Saché Adova personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Sashah Adova | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske (Nabooaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | hofdame, politika | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Padmé Amidala Sabé Rabé Tonsort Eirtaé Ballory Quarsh Panaka Sio Bibble | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Saché Adova (útspr.: [sɑˈʃeː ɑˈdoʊvɑ], likernôch: "sa-sjee ah-doo-va"); folút: Sasha Adova) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in hofdame fan keninginne Padmé Amidala fan Naboo en waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). De rol fan Saché waard spile troch Sofia Coppola, de dochter fan Lucas yn goede freon Francis Ford Coppola.
Fiktive biografy
Oanstelling as hofdame
Saché Adova is berne op 'e planeet Naboo. Mei tolve jier wurdt se rekrutearre troch kaptein Quarsh Panaka, de kommandant fan 'e paleiswacht, om as hofdame te tsjinjen foar de nije, koartby ferkeazen keninginne Padmé Amidala. Panaka komt foar it earst mei har yn 'e kunde wannear't er om him hinne sjocht nei gaadlike kandidates foar de posysje fan hofdame op in workshop oangeande aktearjen, wat him in tige brûksum talint foar sokke fammen taliket. Saché falt him op as er yn 'e kûlissen letterlik oer har stroffelet. Letter komt er ta de konklúzje dat se him mei opsetsin stroffelje litten hat om't se belangstelling foar de posysje fan hofdame hat mar dat net planút sizze wol.
Saché is de jongste fan 'e hofdames yn 'e entoeraazje fan Padmé, dêr't û.o. ek Sabé, Rabé Tonsort en Eirtaé Ballory ta hearre. Mei't se omreden fan har leeftyd net, lykas Sabé en eventueel de oaren, as dûbelgongster fan 'e keninginne tsjinje kin, nimt Saché de taak fan paazje fan 'e keninginne op har.
Nabookrisis
Yn 'e Nabookrisis, dy't letter dat jiers útbrekt, stelt de Hannelsfederaasje in blokkade tsjin Naboo yn en giet letter sels oer ta in ynvaazje en besetting fan 'e planeet. Saché bliuwt efter op Naboo as keninginne Padmé mei Sabé, Rabé en Eirtaé ûnder beskerming fan 'e Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi fan 'e planeet ûntsnapt om yn 'e haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant te besykjen en krij stipe fan 'e Galaktyske Senaat en kânselier Finis Valorum. Tegearre mei in oare hofdame, Yané, jout Saché har by it ferset op Naboo, wêrfoar't se beiden as koeriersters fungearje. Se wurde lykwols finzen nommen troch de besetters en yn in kriichsfinzenekamp pleatst, dêr't se tegearre op ien bêd sliepe moatte. Yn 'e tsjinst fan Padmé hawwe se altyd sekuer foarkomd om te deun byinoar te wêzen, mei't der in wjersidige seksuele oantrekking tusken har beiden bestiet. Yn it kamp komme se der einlings foar út dat se fereale opinoar binne.
Yn it kriichsfinzenekamp giet Saché troch mei har wurk as koerierster troch boadskippen oer te bringen tusken wichtiger finzenen dy't apart holden wurde. Hja wurdt úteinlik trappearre en martele foar ynformaasje oer it ferset, mar wit it út te hâlden oant de weromkear op Naboo fan Padmé en de oaren. It slagget de keninginne neitiid om troch it sluten fan in militêr bûnsgenoatskip mei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat op Nabou lânseigen is, in ein oan 'e besetting wit te meitsjen.
Lettere jierren
Nei't Padmé har termyn as keninginne fan Naboo fjouwer jier letter úttsjinne hat, stelt Saché har ferkiesber foar de Planetêre Assimblee fan Naboo, dêr't se in sit yn wint. Sy en Yané wenje gear yn in grut hûs dêr't Yané in kloft bern grutbringt dy't wees wurden binne yn 'e oarloch. As politika wurket Saché nau gear mei gûverneur Sio Bibble, dy't se as in mentor beskôget. Fjouwer jier nei de ein fan Padmé har regear trouwe Saché en Yané by in seremoanje yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed.
Nochris fiif jier letter treedt Sio Bibble omreden fan syn hege jierren ôf as gûverneur fan Naboo. Saché is de kânsrykste gadingmakker om him op te folgjen, mar ear't dat barre kin, hellet kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten en rjochtet yn it plak dêrfan it Galaktysk Keizerryk op, mei himsels as keizer. Hy leit it near op alle frije ferkiezings en stelt as opfolger fan Bibble op Naboo de eardere kommandant fan 'e paleiswacht Quarsh Panaka oan yn 'e nije posysje fan moff. Yn 'e folgjende jierren giet Saché as planetêr politika troch mei it krewearjen foar de belangen fan har thúswrâld.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |