Sarah Hyland
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSarah Jane Hyland
nasjonaliteit Amerikaansk
berne24 novimber 1990
berteplakNew York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf1997 – no
offisjele webside
Sarah Hyland yn 'e IMDb

Sarah Hyland (folút: Sarah Jane Hyland; New York, 24 novimber 1990) is in Amerikaansk tillefyzje-, film-, musical- en stimaktrise en sjongster. Hja waard bekend as Haley, de âldste, wat dommige dochter fan it gesin Dunphy yn 'e komeedzjesearje Modern Family. Foar dy rol wûn se ferskate prizen.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Hyland waard yn 1990 berne yn New York, as de dochter fan Edward James Hyland en Melissa Canaday, dy't beide ek as akteurs aktyf binne. Hja hat in jongere broer, Ian. Hyland studearre oan 'e Professional Performing Arts School yn Manhattan.

Sarah Hyland yn 2013.

Aktearkarriêre

Hyland is al oan it aktearjen sûnt se fiif jier wie. Yn har earste filmrol spile se de dochter fan radiopresintator Howard Stern, yn dy syn autobiografyske film Private Parts, út 1997. Yn 1999 spile se Molly yn 'e tillefyzje-remake fan 'e ferneamde musical Annie, en neitiid hie se ferskate gastrollen yn plysjesearjes lykas Law & Order, Law & Order: Special Victims Unit en Law & Order: Trial by Jury. Fan 2008 oant 2009 hie Hyland in weromkearende rol as Maddy Healy yn 'e tillefyzjesearje Lipstick Jungle. Underwilens spile se yn 2006 op Broadway yn it toanielstik Grey Gardens de jonge Jackie Kennedy.

Yn 2009 briek Hyland troch mei de rol fan Haley Dunphy, de wat dommige âldste dochter yn 'e húshâlding fan 'e dochter en skoansoan yn 'e komeedzjesearje Modern Family. Dy searje wie tige súksesfol en rûn oant yn 2020. Mei de rest fan 'e akteurs yn Modern Family wûn Hyland yn 2011, 2012, 2013 en 2014 fjouwer jier op rige de Screen Actors Guild Award yn 'e kategory treflike prestaasje fan in cast yn in komeedzjesearje. Ek sleepte se foar de rol fan Haley Dunphy ferskate nominaasjes yn 'e wacht.

Yn 2014 hie Hyland in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Hot in Cleveland. Yn 2017 spile se âldere suster Lisa Houseman yn 'e tillefyzje-remake fan Dirty Dancing. Dêrnjonken wie Hyland op it wite doek te sjen yn û.m. de coming-of-age-komeedzjedramafilm Struck by Lightning (2012), de horrorkomeedzje Scary Movie 5 (2013) en de jeugdfantasyfilm Vampire Academy (2014). Se die yn 2017 mei oan it tillefyzjeprogramma Lip Sync Battle, wêryn't se it al playbackend opnaam tsjin DeAndre Jordan.

Sjongkarriêre

Hyland hat ferskate kearen as sjongster aktyf west. Sa song se yn 2016 mei Boyce Avenue covers fan Closer fan The Chainmakers en Don't Wanna Know fan Maroon 5. By de útrikking fan 'e Teen Choice Awards yn 2019 song se tegearre mei Jordan McGraw (de soan fan Dr. Phil) it liet Met at a Party, dat letter dat jiers ek as single útbrocht waard.

Priveelibben

Yn har bernetiid waard by Hyland nierdysplasy fêststeld. Yn april 2012 ûndergie se in niertransplantaasje, wêrby't har heit as donor fungearre. Nei ferskate jierren state har lichem har heite nier lykwols ôf, sadat se in nije niertransplantaasje ûndergean moast, diskear mei har jongere broer Ian as donor. Yn totaal hie se tsjin 2018 sûnt har berte al sechstjin operaasjes ûndergien. Fanwegen de medisinen dy't se ynnimme moat om in nije ôfstjitting foar te kommen hat Hyland muoite om gewicht en spiermassa te behâlden. Dêrom is har troch de jierren hinne ferskate kearen bêdrêst foarskreaun. Yn desimber 2018 bekende Hyland yn in fraachpetear mei it tydskrift Self dat se op in stuit selsmoard yn omtinken nommen hie om't se it gefoel hie in lêst foar har famylje te wêzen en om't se har skamme dat har lichem har heite nier ôfstaat hie.

Yn 2009 krige Hyland in relaasje mei akteur Matt Prokop, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't se tegearre audysje diene foar de film High School Musical 3: Senior Year. Hyland en Prokop wennen gear fan 2011 oant 2014. Yn septimber 2014 frege Hyland in tydlik omgongsferbod oan tsjin Prokop, nei't er har mishannele en bedrige hie. De rjochter kende dat kontaktferbod ta. Fan febrewaris 2015 oant 2017 gie Hyland om mei Dominic Sherwood, har tsjinspiler út 'e film Vampire Academy. Yn 2017 begûn se in relaasje mei Wells Adams, in radiopresintator, mei wa't se har yn july 2019 ferloofde. Se wennet mei him gear yn Los Angeles.

Diskografy

lieten
  • 2017 – (I've Had) The Time of My Life (mei de cast fan Dirty Dancing op soundtrackalbum fan dy film)
  • 2017 – Don't think Twice, It's All Right (mei de cast fan Dirty Dancing op it soundtrackalbum fan dy film)
  • 2017 – Closer (mei Boyce Avenue op Cover Sessions, Vol. 4)
  • 2017 – Don't Wanna Know (mei Boyce Avenue op Cover Sessions, Vol. 4)
  • 2018 – Know U Anymore (mei BoTalks, útbrocht as single)
  • 2019 – Met at a Party (mei Jordan McGraw, útbrocht as single)

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1997–1998Another WorldRain Wolfeweromkearende rol; ûnbekend tal ôfl.
1998Trinitybleu famkegastrol; ôfl. No Secrets
1999AnnieMollytillefyzjefilm
nom. Young Artist Award foar bêste jonge cast yn in spylfilm of tillefyzjefilm
2000Joe Gould's SecretElizabeth Mitchelltillefyzjefilm
2000The Audrey Hepburn StoryAudrey Hepburn (8 jr.)tillefyzjefilm
2000All My ChildrenKarengastrol; 2 ôfl.
2000FalconeJess Pistone Eganminysearje
2001Law & Order: Special Victims UnitLily Ramseygastrol; ôfl. Repression
2002Touched by an AngelGracegastrol; ôfl. A Feather on the Breath of God
2004Law & OrderKristine McLeangastrol; ôfl. The Dead Wives Club
2005Law & Order: Trial by JuryBrianne Colbygastrol; ôfl. Vigilante
2007One Life to LiveHeatherweromkearende rol; 7 ôfl.
2008–2009Lipstick JungleMaddie Healyweromkearende rol; 15 ôfl.
2009Law & Order: Special Victims UnitJennifer Banksgastrol; ôfl. Hothouse
2009–2020Modern FamilyHaley Dunphyfêste rol; 11 seizoenen
4 × Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in komeedzjesearje (2011–2014)
4 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in komeedzjesearje (2010, 2015–2017)
nom. Critics' Choice Television Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje (2013)
2 × nom. Teen Choice Award foar bêste tillefyzje-aktrise yn in komeedzjesearje (2018, 2019)
nom. Teen Choice Award foar bêste trochbraak (2010)
nom. Teen Choice Award foar sênesteller (2012)
nom. Kids' Choice Award foar favorite froulike tillefyzjestjer (2016)
2010Cubedharselsas dielnimster; ôfl. 2.4
2011Children's Hospitalbekend persoangastrol; ôfl. Nip/Tug
2011Geek CharmingDylan Schoenfieldtillefyzjefilm
2012Punk'dharselsferburgenkameraprogramma; ôfl. Lucy Hale
2012Perceptionfamke mei it syndroom fan Gilles de la Tourettegastrol; ôfl. Kilimanjaro
2012–2015Randy Cunningham: 9th Grade NinjaTheresa Fowleras stimaktrise; weromkearende rol; 11 ôfl.
2013Call Me Crazy: A Five FilmGracetillefyzjefilm; segmint Grace
2013Bonnie & ClydeBlanche Barrowminysearje
2014Robot Chicken DC Comics Special 2: Villains in ParadiseLena Luthoras stimaktrise; tillefyzjespecial
2014Hot in ClevelandIvygastrol; ôfl. Rusty Banks Rides Again
2015Repeat after Meharselsôfl. Episode 101
2015The Lion Guard: Return of the RoarTiifuas stimaktrise; tillefyzjefilm
2016Lip Sync Battle Shortiesharselspresintatrise; 1e ôfl.
2016–2017The Lion GuardTiifuas stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl.
2017Lip Sync Battleharselsôfl. Sarah Hyland vs. DeAndre Jordan
2017Dimension 404Chloegastrol; ôfl. Cinethrax
2017Dirty DancingLisa Housemantillefyzjefilm
2017ShadowhuntersSeelie Queengastrol; 2 ôfl.
2017The Lion Guard: The Rise of ScarTiifuas stimaktrise; tillefyzjefilm
2019Veronica MarsAlyssagastrol; ôfl. Heads You Lose
2020RuPaul's Drag Race All Starsharselsas sjuerylid; ôfl. SheMZ
2020Celebrity Game Faceharsels1e ôfl.
2021EpicRosepilotôflevering
films
1997A Tall Winter's TaleElizabeth
1997Private Partsdochter fan Howard Sterns
1998The Object of My AffectionMolly
1998Advice from a CaterpillarLizbeth
1999Cradle Will RockSilvano / Giovanna
2002The Empathde jonge Christine
2004Spanglishútfanhûzer
2007Blind Datefamkeas stimaktrise
2010Monster HeroesDelilah
2010Cougars, Inc.Courtney
2011ConceptionTracey
2012Struck by LightningClaire Matthews
2013Scary Movie 5Mia
2013April ApocalypseSamm
2014Vampire AcademyNatalie Dashkov
2014Date and SwitchAva
2015See You in ValhallaJohana Burwoodek filmprodusinte
2016SatanicChloe
2016Lego DC Comics Super Heroes: Justice League – Gotham City BreakoutBatgirlas stimaktrise
2016XOXOKrystalek útfierend produsinte
2019The Wedding YearMara Hickeyek útfierend produsinte
fideoklips
2009In the Moonlight (Do Me)aktrisenûmer fan Reid Ewing
2016Like I Didaktrisenûmer fan Shane Harper
2016Closersjongsternûmer fan Boyce Avenue en Sarah Hyland
2016Don't Wanna Knowsjongsternûmer fan Boyce Avenue en Sarah Hyland
2017Don't Think Twice, It's All Rightsjongsternûmer fan Sarah Hyland en J. Quinton Johnson
2018Know U Anymoresjongsternûmer fan BoTalks en Sarah Hyland

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.