Steatkundich Grifformearde Partij | |
Ofkoarting | SGP |
Partijlieder | Chris Stoffer |
Partijfoarsitter | Dick van Meeuwen |
Fraksjelieder Twadde Keamer | Chris Stoffer |
Fraksjelieder Earste Keamer | Peter Schalk |
Delegaasjelieder Europeesk Parlemint | Bert-Jan Ruissen |
Sitten yn Twadde Keamer | |
Sitten yn Earste Keamer | |
Sitten yn Provinsjale Steaten | |
Sitten yn Europeesk Parlemint | |
Oprjochte | 24 april 1918 |
Rjochting | Konservatyf |
Ideology | Teokrasy |
Ledetal | 30.122 (2017) |
Jongereinorganisaasje | SGP-jongerein |
Europeeske partij | ECPM |
Europeeske fraksje | ECR |
Webstee | www.sgp.nl |
De Steatkundich Grifformearde Partij (Nederlânsk: Staatkundig Gereformeerde Partij) is in politike partij dy't oprjochte is op 24 april 1918. De SGP is yn Nederlân de iennige kristlike partij dy't nei in teokrasy stribbet.
Skiednis
De SGP hat fan 1922 ôf altiten yn de Twadde Keamer fertsjintwurdige west. Hy is dêrmei de iennichste Nederlânske partij fan foar de Twadde Wrâldkriich; alle oare âldere partijen binne sûnt dy tiid opheft of fusearre of ûnder in oare namme fierder gien. De partij waard oprjochte fanwege ûnfrede oer de doe besteande protestantsk-kristlike partijen, nammentlik de ARP en CHU. It partijprogram is nei eigen sizzen basearre op Bibelske wearden en noarmen sa as dy yn de reformatoaryske belidenisskriften nei foaren komme. Ds. G.H. Kersten, predikant fan de Grifformearde Gemeenten wie de driuwende krêft by de oprjochting fan 'e partij.
SGP-fraksjelieders yn de Twadde Keamer:
- 1922-1945: Gerrit Hendrik Kersten
- 1945-1961: Pieter Zandt
- 1961-1971: Cor van Dis sr.
- 1971-1981: Hette Abma
- 1981-1986: Henk van Rossum
- 1986-2010: Bas van der Vlies
- 2010-2023: Kees van der Staaij
- 2023- : Chris Stoffer
Utslaggen ferkiezings foar de Twadde Keamer
- 1946: 2,1% - 2 sitten
- 1948: 2,3% - 2 sitten
- 1952: 2,4% - 2 sitten
- 1956: 2,2% - 2 sitten (nei útwreiding Twadde Keamer: 3)
- 1959: 2,1% - 3 sitten
- 1963: 2,2% - 3 sitten
- 1967: 2,0% - 3 sitten
- 1971: 2,3% - 3 sitten
- 1972: 2,2% - 3 sitten
- 1977: 2,1% - 3 sitten
- 1981: 1,9% - 3 sitten
- 1982: 1,8% - 3 sitten
- 1986: 1,8% - 3 sitten
- 1989: 1,9% - 3 sitten
- 1994: 1,7% - 2 sitten
- 1998: 1,7% - 3 sitten
- 2002: 1,7% - 2 sitten
- 2003: 1,5% - 2 sitten
- 2006: 1,6% - 2 sitten
- 2010: 1,7% - 2 sitten
- 2012: 2,1% - 3 sitten
- 2017: 2,1% - 3 sitten
- 2021: 2,1% - 3 sitten
- 2023: 2,1% - 3 sitten
Keppeling om utens
- (ned) Webstee fan de SGP (net op snein)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Staatkundig Gereformeerde Partij fan Wikimedia Commons. |