Saksnot, Saksnōt of Seaksneat is in heidenske god fan de Friezen en Saksen.
By de Friezen waard yn ferskillende goaden leaud. Hja leauden û.o. yn Fosite en yn de bekendere Tonger, Weda en Saksnot. Saksnot komt foar as tredde god yn it Uterske doopsûnthjit en wurdt faak fergelike mei de Germaanske god Tyr, de god fan de oarloch. Hy wurdt er wol sjoen as stamgod fan de Saksen [1].
Saksnot waard oanbean op it noardwest-Jeropeeske fêstelân en yn it troch de Saksen oermastere diel fan Ingelân. Troch William Chaney, is Saksnot identifisearre as in soan fan Weda en Frija, en mear yn it bysûnder, identyk mei de god Tyr. [2] Jacob Grimm yn syn Teutonyske Mytolgy leit er it twadde part fan de namme letterlik út as it Dútske "ge-nosse", yn it Frysk "genoat" of "freon".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|