It Saailân is in strjitte yn Ljouwert. Ek it Wilheminaplein, dat oan 'e noardkant neist de strjitte leit, wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd. Oan 'e noardkant fan it Wilhelminaplein rint it Ruterskertier.
Skiednis
It plein lei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. Willem Loadewyk oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein wurde it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten hâlden. Yn 1865 wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek keatswedstriden, ringriderijen, feemerk en sjippekistereses hâlden. Fan 1867 oant 1987 stie oan 'e súdlike râne fan it plein de Ryks-HBS, dy't fan 1968 ôf RSG hiet.
Flak foar de befrijing waard yn april 1945 it Old Burger Weeshuis troch de Dútsers yn de brân stutsen. Letter soe dêr it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de Twadde Wrâldoarloch wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske Shermantanks te besjen. Om it plein stienen kafees mei nammen as Houbein, de Nederlanden, Us Thús, Friesch koffiehuis en City Bar. Yn 2011 sit allinnich kafee 'It Wapen fan Ljouwert' der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.
Yn 2008 waard it plein troch keunstner Henk Hofstra beskildere mei in tal tige grutte spegelaaien. Yn 2011 wie yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert in eksposysje oer it plein te sjen. Yn 2013 stie it Glêzen Hûs fan Serious Request (Radio 3FM) op it Saailân.
It Saailân is op 'e nij ynrjochte fanôf april 2009. De parkeargaraazje ûnder it plein waard ôfbrutsen en fannijs boud mei 700 parkearplakken ekstra. It nije Frysk Museum hat dêr in plak krige, der kaam in nije pleinwand en 3000 m² ekstra winkelromte oan de noardkant. It wurk wie yn 2013 dien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |