Santy
algemien
oare namme(n)Santee
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers(útstoarn, ±1750)
taalbesibskip
taalfamyljeSûaansk
   Eastsûaansk
      Katôba
         Santy

It Santy (Ingelsk: Santee, útspr.: [sæn'ti:]) wie de lânseigen taal fan 'e Santy, in Yndiaansk folk út 'e súdeastlike Amerikaanske steat Súd-Karolina. It moat net betize wurde mei it Santy-Dakota (Ingelsk: Santee), in dialekt dat sprutsen wurdt troch de Eastlike Dakota, ien fan 'e trije folksdielen fan 'e (Sioux).

It Santy wie in Sûaanske taal fan 'e Eastsûaanske subgroep, en hiel wierskynlik in dialekt fan it Katôba (Catawba). It wie altiten in lytse taal, en it stoar út yn 'e achttjinde iuw (of mooglik sels al yn 'e santjinde), ûnder druk fan it Ingelsk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.