1975)[1] is in Amerikaansk fitnesstrener, tillefyzjepersoanlikheid en iepenbier sprekster fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja wie earder ek wurksum as ferslachjouster, nijslêzeresse en Amerikaansk football-spylster.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Dunmore is hikke en tein yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Hja begûn foar it earst mei fitnesstrening doe't se fjouwer jier wie en har heit har en har beide âldere susters oanfitere om mei te dwaan oan syn oefenings. Doe't se alve jier wie, skreau har mem har yn foar in atletykprogramma op 'e middelbere skoalle. Dunmore waard nei eigen sizzen fereale op hurddraven, en treende ûnder ferskate coachen.

Mei har sportive talinten wist se in stúdzjebeurs te bemachtigjen foar de Universiteit fan Missoury yn Kansas City (UMKC) dêr't se ferskate kampioenskippen wûn. Letter liet se har oerpleatse nei de Steatsuniversiteit fan Midden-Tennessee (MTSU), om ûnder de ferneamde coach Dean Hayes trene te kinnen. Mei dy syn stipe slagge it Dunmore om twaris kampioene fan 'e eastlike Feriene Steaten te wurden op it ûnderdiel 400 m horden. Yn dyselde snuorje waard Dunmore yn 1998 ek útkard ta Miss Midden-Tennessee.

Karriêre

Nei't se ôfstudearre wie oan 'e MTSU mei in bachelorstitel yn kommunikaasjekunde mei as byfak atletyktrening, sette Dunmore útein mei in karriêre by de tillefyzje. Har earste wurk hie se as ferslachjouster en nijslêzeresse by in pleatslike stjoerder yn Murfreesboro. Neitiid feroare se ferskate kearen fan baan, wêrby't se net inkeld foar de kamera's, mar ek derefter wurksum wie, û.m. as researchdogger en as montaazjemeiwurkster.

Uteinlik besefte se lykwols dat se by de tillefyzje har aai net rjocht kwyt koe, dat doe waard se fitnessmanager by in lanlike keatling fan sportskoallen. As diplomearre fitnesstrener wie Dunmore folle better teplak, en doe't se neitiid ûntdiek dat se har passy foar fitness kombinearje koe mei har belangstelling foar tillefyzje, wie it hieleldal klear. Yn 2005 waard se nammentlik frege om in wykliks fitness-segmint te dwaan foar it moarnsprogramma NBC5 News Today, fan presintators Dick Johnson en Ellee Pai Hong.

Troch de bekendheid dy't se dêrmei krige, slagge it Dunmore om har fitnessboadskip by mear minsken ûnder de oandacht te bringen. Dêrta brocht se ek in dvd út, dy't se sels produsearre en montearre, mei de titel Fitness Party. Ek hat se in boek skreaun, titele The Wagon Has Wheels, dat minsken motivearje moat om oan fitness te dwaan. Fierders jout se tsjintwurdich ek rûnom lêzings oer fitness en it belang dêrfan. Nei eigen sizzen hat hja der fertrouwen yn dat mei troch har wurk de swierrichheden op it mêd fan û.m. berne-obesitas in stapke tichter by in oplossing brocht wurde. Dat wie ek har reden om mei te wurkjen oan alle trije seizoenen (2010-2013) fan it realitytillefyzjeprogramma I Used to Be Fat, op 'e jongereinstjoerder MTV, wêryn't Dunmore tiners mei in oergewicht helpt om yn koarte tiid in stik ôf te fallen. Dy searje brocht har ek bûten de Feriene Steaten in beskate bekendheid.

Njonken har fitnesswurk wie Dunmore yn 2009 en 2010 ek aktyf as Amerikaansk fuotbalspylster yn 'e Lingerie Football League (LFL), in kompetysje mei frouljustiims dy't eins net yn linzjery spylje, mar wol yn lytse broekjes en topkes. Se spile dêrby mei rêchnûmer 10 foar it tiim Chicago Bliss, yn 'e posysje fan running back, en waard yn 2010 útkeazen ta offisive spylster fan it jier fan 'e LFL. Fierders docht Dunmore by wize fan leafhawwerij as model mei oan fitnesswedstiden. Fanwegen har alsidigens en enerzjy is se gauris frege as presintatrise fan in ferskaat oan eveneminten, wêrûnder de útrikking fan 'e Chicago Music Awards.

Priveelibben

Dunmore is troud en hat yn april 2015 in bern krigen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.facebook.com/saran.dunmore.7/posts/10152822298937043:0 Facebookupdate fan Saran Dunmore

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.