Sa Bist
algemiene gegevens
oarspr. titelEsopet
auteurCalfstaf en Noydekyn (?)
taalMidnederlânsk
foarmpoëzij
sjenrebondel berime fabels
skreaun±1275
oersetting nei it Frysk
Fryske titelSa Bist
publikaasje1985, Baarn/Ljouwert
útjouwerBosch & Keuning/De Tille B.V.
oersetterKlaas Bruinsma
ISBN oers.9 02 46 45 379

Sa Bist, yn it oarspronklike Midnederlânsk bekend ûnder de Aldfrânske namme fan de Esopet (d.w.s. de "Lytse Esopus"), is in samling fan 67 berime bistefabels fan in trochstrings satiryske strekking, dy't datearret út 'e 13e iuw. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 1985.

Eftergrûn

De Esopet giet werom op 'e Klassike Aldheid, doe't de Grykske skriuwer Aesopus, Aisopos of Esopus in bondel mei fabels skreau, dy't neitiid yn it Latyn bewurke en útwreide waard troch earst Faedrus (om it jier 50 hinne) en letter Avianus (om 450 hinne). Dy Latynske bewurkings foarmen de boarne foar de saneamde Romulus, út 'e 10e iuw. Dêrút waarden noch wer letter, om 1275 hinne, 67 fabels oerset en berime yn it Midflaamsk ta in folle behindiger samling dy't sadwaande de namme fan de "Lytse Esopus" krige. In fierders net identifisearre boarne wol hawwe dat dizze oersetting en beriming troch twa Flaamske dichters dien is, mooglik de troch Jakob fan Maerlant yn syn Spieghel Historiael neamde Calfstaf en Noydekyn.

It iennichste oerlevere hânskrift fan 'e Esopet hat de Universiteitsbibleteek Leien op 'e noed (hs. Letterk. 191-3). Yn 1965 ferskynde dêrfan in faksimilee-útjefte ûnder de titel: Esopet, Facsimile-uitgave naar het Enig Bewaard Gebleven Handschrift, ynlaat en taljochte troch Garmt Stuiveling. De Esopet waard yn 1985, ûnder de titel Sa Bist, oerset nei it Frysk (allyksa yn berime foarm) troch oersetter Klaas Bruinsma, en kaam mei stipe fan 'e provinsje Fryslân út by útjouwerij Bosch & Keuning te Baarn yn gearwurking mei boekhannel De Tille te Ljouwert.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sa Bist (oers. Klaas Bruinsma), Baarn/Ljouwert, 1985 (Bosch & Keuning/De Tille B.V.), ISBN 9 02 46 45 379.
  • Kuiper, Willem, De Middelnederlandse "Esopet", yn: Spektator, tijdschrift voor Neerlandistiek 21 (1992), s. 35-54.
  • Sacke, K. van (ed.), Uit de Middelnederlandse Fabelbundel Esopet, 1979.
  • Stuiveling, Garmt, Esopet, Facsimile-uitgave naar het Enig Bewaard Gebleven Handschrift (2 dln.), Amsterdam, 1965.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.