Sandachsjatra
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteitSimmearysk
bertedatummids 7e iuw f.Kr.
stjerdatum2e helte fan 'e 7e iuw f.Kr.
etnisiteitSimmearysk
kening fan 'e Simmearjers
amtsperioade±640 f.Kr. – 6?? f.Kr.
foargongerTûkdammê
opfolgerûnbekend

Sandachsjatra of Sandaksatrû (Simmearysk wierskynlik: Sandakoerû) wie yn 'e twadde helte fan 'e sânde iuw f.Kr. kening fan 'e Simmearjers. Neffens ynskripsjes op klaaitabletten út it Assyryske Ryk, dy't datearje út it regear fan kening Asjoerbanipal, wie Sandachsjatra de soan fan Tûkdammê. Doe't dyselde ferslein waard en sneuvele, soe Sandachsjatra oerlibbe hawwe en de nije kening fan 'e Saka wurden wêze, in Skytyske stamme. Dy lêste tafoeging berêst nei alle gedachten op in fersin of in misferstân.

Der wurdt wol spekulearre oft Sandachsjatra net deselde wêze soe as de ferneamde Syaksares, in kening fan 'e Meden, dy't belutsen wie by de ferovering fan it Assyryske Ryk. Dat is in idee dat yntrodusearre waard troch de Dútske oriïntalist Fritz Hommel (1854-1936). It is lykwols mank histoarisy tige kontroversjeel.

Etymologysk is Sandachsjatra of Sandaksatrû dúdlik in Perzyske nammefoarm, en Manfred Mayrhofer hat der yn 1981 op wiisd dat de oarspronklike foarm nei alle gedachten Sandakoerû wie. De oarspronklike útlis fan 'e namme wie "mei ûnfertinne regintskip", mar Mayrhofer wiisde dat ôf om't foar dy etymology in bykommend berop dien wurde moast op 'e Yndo-Aryske talen ynstee dat it mei inkeld Iraanske boarnen ferklearre wurde koe. De Hongaarske taalkundige János Harmatta hold it derop dat de namme ôflaat wie fan it Proto-Iraanske *sanda-kuru, dat "treflike soan" betsjut hawwe soe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.