Sûmearje op de oersichtskaart fan Mesopotaamje.
Sûmearje op de oersichtskaart fan Mesopotaamje.

Sûmearje (ek Sumearje of Shumer, Egyptysk Sangar, Bibels Shinar) is de namme foar in âlde ryk, kultuer, omkriten en antike beskaving dat yn it súdlike part fan Mesopotaamje lei (tsjintwurdich it súdeasten fan Irak), wêr't de rivieren Eufraat en Tigris yn de Perzyske Golf útmûnje. De Sûmearjers neamden it lân sels ki-en-gir (it lân fan de beskaafde hearskers). Tegearre mei de noardlike streek Akkad makke it diel út fan it Twastreamelân. Sûmearje wurdt wol beskôge as de ierste beskaving fan de wrâld.

De Sûmearyske beskaving bestie út in samling fan stêdsteaten. Alle stêdsteaten hienen har eigen foarst. Om-ende-by 3.500 f.Kr. waard de lieder fan de machtichste stêdsteat kening fan de Sûmearje.

Skiednis

De skiednis fan Sûmearje wurdt yn fiif tiidrekken opdield:

  • de Oerûk- perioade, ± 4000-3000 f.Kr. Yn dizze perioade fêstigen de Sûmearjers har yn it lân. Doarpen woeksen út ta stêden en fan alle stêden waard Uruk de wichtichste troch har Inannatimpel.
  • de Jemdet Nasr-perioade, ± 3100-2900 f.Kr. Yn dizze perioade feroaren de sintra fan stêden yn hillichdommen, de befolking nimt yn oantal ta en de yrrigaasje wurdt yntrodusearre wêrtroch de opbringsten fan de it lân tanimme.
  • it Ier-Dynastike Tiidrek,
  • de Akkadyske Tiid
  • en de Oer III-perioade

De skiednis fan Sûmearje beslaat in tiidrek fan 3800 oant 2000 f.Kr. Nei de Sûmearjers wurdt it gebiet dominearre troch de Babyloanjers.

Befolking

It gebiet fan Sûmearje waard foar it earst befolke (foar 4000 f.Kr.) troch in folk dat de archeologen de Ubaidjers of Obeidjers neame, nei it doarp al-Ubaid wêrfan't resten fûn binne. Dat folk lei sompen drûch en soarge foar yrrigaasje, sadat lânbou mooglik waard. Ek hannelen se al en waarden potten bakt en learloaid.

De Sûmearjers lutsen likernôch rûn 3500 f.Kr. it gebiet yn. Harren foarskiednis is net dúdlik. Guon tinke dat se út Anatoalje komme, mar se kinne likegoed út de Yndusfallei wei kaam wêze en troch Iran yn it gebiet komd wêze.

Sy sprutsen Sûmearysk, in aggluynearjende taal. Der binne oanwizingen dat der foarhinne in oare taal sprutsen waard dy’t proto- Eufratysk neamd wurdt. Der is net folle mear oer fan dy taal. In tal plaknammen en lienwurden hawwe de Sûmearjers oernaam en net mear. Opfallend is wol dat de lienwurden faak net mear as ien lettergreep hawwe. It Sûmearysk hinget bot nei it nonsyllanisme oer, krekt as it moderne Sineesk.

Streamopwerts yn Akkad spruts de befolking in Symityske taal. Fan 5000 f.Kr. ôf moat der al sprake west ha fan in organisearre maatskippij.

Kultuer en polityk

Skrift en keunst

Om 3500-3000 f.Kr. ûntstie de âldste foarm fan it “skrift”. Ut in piktografysk skrift ûntwikkele him letter it spikerskrift. Yn de archeologyske laach 4 fan Uruk waarden klaaitabletten fûn mei in skrift dat in ûntwikkeling nei it spikerskrift toant. It spikerskrift bleau yn gebrûk oant de hellenistyske perioade en waard dêrnei yn Mesopotaamje stadichoan ferfong troch it ienfâldiger Arameenske skrift.

Der binne fragminten fan talrike eksimplaren fan it Gilgamesjepos fûn. Sawol yn it Sûmearysk as yn it Akkadysk. Sadwaande wie it mooglik it hiele ferhaal te rekonstruearjen. It lêste spikerskrifttablet datearret út 74 n.Kr.

De Sûmearjers wienen goeie smitten dy’t ûnder mear dolken en helmen yn goud makken. Somtiden waarden gouden foarwerpen ynlein mei Lapis Lazuli.

Wetjouwing

De Sûmearjers wiene de earsten dy’t in “wetten” opstelden en harren organisearren yn stedsteaten.

Politike struktuer

Polityk bestie it lân út stedsteaten dy’t om de hegemony striden. Dizze situaasje is goed fergelykber mei de it lettere Grikelân. De stêden hienen in folksried, meastal besteande út twa keamers. Der wie in ried fan âlderen en in ried fan manlju. Der wie in kening dy’t yn de ûnderlinge striid tusken de stêden mear macht krije koe.

Eltse stêd hie syn eigen hillichdom en de kultus fan de lokale god of goadinne naam in sintraal plak yn it libben yn. De Sûmearjers tochten dat de minsken troch de goaden makke wienen en om dizze goaden te tsjinjen en te fermeitsjen. Wat der allegear barde yn de polityk waard sjoen as de grillen fan de goaden.

Ekonomy

It tsjil en it pottebakkerstsjil binne útfinings fan de Sûmearjers. Hielendal wis is dat net. De Sûmearjers wienen begien mei it mjitten fan dingen. Sy mjitten de stân fan de planeet Fenus mei in rjochthoekich raam. Se koenen de tiid yndiele yn sekondes troch pendules en wetterklokken.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.