De reliken fan de sandalen fan Kristus

De Hillige Sandalen fan Kristus hearre by de wichtichste midsiuwske reliken fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en wurde bewarre yn 'e Sint-Salvatorbasilyk yn Prüm, Dútslân.

Doe't Pepyn III mei paus Stefanus II yn 'e Pepynske skinking yn 754 de stifting fan de Tsjerklike Steat fêstlei, hie de tsjerke dêr earder al in pear prestaasjes foaroer steld. Stefanus' foargonger paus Sacharias hie de kar fan Pepyn as kening stipe en him yn 752 de reliken fan 'e sandalen fan Kristus jûn.

Foar Pepyn wiene de sandalen tige brûkber om it kleaster yn 'e Eifel dat 30 jier earder stifte wie op te wurdearjen. Hy joech it kleaster in hiel soad lân en dêrnjonken de reliken. De abdij krige de namme fan Sint-Salvator (Hillige Ferlosser) en soe dêrnei útgroeie ta de wichtichste abdij en it hûskleaster fan de Karolingers.

It besit fan belangrike reliken wie ek in middel yn de tsjerkepolityk. Om mei de machtige foarsteabdij fan Prüm te konkurearjen wie it dêrom saak om reliken fan like grut belang te krijen. Yn 'e 12e iuw melde it opkommende en nei hillige macht stribjende bisdom Trier grutsk dat dy it ûnderkleed fan Kristus ûntdutsen hie, de saneamde Hillige Tunyk (Heiliger Rock). Neffens de oerlevering wie dy troch de hillige Helena yn Trier telâne kommen. It yn Jehannes 19:23-24 beskreaune stik klean makke sûnder mis hiel wat mear yndruk as de sandalen. It soe lykwols noch fjouwer iuwen duorje oant Trier de striid om 'e macht tsjin Prün wûn. Yn 1524 fûn foar it earst de grutte beafeart fan 'e Hillige Tunyk plak. Pas yn 1574 ferlear de abdij Prüm syn selstannigens oan Trier.

Alhoewol't de reliken bekend wiene, is der yn 'e iuwen dêrnei gjin bysûndere ferearing bekend. Yn 1794 waarden de reliken foar de optsjende Frânsen feilich nei Frankfurt brocht, dêr't se oant 1810 bleaune. Doe't se werom yn Prüm kamen, waarden se yn in barokke kast op it heechalter fan 'e eardere abdijtsjerke bewarre. Yn 1863 folge in sekuer ûndersyk troch Johann Nikolaus von Wilmowsky, dy't dêr ek oer rapportearre en hy liet se op in boerd montearje, om se sa oan it leauwige folk te toanen. De sandalen krigen yn 1896 in nije relykkast yn it koer fan 'e tsjerke. Noch yn itselde jier waard in beafeart fan 14 dagen nei de sandalen organisearre. De doetiidske Prümer pastoar woe der in regelmjittige tradysje fan meitsje, mar dat slagge net.

De sandalen fan Kristus, om krekter te wêzen de resten fan in ryk fersierde pantoffel út de Merovingyske tiid (5e-8e iuw), neffens oaren út de Karolingyske tiid, wêryn't de resten fan Kristus' sandalen ferwurke binne, wurde hjoed-de-dei noch jimmeroan yn de Salvatorbasilyk fereare. Se wurde bewarre yn it relikwarium oan 'e noardlike kant fan it koer, dat op feestdagen iepene wurdt. De reliken hawwe de politike betsjutting yn 'e midsiuwen ferlern, mar de religieuze betsjutting is bleaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sandalen Christi


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.