De Sagrada Família (Hillige Famylje) is in katolike tsjerke yn de Katalaanske haadstêd Barcelona.
Yn 1882 begûn de bou fan de tsjerke dy't troch Antoni Gaudí yn nijkatalaanske styl ûntwurpen is. De tsjerke moat yn 2026 klear wêze, mar wierskynlik sil de bou noch langer duorje.
It part fan de tsjerke dat troch Gaudí ûntwurpen is, is yn 2005 oan de UNESCO-wrâlderfgoedlist taheakke.
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.