Sana Fey | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tracy Lynn Spindola | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 juny 1973 | |
berteplak | Huntington Beach (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Italjaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, produsinte | |
jierren aktyf | 1996 – 2002 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Sana Fey, echte namme: Tracy Lynn Spindola (Huntington Beach (Kalifornje), 12 juny 1973), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoprodusinte fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Italjaansk etnysk komôf. Hja sette mids jierren njoggentich útein mei in karriêre as neakenmodel en kaam fia-fia yn 'e Amerikaanske pornoyndustry telâne. Sana Fey wie tige populêr by de fans fan it grutte-boarstesjenre en stie bekend om har reade hier.
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Sana Fey waard yn 1973 berne yn Huntington Beach, ûnder reek fan Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Nei't har âlden har mei trije jier op ballet dien hiene, wie it lange tiid har ambysje om ballerina te wurden. Doe't se acht jier wie, ferhuzen har âlden mei har nei de steat Kolorado, yn 'e Rocky Mountains. Dêr ferfette se har balletoplieding en trede se op mei it Steatsballet fan Kolorado. Uteinlik joech se it dûnsjen deroan doe't har lichem yn har tinerjierren in foarm oannaam dy't te foluptueus wie foar in ballerina. Har skoaloplieding folge Sana Fey oan in roomske ûnderwiisynstelling. Letter ferhuze hja werom nei súdlik Kalifornje, dêr't se aerobicsynstruktrise en persoanlik fitnesstreenster waard.
Karriêre
Mids jierren njoggentich sette se útein mei wurk as stripper yn in topless-bar doe't se op in stuit krap by kas siet. Dêr waard se in skoftke letter opmurken troch in produsint út 'e Amerikaanske pornoyndustry, dy't har oanrette om kontakt op te nimmen mei in ympressariaat yn Los Angeles. Neitiid posearre Sana Fey as neakenmodel foar fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden, wêrûnder Score, Busty Beauties en Juggs, allegear tydskriften dy't har talizze op it publisearjen fan fotografysk materiaal fan modellen fan it grutte-boarstesjenre. Yn 1998 fear se mei op 'e jierlikse Boob Cruise (in rûnfeart op in echt cruiseskip foar lêzers fan Score en oare belangstellenden wêrby't modellen net inkeld jûns optrede, mar harren ek oerdeis by de oare passazjiers jouwe, sadat dy echt mei harren yn 'e kunde komme kinne).
Sana Fey makke har debút yn in pornografyske film yn 1996, doe't se 23 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn rom 140 films, hoewol't guon dêrfan kompilaasjes fan âlder materiaal binne. Se wurke û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Elegant Angel, New Sensations, Anabolic Video, Wicked Pictures, Evil Angel, West Coast Productions, Penthouse, Jill Kelly Productions, Sin City en Big Top Video. Dêrby wie se behalven as aktrise ek as produksjemanager aktyf. Sana Fey waard tige populêr by leafhawwers fan it grutte-boarstesjenre, en njonken har wurk yn films en foar blêden reizge se ek as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Hja loek har yn 'e maityd fan 2002 út 'e pornoyndustry werom, hoewol't films fan har mei âlder materiaal noch oan 2006 ta útbrocht waarden. Sana Fey har fanclub wie fêstige yn Temecula.
Priveelibben
Sana Fey krige begjin 1999 in relaasje mei pornoakteur en -regisseur David Christopher (yn guon fermiddens better bekend as Pussyman). Hja giene ein 2000 útinoar.
Lichemsskaaimerken
Sana Fey foel op troch har fjoerreade hier. Hja is blank en har eagen binne brún fan kleur. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.70 m lang, mei in gewicht fan 57 kg. Hja hie kupmaat 34F (ek wol oanpriizge as 40EE), wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hie. Fierders hie se ek in nâlpiercing, mar gjin tatoeaazjes.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |