Saesee Tiin personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Iktotchi | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Mace Windu Yoda Kit Fisto Adi Gallia Plo Koon | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Saesee Tiin (útspr.: [ˈsai̭siː ˈtiːn], likernôch: "sai-sii tiin") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Iktotchi, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Saesee Tiin waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film spile troch Khan Bonfils, yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones troch Jesse Jensen, en yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith troch Kenji Oates. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars waard de dialooch fan Saesee Tiin ynsprutsen troch stimakteur Dee Bradley Baker.
Fiktive biografy
Eftergrûn
Saesee Tiin wurdt berne as in Iktotchi op 'e moanne Iktotch. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al tige jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Tiin ûntjout him ta in foaroansteand lid fan 'e Oarder en wurdt om 40 f.Sl.Y. beneamd yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Oarder.
Nabookrisis
Tiin tsjinnet noch yn 'e Hege Jedi Ried as yn 32 f.Sl.Y. de Nabookrisis útbrekt. Hy is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e Hege Jedi Ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.
Tiin is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Tiin, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en master Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.
Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan. Saesee Tiin is ien fan 'e leden 'e Hege Jedi Ried dy't mei Yoda en Mace Windu nei Naboo ta reizgje. Hy is dêr oanwêzich by de kremaasje fan Qui-Gon Jinn en de oerwinningsparade yn 'e haadstêd Theed.
It romteskip fan Darth Maul wurdt neitiid op Naboo weromfûn. Nei't de technisy dy't oan board geane, omkomme troch automatisearre ferdigeningsmeganismen, wurdt Tiin derby roppen, dy't de Krêft brûkt om it skip feilich te meitsjen. Oan board wurdt in grutte hoemannichte spionaazje-apparatuer oantroffen, mar út 'e kompjûtersystemen blykt alle ynformaasje wiske te wêzen.
Kloane-oarloggen
Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Tiin noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is ien fan 'e Jedi-masters dy't mei Mace Windu nei de planeet Geonosis reizgje om Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala te rêden, dy't dêre troch de Sith greve Dooku ta de deastraf feroardiele binne. Tiin oerlibbet de Earste Slach om Geonosis en wurdt in generaal yn it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat.
Yn 'e Kloane-oarloggen tsjin 'e separatisten fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels nimt Tiin mei trije oare leden fan 'e Hege Jedi Ried, Adi Gallia, Plo Koon en Kit Fisto, diel oan 'e rêding fan in team besteande út û.o. Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en Ahsoka Tano, dat derop útstjoerd is om Jedi-master Even Piell en luitenant-kolonel Wilhuff Tarkin te befrijen út 'e Sitadel, in berucht separatistysk tichthûs. Hoewol't Piell by de rêdingsaksje omkomt, bliuwt de geheime ynformaasje dy't hy en Tarkin ferfierden doe't se finzen nommen wiene, beholden.
Op in letter stuit yn 'e Kloane-oarloggen oppenearret Tiin om 'e Gunganen, in amfibysk ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op 'e planeet Naboo, om help te freegjen as de troepen fan 'e Galaktyske Republyk op 'e oseaanwrâld Mon Cala troch de separatisten ûnder de foet rûn driigje te wurden. De Gungaanske fersterkings berikke Mon Cala krekt op 'e tiid om in nederlaach tsjin te kearen.
Mei û.o. Mace Windu en Ki-Adi-Mundi is Tiin ien fan 'e leden fan 'e Hege Jedi Ried dy't Ahsoka Tano út 'e Jedi Oarder sette en yn it tichthûs smite foar in bomoanslach en dêropfolgjende moard, mei't alle bewizen yn har rjochting wize. As Anakin Skywalker letter oan it ljocht bringt dat Ahsoka har freon Barriss Offee de wiere skuldige is, besykje Windu, Tiin en de oaren it goed te meitsjen troch har rehabilitaasje oan te bieden, mar dat wiist Ahsoka desyllúzjonearre fan 'e hân.
Yn 19 f.Sl.Y., oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, fjochtet Tiin mei yn 'e Slach om Coruscant, wêrby't generaal Grievous, de opperbefelhawwer fan 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, in domdryste wraam op 'e planeet Coruscant docht, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. Yn 'e slach feroverje Tiin en de kloansoldaten dy'er ûnder syn befel hat in grut separatistysk stjerreslachskip.
Dea
Koarte tiid letter komt Anakin Skywalker mei it nijs dat kânselier Palpatine oan him bekendmakke hat dat er eins nimmen oars is as de Sith-master Darth Sidious, dy't efter alle tsjinrampen sit dy't de Galaktyske Republyk de lêste desennia troffen hawwe. Mace Windu set mei Saesee Tiin en twa oare Jedi-masters fan 'e Hege Jedi Ried, Kit Fisto en Agen Kolar, nei it kantoar fan 'e kânselier ta om him te arrestearjen. Palpatine jout himsels lykwols net sûnder slach of stjit oer en der brânt in gefjocht mei de ljochtsabels los. Yn 'e earste pear sekonden fan dat gefjocht wit Palpatine fuortendaliks al Tiin en Kolar oer it mad te kommen en te deadzjen.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |