Skiednis fan Dútslân

Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
Besetting troch de Alliëarden
West en East-Dútslân
Bûnsrepublyk Dútslân

De Saksekriich of Sakse-oarloch wie in rige oarloggen tusken it Frankyske ryk fan Karel de Grutte en de Saksen, dy't duorre fan 772 oant 804 en liede soe ta de pasifikaasje fan de Saksen. By dy kriich wie grutste tsjinstanner fan Karel, Widukind de oanfierder fan de Saksen en wienen betiden ek Friezen belutsen. Sy kamen in oantal kear yn opstân en stipen de Saksen.

Oanlieding

Nei it Grutte Folkeferfarren wennen de Saksen tusken de Noardsee en de Harz en de Ryn en de Elbe. Sy wienen stadichoan foar in part skatplichtich wurden oan de Frankyske keningen, mar wienen net ûnderhearrich. Oars as de katolike Franken holden sy harren noch fêst oan it âlde Germaanske leauwen, in heidenske religy. Fierders hie him by de Saksen noch net in sintraal gesach ûntwikkele lykas dat by oare folken wol it gefal wie. Foar it meastepart libben sy yn losse stamferbannen en wol gauris waard der in rôftocht holden op Frankysk grûngebiet.

It Frankyske Ryk fan 481 oant 814

Yn 772 hold Karel de Grutte syn earste fjildtocht tsjin de Saksen. Ut de skreaune boarne doch net hielendal bliken oft it Karel der om gong de rôftochten te stopjen of dat er in begjin meitsje woe mei in folsleine oermastering omdat er de kerstening en de yntegraasje fan de Saksen foar eagen hie. De fjildtochten dy't er tsjin it Saksyske folk hold wienen yn alle gefallen dêrop rjochte harren gebiet by it Frankyske ryk te foegjen. Troch de iere boarnen, lykas de Annales regni Francorum en de Vita Karoli Magni binne wy fan Frankyske side aardich ynformearre oer it ferrin fan de kriich. Lykwols binne der net folle archeologyske fynsten dien. Spoaren fan ûntfolking troch deportaasjes fan de Saksen dêr't de boarnen it oer hawwe binne noch net werom fûn.

Oermastering (772-778)

De earste kriich duorre twa jierren (772-773) en ferrûn earst tige súksesfol. Fier yn it Saksenlân ferneatige Karel de Irminsul, it wichtige hillichdom dat ek as gearkomstplak tsjinne foar de lieders fan it folk. Hjirmei rekke er de Saksen djip yn it hert fan harren gebiet en macht. Lykwols hie de ferneatiging yn earsten ynstânsje in dwersferkeard effekt op it ferrin fan de kriich. De Saksen seagen de ferneatiging fan Irminsul as in oantaasting fan harren frijheid en de striid boaze fûl wer oan. Oeral sloegen de Saksen werom. Sa waard de krekt boude tsjerke fan Lebuïnus by Dimter yn brân stutsen en moast Karel syn strafekspedysje werhelje.

Yn de saneamde simmerkriich dy't it jier dêrop fierd waard, wie op 'e nij súksesfol en late ta de oermastering fan it hiele Sakselân. Karels leger stuts de Ryn oer en oermastere ûnder oaren de Syburch (by Dortmund) en de Eresburch (tsjintwurdich Marsberch) en dêr't de Irminsul stien hie. Hy stuts troch oant de Wezer en neidat er it grutste part fan de Saksen ferslein hie, gong har kriichslieder Hessy oer ta it kristendom. Karel fierde ûnderhannelings mei Saksyske eallju dy't ree wienen mei him gear te wurkjen. Dêrby hold er gizelers foar it gefal dat.

Doe't de tastân rêstich like, gong Karel nei Itaalje dêr't de kening fan de Langobarden, Desiderius ûnderdak ferliende oan de soannen fan syn ferstoarne broer Karloman I. Yn de tuskentiid kamen op ferskate plakken de Saksen ûnder lieding fan Widukind, in Westfaalske haadling yn opstân. Sy oermasteren Dimter, Frankyske delsettingen en tsjerken en wienen benammen aktyf yn it tsjintwurdige Rynlân. De Angrivaarjers, in Saksyske stam belegere Fritzlar, mar soenen troch de Franken gau tebek dreaun wurde.

Karel brocht yn 775 in twadde fjildtocht tsjin de Saksen yn stelling. It leger krong fia Syburch, Earesburch en Brunsberch (Höxter) it Eastsaksische grûngebiet yn oant de Oker, dêr't in part fan de Saksen harren ûnderwurpen oan de Frankyske kening. De weromtocht fan it leger gong fia Hildesheim en Nordstemmen nei de Bukkigoa om Bückeburg, dêr't de Angrivaarjers, Frankyske gizelers fêstholden. Dêrwei luts Karel nei „Hlitbeki“ (Lübbecke), om syn eigen minsken militêr by te stean. Nei in kriichstocht yn Itaalje yn 776 moast Karel lykswol werom keare, omdat de Saksen syn fort by Eresburch ferneatige hienen. Op 'e nij fersloech hy de Saken en yn 777 hie it meastepart fan de Saksen harren wer ûnderwurpen oan syn gesach. De lieder fan de opstannelings Widukind moast flechte nei Denemarken.

Op Saksyske grûn fûn foar de earste kear in Frankyske gearkomst plak, de foarrinner fan ryksdei, winliken yn it krekt stifte Karlsburch, nei alle gedachten by it hjoeddeistige Paderborn. It doel fan dizze gearkomst wie it ferhastigjen fan de bekearing fan de Saksen, dêr't ûnder oare Angelsaksyske misjonarissen út Ingelân foar ynsetten waarden. Karel de Grutte stribbe dernei om krekt as yn oare oermastere gebieten, bygelyks dat fan de Friezen, de tsjerken mei harren delsettings (kleasters) en administrative tradysje (boekhâlding) as tasichtynstrumint te brûken.

Yn 778 wie Karel op kriichspaad tsjin de Sarasenen yn Spanje. Doe't hy dêrfan werom kearde makke hy yn 779 de ûnderwerping ôf. Hy oermastere Eastfalen, Engern en Westfalen.

De grutte opstân (782-785)

Nei 't er de Saksen sa goed as pasifisearre hie, waard troch Karel nei Frankysk foarbyld it lân yndield yn greefskippen. Ek fierde er ferskate heffings yn, ferbea de heidenske earerites en twong de befolking it kristlik leauwen oan te nimmen. Dêrby besocht er de Saksyke eallju foar him te winnen troch harren te befoarrjochtsjen. Hy joech harren lân yn lien en joech erflike titels wei. By it gewoane folk foel dizze polityk net yn goede ierde. Benammen de bekearingen dy't ûnder twang útfierd waard, joech in soad argewaasjes en ûnfrede dat liede soe ta nije opstannen ûnder in part fan de Saksen.

Yn 782 wergroepearren de opstannige Saksen harren en oerfoelen hieltyd op 'e nij doarpen fan de Sjatten yn it tsjintwurdige Hessen. Sy keazen de side fan de weromkearde hartoch Widukind dy't him diskear better taret hie as foarhinne. Ek de Friezen eastlik fan de Lauwers dy't krekt as de Saksen noch mar amper by it Frankyske ryk hearden, kamen yn opstân. Troch de súksessen waarden de Saksen hieltyd dryster en holden har net langer dwaande mei rôftochten, mar besochten diskear de Franken te ferdriuwen. Yn de Slach by de Süntel ferneatige Widukind in hiel Frankysk leger. As te ferwachten wie, waard Widukind foaral stipe troch de boerestân, wylst in part fan de eallju oan de side fan de Franken stie.

It antwurd fan Karel op dizze grutte opstân wie in nije fjildtocht yn 783. Oan it haad fan it leger fierde hy yn it tiidbestek fan inkele dagen twa kear slach tsjin de Saksen. De Slach by Detmold wie it earste treffen dat ferfolge wurde soe yn de Slach oan de Hase. Karel helle yn beide slaggen de oerwinning en reagearre mei hurde hân op de wiidweidige Saksyske tsjinstân, û.o mei it beruchte Bloedbad fan Verden yn Verden, dêr't tûzenen Saksen ûnthalze wurde soenen. Dat oantal fan 4500 neamd yn de boarnen wurdt foar in part as oerdreaun beskôge, omdat archeologyske spoaren fan in sadannige slachting oant no ta net werom fûn binne. In skriuwflater heart ek ta de mooglikheden, wêrby't delocalare (="deportearje") as decollare (="ûnthalzje") skreaun wêze kin.

Karel liet him yn de kriich troch misjonarissen helpe en makke in spesjale wet (Capitulatio de partibus Saxoniae) dêr't eltsenien mei de deastraf bestraft waard as er him net ta it Kristlike leauwen bekearde of him hâlde oan heidenske brûkmen lykas kremaasje fan deaden of it iten fan fleis op yn de festeldagen. Ek deportaasje waard troch Karel brûkt as middel om de Saksen te ûnderwerpen. Sels yn it fermidden om Karel hinne stuite soks op beswierren. Ealwyn, dy't letter abt wurde soe fan de Sint-Martinustsjerke fan Toers, hat in brief skreaun dêr't er Karel freget him efterhâldend te hâlden, omdat it wurd fan God net mei it swurd, mar mei preekjen ferspraat wurde moast. Lykwols set Karel syn wrede en hurde kerstening troch, dat him de bynamme Sakseslachter oplevere.

Yn 785 slagget Karel dêryn troch ûnderhannelings mei Widukind frede te sluten en in ein te meitsje oan de opstân. Widukind lit him oerhelje op geunstige kondysjes lienhear fan Karel te wurden.

Lytsere opstannen (792-804)

Ek al hie it meastepart fan de Saksen harren by it ferlies dellein, sa no as dan kaam de striid wer opsetten. De oanlieding foar in nije grutte opstân wie de twongen rekrutearringen fan Saksen foar de Avarenkriich yn it easten. Ek de oanswettende Friezen slute har by dizze opstân oan. Karel reagearre mei deportaasjes en joech Saksysk lân fuort oan Frankyske eallju en syn Abodrityske bûnsmaten. De plakken dêr't de Saksen nei ferbanne waarden binne tsjintwurdich noch te werkennen oan de plaknammen. Al gau wie de opstân foar in grut part oer, mar oant 804 bleau it ûnrêstich.

Boarnen

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.