Sankt Georgiwold
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal61 (21 desimber 2017)
Oerflak6,75 km²
Befolkingsticht.9 / km²
Hichte-0,8 oant 0,7 meter boppe NAP
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener

Sankt Georgiwold (Eastfrysk Plat: Swartwold) is in plak yn it Dútske part fan Reiderlân yn East-Fryslân en in Ortsteil fan de gemeente Weener.

Skiednis

Kaart fan it Reiderlân

It doarp Sankt Georgiwold leit yn in noardwestlik fan Weener lizzend feangebiet en waard yn 9e-10 iuwske dokuminten fan it kleaster Werden oantsjutte as uppan Uualda. Troch it fean rûn doe de Middelweg, in âlde hearwei dy't ea fan Munster nei it kleaster Palmar fierde. Op syn letst yn de 13e of 14e iuw begûn hjir it yn kultuer bringen fan de feangrûn. De stikken grûn dy't sa ûntstiene hiene in breedte fan 35 oant goed 100 meter en krigen mei de tiid in lingte fan wol fjouwer kilometer. Út dizze tiid binne eastlik fan de hjoeddeiske doarpkearn resten fan huzen út de 13e/14e iuw en in plattegrûn fan in 15e-iuwske tsjerke ûntdutsen. Dizze delsetting hie grutte swierrichheden mei it ûntwetterjen, dat fan gefolgen hie dat de bewenning it plak nei it westen ferskode.

Yn de midsiuwen hearde it doarp by it Reiderlân. Sankt Georgiwold waard yn 1450 foar it earst beskreaun yn in berjocht oer de sitewaasje fan it tsjerklik libben yn East-Fryslân oan de biskop fan Munster. Stoarmfloeden hiene yn dizze tiid 20 oant 30 tsjerkedoarpen fan it Reiderlân ûnder wetterset. De measte plakken waarden doe opjûn en allinnich Beerta, Blijham, Böhmerwold, Wymeer, Boen, Bunderhammrich, Ditzumerhammrich en Sankt Georgiwold waarden ferpleatst of op 'e nij bewenne.

Grutte problemen mei it wetter hold it doarp oant yn de 20e iuw. Ferbettering kaam yn de jierren 1896 oant 1960 doe't de kanalisaasje oanpakt waard en der pompstasjons kamen.

Yn de tiid fan it nasjonaal-sosjalisme stie it doarp bekend as in bolwurk fan de NSDAP yn it Reiderlân. By ferkiezings yn 1932 krige Hitler hjir 90,1% fan de stimmen. Nei de Twadde Wrâldoarloch naam it doarp in útsûnderlik heech tal flechtlingen út East-Jeropa op, dy't tydlik sels 45% fan de befolking útmakken.

Yn it ramt fan in weryndieling waard it oant dan selsstannige doarp op 1 jannewaris 1973 by Weener yndield. It is it lytste Ortsteil fan Weener dat ek tsjintwurdich it agraryske karaker wist te bewarjen.

De Sint-Joaristsjerke

Nei't de houten tsjerke yn 1681 in boufallich waard, begûn acht jier letter mear westlik fan de âlde tsjerke de bou fan in stienen tsjerke, dy't oan de hillige Joaris wijd waard. In fûnemint hie de tsjerke net en nei 1810 begûn it gebou sa te fersakjen, dat der yn 1960 op de âlde plattegrûn in nije tsjerke boud wurde moast. Sûnt de reformaasje hinget de befolking foar it grutste part de kalvinistyske lear oan.

Keppeling om utens

 
Weener
Flagge fan Weener
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.