Sacajawea
It stânbyld fan Sacajawea yn Bismarck, foar it Steatskapitoal fan Noard-Dakota.
It stânbyld fan Sacajawea yn Bismarck,
foar it Steatskapitoal fan Noard-Dakota.
persoanlike bysûnderheden
oare nammeSacagawea, Sakakawea
berne±1788
berteplakby Salmon (Idaho)
stoarn20 desimber 1812 (?)
stjerplakde Fort Manuel Lisa hannelspost
(Noard-Dakota)
etnisiteit Noardlik Sjosjoansk
wurkpaad
aktyf asgids
jierren aktyf18051806
reden
  bekendheid
beselskippe de Ekspedysje fan
   Lewis en Clark
nei de westkust
   fan Noard-Amearika

Sacajawea (Ingelske útspr.: [sækǝʤǝ'wi:jǝ]; by Salmon (Idaho), ±1788 – de Fort Manuel Lisa hannelspost (Noard-Dakota), 20 desimber 1812?) wie in Yndiaanske frou fan 'e Lemhy-substamme fan 'e Noardlike Sjosjoanen, dy't yn 'e Amerikaanske skiednis ferneamd wurden is om't hja har mei har Frânsk-Kanadeeske man by de romrofte Ekspedysje fan Lewis en Clark (1804-1806) joech en meiteach oer flakten, rivieren en bergen nei de fiere westkust fan Noard-Amearika, en dêrby tusken de bedriuwen troch it libben skonk oan in poppe. Har namme hat yn 'e Feriene Steaten wol in legindaryske lading krigen, ferlykber, miskien, mei dy fan Pokahontas, en it is ien dy't alle Amerikaanske skoalbern leare.

Namme

Der bestiet in langjierrige kontroverse oer de stavering fan Sacajawea har namme. Tradisjoneel giet men derfan út dat har namme fan oarsprong út 'e taal fan 'e Hidatsa komt, it folk dat har finzen naam. De namme soe in gearstalling wêze fan 'e wurden cagáàga ([ʦa'ɡa:ɡa], "fûgel") en míà (['mia], "frou"), en soe dus Cagáàgawia ([ʦa'ɡa:ɡawia], "fûgelfrou") wêze (de diakrityske tekens jouwe opgeande en delgeande toan oan). De gebrûklike Ingelske stavering "Sacagawea" wjergalmet de Hidatsa-stavering, al wurdt de namme standert útsprutsen as [sækǝʤǝ'wi:jǝ], sis mar "Sakkedzjewië", dus mei in dzj oan it begjin fan it trêde wurdlid ynstee fan in g, en mei de klam op it fjirde wurdlid. "Sacagawea" is sûnt 1910 de offisjele stavering dy't oanholden wurdt troch de Amerikaanske federale oerheid yn offisjele dokuminten en oare offisjele teksten.

De Hidatsa sels jouwe lykwols de foarkar oan 'e stavering Sakakawea (útspr.: [sǝkɑ:kǝ'wi:ǝ]). Dy stavering wurdt rûnom brûkt yn 'e steat Noard-Dakota, dêr't de Hidatsa yn 'e mande mei twa oare Yndiaanske folken it Fort Berthold Yndianereservaat bewenje, en dêr't Sacajawea as steatsheldinne beskôge wurdt. Sa is bygelyks Lake Sakakawea, in kearmar yn 'e rivier de Missoury, oan syn namme kommen.

De Sjosjoanen, Sacajawea har bertefolk, brûke lykwols de stavering "Sacajawea" of "Sacajewea", mei't se de namme as in Sjosjoanske beskôgje, in ferbastering fan Saca-tzaw-meah, wat "boatelûkster" of "boatetriuwster" betsjut. De Sjosjoanen beweare dat de Hidatsa, dy't Sacajawea finzen namen, inkeld har namme neffens harren eigen taal reyntrepretearre hawwe. De moderne wittenskip beskôget "Sacajawea" oer it algemien as in ferkearde stavering, en sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw is dizze staveringswize yn ûnbrûk oan it reitsjen, mar de útspraak fan 'e namme op dizze wize is frijwol algemien.

Biografy

Ier libben

Der is net folle oer Sacajawea bekend. Se waard berne as in lid fan 'e Lemhy-substamme fan it folk fan 'e Noardlike Sjosjoanen, om 1788 hinne, yn wat no it suden fan 'e steat Idaho is, wierskynlik deunby it hjoeddeiske plak Salmon. Yn 1800, doe't se likernôch tolve jier wie, waarden sy en ferskate oare Sjosjoanske famkes by in oerfal fan 'e Hidatsa ûntfierd. Sacajawea bedarre yn in Hidatsa-doarp yn 'e buert fan it hjoeddeiske Washburn, yn Noard-Dakota. In jier letter, doe't se trettjin wie of dêr by om, waard se ta frou nommen troch Toussaint Charbonneau, in Frânsk-Kanadeeske pelsjager dy't yn itselde Hidatsa-doarp tahold. Dy wie earder ek al mei in oar Sjosjoansk famke, Otterfrou, troud. Hoe't dat krekt yn syn wurk gie, is net bekend, mar der binne ferhalen dat Charbonneau beide famkes fan 'e Hidatsa kocht, of dat er Sacajawea wûn by in gokspul.

Sacajawea wiist Lewis en Clark it paad.
Edgar Samuel Paxson (1852–1919)

De ekspedysje fan Lewis en Clark

Doe't yn 'e lette hjerst fan 1804 it selskip fan Meriwether Lewis en William Clark by it doarp lâns kaam, wie Sacajawea swier fan har earste bern. Lewis en Clark bouden Fort Mandan om dêrsanne te oerwinterjen, en begûnen om te sjen nei pelsjagers dy't harren yn 'e maityd ta gids of tolk tsjinje koene op harren wei nei de westkust ta. Doe't se ûntdieken dat Charbonneau syn froulju Sjosjoansk spriek, namen se him dêrfoar oan, op betingst dat er ien fan syn froulju meinimme soe op 'e tocht. In wike letter loeken Charbonneau en Sacajawea by de Amerikanen yn Fort Mandan yn, dêr't sy op 11 febrewaris in poppe te wrâld brocht, in jonkje dat Jean-Baptiste Charbonneau kaam te hjitten.

Yn april 1805 sette de ekspedysje wer ôf, wêrby't Sacajawea op 14 maaie de deiboeken fan Lewis en Clark (dy't neitiid fan ûnskatbere histoaryske wearde blike soene te wêzen) út it wetter fiske nei't harren kano omslein wie. As tank dêrfoar ferneamden de mannen seis dagen letter de rivier de Sacagawea nei har. Doe't de ûntdekkingsreizgers dy simmer troch it lân fan 'e Sjosjoanen reizgen, kaam Sacajawea har memmetaal harren goed fan pas. Ienris oan 'e westkust waard der op 24 novimber troch alle leden fan 'e ekspedysje (de frou Sacajawea en Clark syn swarte tsjintfeint York ynbegrepen) stimd oer it plak dêr't se oerwinterje soene.

Op 'e weromweis rette Sacajawea Lewis en Clark oan om 'e Rocky Mountains oer te stekken troch de berchingte dy't neitiid bekend kaam te stean as de Bozemanpas, in optimale rûte, dêr't letter de Northern Pacific Railway lâns oanlein wurde soe. Hoewol't Sacajawea foarhinne withoefaak ôfskildere is as de gids fan Lewis en Clark, is dit ien fan 'e mar in pear gelegenheden dêr't dat út blykt. Moderne wittenskippers binne fan miening dat har rol en wichtichheid yn it ferline slim oerdreaun binne. Wol jouwe se ta dat hja op oare mêden foar de ekspedysje fan belang wie, fral om't de fertsjintwurdigers fan lânseigen folken dy't se ûnderweis tsjinkamen, it yn 'e regel as gerêststellend ûnderfûnen dat in frou fan dúdlik Yndiaansk komôf, noch wol mei in lytse poppe by har, diel útmakke fan it nuvere selskip.

It Sakakawea Monument te Mobridge, yn Súd-Dakota.

Letter libben (en dea?)

Doe't de ekspedysje wer by Fort Mandan lâns kaam, namen Charbonneau en Sacajawea dêr ôfskie fan 'e Amerikanen, wêrnei't se noch trije jier yn itselde Hidatsa-doarp libben. William Clark hie ûnder de reis in swak krigen foar de poppe Jean-Baptiste, dy't er fan "Pomp" of "Pompy" neamde, en hy trune der yn brieven by Charbonneau op oan om it jonkje nei him ta te stjoeren sadat er op syn kosten ûnderwiis genietsje kinne soe. Yn 1809 gie Charbonneau dêr einlings op yn, en sakke er mei it jonkje en Sacajawea de rivier de Missoury ôf nei Sint-Louis, dêr't Clark wenne. Dy liet de jonge op eigen kosten ynskriuwe op 'e Akademy fan Sint-Louis, in foaroansteand ynternaat.

Earne nei 1810 krige Sacajawea noch in dochter, Lizette. Histoaryske dokuminten jouwe oan dat Charbonneau en sy yn 1811 by de Fort Manuel Lisa hannelspost yn Noard-Dakota omhúsmannen, en dat sy slim siik wurden wie. John Luttig, in klerk yn 'e hannelspost, notearre op 20 desimber 1812 dat "[...] de frou fan Charbonneau, in squaw fan 'e Snake-Yndianen [doedestiden de gebrûklike oantsjutting foar de Sjosjoanen], stoar oan tyfus." Dêr foege er oan ta dat se likernôch 25 jier âld wie. In pear moannen letter kamen fyftjin manlju om by in oanfal op 'e hannelspost, mar sawol de klerk Luttig as it famke Lizette Charbonneau oerlibben dat foarfal. Fan Toussaint Charbonneau miende men lange tiid dat hy àl by dy oanfal omkommen wie, mar letter die bliken dat er teminsten noch trochlibbe oant er yn 'e tachtich wie. Yn 1813 stied er formeel de fâdij oer syn soan ôf oan Clark.

Bern

Dy soan, Jean-Baptiste Charbonneau, libbe it rêsteleaze libben fan in aventoersman, en stie syn libben lang bekend as de poppe dy't de Ekspedysje fan Lewis en Clark beselskippe hie. Doe't er achttjin jier wie, rekke er befreone mei in Dútsk ealman, dy't him meinaam nei Jeropa, wêrnei't er seis jier mank de adel fan it Dútske Ryk libbe en in soan oansette dy't lykwols al yn 'e widze kaam te ferstjerren. Yn 1829 kearde er werom nei Amearika, dêr't er him nei wenjen sette oan 'e Amerikaanske frontier. Hy wurke as goudsiker en hotelklerk en begelate yn 1846 as gids in groep mormoanen nei Kalifornje, dêr't er it ta rjochter brocht. Hy mocht der lykwols net oer hoe't de Yndianen dêre behannele waarden, joech syn amt op en waard wer hotelklerk yn Auburn. Yn 1866 sette er ôf nei Montana, dêr't goud fûn wie, mar de reis wie him tefolle, en hy stoar op 'e âldens fan 61 jier oan longûntstekking yn in ôfhandige úthoeke by Danner, yn Oregon. Fan syn suske Lizette Charbonneau is fierders neat bekend, en it tinken is dat sy har bernejierren net oerlibbe hat.

It Grêf fan Sacajawea yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming.

Langer libben

Guon Yndiaanske mûnlinge tradysjes wolle hawwe dat Sacajawea net yn 1812 yn Noard-Dakota stoar, mar dat se dat jiers ynstee Charbonneau ferliet, op eigen manneboet de Grutte Flakten oerstiek, yn Teksas by it folk fan 'e Komansjen yntroude en noch ferskate oare bern krige. Jierren letter, nei de dea fan har nije man, soe se ûnder de Komansje-namme Porivo ("Haadfrou") weromkeard wêze nei noardliker oarden en har by de Eastlike Sjosjoanen yn Wyoming jûn hawwe. Dêr soe hja yn 1884, op 'e âldens fan likernôch 96 jier, ferstoarn wêze.

Yn 1925 fûn Charles Eastman, in dokter fan etnysk Dakota-komôf dy't troch it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken ynhierd wie om it stoflik omskot fan Sacajawea te sykjen, in Komansje-frou dy't fan Tacutine hiet, en dy't úthold dat hja de beppesizzer fan Sacajawea wie. Neffens Tacutine har ferhaal soe Sacajawea in hoart te Fort Bridger, yn Wyoming, taholden hawwe mei har soannen Bazil en Baptiste, dy't elk ferskate talen sprieken, wêrûnder Ingelsk en Frânsk. Uteinlik fûn se har Lemhy-sibben werom yn it Wind River Yndianereservaat fan sintraal Wyoming, dêr't se ynskreaun waard ûnder de namme fan "Bazils mem". Hja stoar op 9 april 1884 en in blanke misjonaris, dûmny John Roberts, gie foar by har begraffenistsjinst. Der bestiet gjin twifel oer dat dizze Porivo echt bestien hat. It striidpunt is oft Porivo en Sacajawea ien en deselde persoan wiene of net. Eastman kaam ta de konklúzje dat dat al sa wie, en sadwaande is it offisjele Grêf fan Sacajawea, in toeristyske trekpleister, hjoed de dei sitewearre yn it Wind River Yndianereservaat yn Wyoming. Yn 1963 waard dêr in offisjele tinkstien foar Sacajawea oprjochte.

Maatskiplike ynfloed

Sacajawea, dy't ommers meistimme mocht oer it oerwinteringsplak fan 'e Ekspedysje fan Lewis en Clark, waard oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw in ikoan fan 'e striid fan 'e suffrazjettes, dy't iveren foar ynfiering fan it frouljuskiesrjocht.

Bûten de Feriene Steaten is Sacajawea fral bekend wurden troch de Hollywood-films Night at the Museum, in aksjekomeedzje út 2006, en de ferfolgen dêrop, Night at the Museum: Battle of the Smithsonian, út 2009, en Night at the Museum: Secret of the Tomb, út 2014, allegear mei Ben Stiller yn 'e haadrol. Dy films geane oer it ferneamde Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum yn New York, dêr't jûns nei slutingstiid de besjensweardichheden ta libben komme, wêrûnder de waaksene bylden fan histoaryske figueren. Sacajawea waard yn dy beide films spile troch aktrise Mizuo Peck.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.