Sankt Moritz | ||
Sankt Moritz | ||
Polityk | ||
Lân | Switserlân | |
Kanton | Graubünden | |
Distrikt | Maloja | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.149 (2013) | |
Oerflak | 28,69 km² | |
Befolkingsticht. | 180 ynw/km | |
Hichte | 1833 m | |
Oar | ||
Postkoade | 7500 |
Sankt Moritz (Reto-Romaansk: San Murezzan, Frânsk: Saint-Moritz, Italjaansk: San Maurizio) is it haadplak fan it Engadin en hat 5013 ynwenners (2004). It is dêrmei de fiifde gemeente fan it Switserke kanton Graubünden. It leit oan it Lej da San Murezzan (Dútsk: Sankt Moritzer See) tusken de Julierpaswei en de Berninapaswei op in hichte fan 1822m.
Mei troch de hege lizzing is it in djoere en populêre wintersportplak mei in skygebiet.[1] Yn 1928 binne der de twadde Olympyske Winterspullen hâlden en yn 2003 de Wrâldkampioenskippen alpineskye. Ek yn 1948 binne de Olympyske Winterspullen yn Sankt Moritz hâlden. St.Moritz wurdt beskôge as it plak dêr't it wintertoerisme begûn is, ein 19 iuw. In hotelier wist in tal Ingelske simmergasten te oertsjûgjen ek yn de winter te kommen, ûnder it mom fan in sinnegarânsje. De Ingelske elite kaam en is kommen bleaun. (yn it algemien jildt dat yn de Alpen, en seker yn it Engadin, it winterwaar in stik stabiler is as simmers.)
Mei de auto is Sankt Moritz te beriken fia de Malojapas fan de Comomar en Chiavenna ôf, fia de Berninapas út Tirano wei, fia de Albulapas en út it Unterengadin wei. It is mei de trein ferbûn mei Scuol, Tirano en de Albulapas.
Sankt Moritz is it fertrekpunt fan de Glacier Express, in toeristyske trein dy't súdlik Switserlân trochkrúst nei Zermatt yn de súdwestlike hoeke fan it lân.
Ynformaasje wintersportgebiet St. Moritz
Plakken | Sankt Moritz, Sils |
Hichte | 1800m oant 3300m (Corvatsch) |
Tal pisten | 350 km |
Tal liften | 60 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sankt Moritz fan Wikimedia Commons. |