De Sahel is in lânsdouwe yn Afrika. It gebiet leit tusken de subtropen yn it suden (10 graden noarderbreedte) en de Sahara yn it noarden (likernôch 23,5 graden noarderbreedte). Oan de westkant wurdt it gebiet beheine troch de Atlantyske Oseaan en oan de eastkante troch de Reade See. Likernôch itselde gebiet hat earder de namme Soudan hân, dat net trochinoar helle wurde moat mei it hjoeddeistige lân Sûdan.
Namme
De namme Sahel komt fan it Arabyske ساحل, sahil, dat 'kust' of grins betsjut, dêr't de kust fan de woastine mei bedoeld wurdt. Dêrom wurdt bygelyks de relatyf lytse kuststripe by Sousse yn Tuneezje Sahel neamd.
Geografy
De Sahel rint fan east nei west, oer it hiele Afrikaanske wrâlddiel. Yn it westen wurdt it begrinzge troch de Atlantyske Oseaan en yn it easten troch de Reade See, it hat in langte fan 3.862 kilometer. De breedte feroaret fan inkele hûnderten kilometer oant tûzen kilometer. It totale oerflak is sa’n 3.053.200 kante kilometer.
De Sahel is in oergongsgebiet tusken woastyn en savanne dêr't it tige skrok is en dêr't sprake is fan ferwoastining fan it oarspronklik savannelânskip. De ferwoastining is tagelyk it wichtichste miljeuprobleem. Trochstrings bedraacht de delslach sa'n 150 oant 500 mm yn it jier. It meastepart fan de rein falt yn it reinseizoen. Trochdat de waaksende befolking in protte (brân)hout brûkt en keppels fee de jonge leaten fan de fegetaasje opfrette, ferdwynt de fegetaasje en kin de woastyn oprukke. Foar in protte minsken is it finen fan geskikt drinkwetter in grut probleem.
It giet om in relatyf flak gebiet op in hichte, yn de measte parten, tusken de 200 en 400 meter. Ferskate plato’s en berchrêgen lizze yn it gebiet, mar se wurde net ta it ekologyske gebiet fan de Sahel rekkene omdat dêr oar libben is.[1]
Nei alle gedachten hat de Sahel te krijen mei globale sinsfertsjustering, dat it gefolch is fan fersmoarging fan de atmosfear troch de útsjit fan ôffalstoffen. Reindrippen foarmje har yn de atmosfear troch harren fêst te setten oan swevende dieltsjes, oant se sa swier wurden binne dat se delkomme as rein. Troch de fersmoarging binne der mear dieltsjes yn de atmosfear, wêrtroch der mear drippen foarme wurde. Mear swevende drippen betsjut dat der mear ljocht fan de sinne tsjin hâlden wurdt en werom de romte yn reflektearre wurdt. Der binne ek minsken dy’t sizze dat dit alles in natuerlik barren is, en it yn it ferline op oare plakken op ierde ek bard hat. Omdat de Sahel ticht by de evener leit, kinne der sokke ekstreme temperatueren ûntstean. De wittenskiplike saakkundigens wat klimaat oanbelanget is op it stuit net folslein om in goeie konklúzje lûke te kinnen.
Yn de skiednis hat de Sahel it gebiet west fan in ferskaat oan grutte keninkriken dy’t gebrûk makken fan hannel troch de woastine. Dizze steaten wurde wol de Sahelske keninkriken neamd.
Lannen
De neikommende lannen lizze yn it gebiet fan de Sahel. De lannen steane opnomd fan west nei east:
Ek de noardlike parten fan Ivoarkust, Gana, Togo en Benyn kinne der ta rekkene wurde. In protte Sahellannen hearre ta de earmste fan de wrâld.
Floara en Fauna
De Sahel is foar it meastepart bedekt mei gerslân en savanne, mei gebieten fan bosk en beamkeguod. Gers komt hast oeral yn it gebiet foar, gerssoarten as Cenchrus biflorus, Schoenefeldia gracilis en Aristida stipoides groeie der. Akasia beammen komme in protte foar, mei de Acacia tortilis as measte, tegearre mei Acacia senegal en Acacia laeta. Oare beamsoarten binne Commiphora africana, Balanites aegyptiaca, Faidherbia albida en Boscia senegalensis. Yn de noardlike kriten komme it woastine beamkeguod foar, mei stikken gerslân en savanne. Yn it drûge seizoen falle by in soad beammen it blêd ôf en giet it gers dea.
De Sahel is it thús fan grutte populaasjes fan grutte gersiters, wêrûnder de hoarn-antilope, guon soarten gazellen, tegearre mei inkelde Afrikaanske rôfbisten, lykas de Afrikaanske wylde hûn, it jachtluipaard en de liuw. De populaasjes fan de grutte bistesoarten binne yn de rin fan de tiid bot ôfnaam troch de jacht en kompetysje mei it fee fan de boeren. Guon soarten wurde bedrige of bin al útstoarn.
Somplannen komme ek yn de Sahel foar. Se binne wichtich foar de migraasjefûgels dy’t binnen Afrika lûke of tusken Jeropa en Afrika.[2]
Buorkjen
De earsten bewizen fan planten dy’t foar it buorkjen plante waarden yn de Sahel komme fan om 5000 foar Kristus, doe waarden kafferkoaren en rys plante. Om de selde dy’t, en yn deselde regio, waard it pearelhúnder tam makke.
Om 4000 foar Kristus waard it klimaat yn de Sahel en de Sahara yn rap tempo drûger. Dizze klimaat feroaring soarge derfoar dat marren en rivieren lytser en smeller waarden, wêrtroch it ferwoastinings proses op gong kaam. Hjirtroch waard it lân dêr’t op buorke wurde koe hieltyd lytser, dat der kaam in migraasje op gong fan boeremienskippen dy’t ferfarden nei West Afrika.
Nomaden
Fan âlds út hat de Sahel it gebiet west dêr’t nomaden yn libben. Se buorken en hienen fee en ferhuzen yn it reinseizoen nei it noarden en yn it drûgere seizoen nei it suden. Nei alle gedachten is it de bêste manear fan libben yn de Sahel, ek foar it behâld fan de natuer. It ferskil tusken it noarden en it suden yn fegetaasje is dat it drûge noarden in mear foedsumere boaiem hat, wylst it suden wieter is. Sa yn it drûge seizoen waard der ferhuze nei plakken wêr’t in soad te iten wie, mar dat net tige foedsum wie. Yn it wiete seizoen gie it folk nei it noarden, wêr’t mear foedsumer iten wie.
Dizze manear fan libben komt hieltyd minder foar. Minsken gienen harren mei de tiid mear op ien plak setten, dit hat de reden west fan ferskate konflikten mei nomaden yn it gebiet.
Sahelske keninkriken
De Sahelske keninkriken binne in ferskaat oan keninkriken west dy’t harren yn de Sahel setten hienen. De keninkriken krigen harren rykdom troch de hannelsrûtes troch de Sahel te kontrolearje. De macht kaam fan in grut pak oan bisten as kamelen en hynders dy’t hurd genôch koenen om in grut keninkryk ûnder kontrôle te hâlde, ek waarden se ynset foar fjildslaggen. Al dizze keninkriken wienen desintralisearre, ferskate stêden hienen sels in protte te sizzen, yn de foarm fan selsbestjoer. De earste grutte keninkriken fan de Sahel ûntstienen nei 750, mei ferskate grutte stêden by de rivier de Niger, wêrûnder Timbûktû, Gao en Djenné.
Drûchte
Yn 1914 hat der in grutte drûchte west yn de Sahel, de jierlikse reinen wienen net bot genôch, dat der ûntstie in krapte oan wetter. Yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw foel der in soad wetter, wêrtroch de noardlike parten fan de Sahel tagonkliker waarden. Minsken ferhuzen nei it noarden, ek ûndersteund troch de regearingen fan de lannen. Mar mei it útbrekken fan in lange drûge perioade, tusken 1968 en 1974, wie it net mear mooglik om dêr te wenjen. Grutte stikken fan it lân rekken ferlitten. Lykas yn 1914 ûntstie der in krapte oan wetter, mar dat waard no, foar in doel, opfong troch de ynternasjonale mienskip. Dizze situaasje let ta de stifting fan de Ynternasjonale Fûns foar lânbou-ûntwikkeling.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |