Salem
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatMassachusetts
CountyEssex
Sifers
Ynwennertal40.922 (2007)
Oerflak46,8 km²
Befolkingsticht.1948,7 / km²
Hichte3 m
Oar
Stifting1629
Tiidsône(UTC5)
Simmertiid(UTC-4)
Offisjele webside
www.salem.com
Plak fan Salem yn Essex County yn Massachusetts
It heksemuseum yn Salem

Salem is in stêd yn de Amerikaanske steat Massachusetts, sa'n 23 km noardeastlik fan Boston. De stêd hat 40.992 ynwenners yn 2007. De namme "Salem" is ôflaat fan it Hebriuwske wurd sjalom, dat 'frede' betsjut.

Salem waard 1626 fan in rûnte purityske fiskers om Roger Conant hinne stifte. Salem is fral ferneamd troch de hekseprosessen fan Salem fan 1692, op 't heden in moaie toeristyske ynstruier foar de stêd. Hoewol't de prosessen yn Salem holden waarden, kamen de measte fertochten út it eartiidske Salem Village, dêr't de namme fan letter feroare waard yn Danvers. Arthur Miller syn toanielstik The Crucible út 1953 makke Salem wrâldwiid ta in begryp.

Salems meast wichtige rol yn de skiednis fan de Feriene Steaten is lykwols dat it in havenstêd fan belang wie foar de hannel mei it Fiere Easten. Dy hannel makke fan Salem in rike stêd yn de 18e en 19e iuw, wat noch goed te sjen is oan de protte âlde huzen.

Ferneamde lju út Salem

  • Nathaniel Bowditch, wiskundige, astronoom en natuerkundige
  • George Cabot, politikus
  • Benjamin Williams Crowninshield, marineminister fan de FS
  • Gardner Dozois, skriuwer en redakteur
  • Arthur Foote, komponist
  • Benjamin Goodhue, politikus
  • Nathaniel Hawthorne, skriuwer
  • Benjamin Johnson Lang, oargelist, pianist, dirigint en komponist
  • John Larch, akteur
  • Charles Osgood, keunstskilder
  • Charles Grafton Page, útfiner
  • William Hickling Prescott, histoarikus

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.