Sûchdieren
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
ûnderryk:echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang):weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk:twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang):termdieren (Nephrozoa)
boppestamme:nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme:kaakdieren (Gnathostomata)
boppeklasse:fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
(sûnder rang):synapsiden (Synapsida)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
Linnaeus, 1758

De sûchdieren (Latynske namme: Mammalia) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Dêrbinnen wurde se beskôge as de iennichste oerlibjende groep fan 'e synapsiden (Synapsida). Ta de sûchdieren heart ek de minske. De tûke fan 'e soölogy dy't him taleit op 'e stúdzje fan sûchdieren hjit mammalogy.

Skaaimerken

Fan alle oare libbene groepen bisten binne de sûchdieren it naust besibbe oan 'e fûgels en de reptilen, wêrfan't se har ûnderskiede troch it hawwen fan hier, trije bonkjes yn it middenear, molkklieren en in neokorteks (in diel fan 'e harsens). Dêropta ûnderskiede se har fan 'e reptilen trochdat se waarmbloedich binne, wêrby't de harsens op autonome wize de lichemstemperatuer regelje. De bloedsirkulaasje wurdt fersoarge troch in fjouwerkeamerige hertspier. Hast alle moderne sûchdieren binne libbenbernjend, wat sizze wol dat se har jongen libben te wrâld bringe, en net ynkapsele yn in aai.

Ta de sûchdieren hearre de grutste hjoeddeiske bisten, wêrûnder de blauwe finfisk (Balaenoptera musculus), it grutste wetterdier, en de savanne-oaljefant (Loxodonta africana), it grutste lândier. De blauwe finfisk kin in lingte fan 33 m berikke, wylst it lytste sûchdier, de holderflearmûs (Craseonycteris thonglongyai) mar 30-40 mm grut is. Boppedat omfiemet dizze groep ek de yntelligintste bisten, lykas de minske (Homo sapiens), en ferskate soarten minskapen, walfiskeftigen en oaljefanten. De grûnfoarm fan it sûchdierlichem is dat fan in fjouwerpoatich lândier, mar sûchdieren binne meitiid evoluëarre om har oan te passen ta in libben yn it wetter, heal op it lân en heal yn it wetter, yn 'e beammen, yn 'e loft (flearmûzen) of op twa fuotten, wat de foarpoaten (oftewol hannen) frijlit om oare dingen by de ein te hawwen.

Bargebichjes dy't drinke by de mem.

Taksonomy

It wurd "sûchdier" is relatyf nij, en basearre op it Latynske Mammalia, dat yn 1758 troch de grutte Sweedske biolooch Carolus Linnaeus optocht is. Dyselde late dy term ôf fan it besteande wurd mamma, dat Latyn is foar spien. Alle froulike sûchdieren fuorje har jongen nammentlik mei molke, dy't (behalven by de oersûchdieren) ôfskaat wurdt fia in spesjale klier: de molkklier, mei as útgong de spien.

De ierst bekende sûchdieren datearje út it iere Mesosoïkum, al ûntjoegen se har yn har moderne foarm pas yn it lettere Senosoïkum, nei it útstjerren fan 'e dinosauriërs. Neffens it gesachhawwende Mammal Species of the World wiene der yn 2006 5.416 sûchdieresoarten bekend. Yn 'e measte yndielings wurde al dy soarten ferdield yn twa grutte subgroepen: de (aaien lizzende) oersûchdieren (Prototheria), mei net mear as fiif libbene soarten fûgelbekdieren en eamelychels, en de moderne sûchdieren (Theria), dêr't alle oare soarten ûnder falle. Dêrby kin dy lêste groep dan noch wer fierder ferdield wurde yn 'e wichtige subgroepen fan 'e bûdeldieren (Marsupialia) en de plasintadieren (Placentalia). Op it (legere) nivo fan 'e skiften foarmje de kjifdieren (Rodentia) fierwei de grutste groep, folge troch de flearmûzen (Chiroptera) en de ynsekte-iters (Eulipotyphla).

Klassifikaasje

Hjirûnder de opbou fan 'e klasse fan 'e sûchdieren, sij it ûnder foarbehâld. De ûnderlinge relaasjes tusken de skiften binne noch altyd net alhiel útkristallisearre, en der hawwe har de lêste jierren grutte feroarings foardien. Sa wie fan 'e nylhoarsen lang miend dat se it neist besibbe wiene oan 'e bargen en de pekarys, mar koartby hat nij ûndersyk útwiisd dat se eins it naust besibbe binne oan 'e walfiskeftigen. Dat hat fiergeande gefolgen hân foar de taksonomyske yndieling, mei't de walfiskeftigen no ûnder de evenhoevigen rekkene wurde moatte. Oarsom is troch genetysk ûndersyk oan it ljocht kommen dat yn it âlde skift ynsekte-iters (Insectivora) beskate groepen byinoar brocht wiene dy't net nau besibbe binne (lykas de mollen en de goudmollen). Sadwaande is in diel fan dy groepen no earne oars ûnderbrocht, wylst de rest fierder gien is as it ôfslanke, nije skift ynsekte-iters (Eulipotyphla).

  • boppeklasse sûchdiereftigen (Mammaliaformes)
    • klasse dokodonteftigen (Docodonta) †
      • famylje dokodonten (Docodontidae) †
    • klasse morganukodonteftigen (Morganucodonta) †
      • famylje megasotrodonten (Megazostrodontidae) †
      • famylje morganukodonten (Morganucodontidae) †
    • klasse sûchdieren (Mammalia)
      • ûnderklasse snaffeldiereftigen of kloäkadiereftigen (Yinotheria)
        • skift sjûoteariumeftigen (Shuotherida) †
        • tuskenklasse súdkiezzigen (Australosphenida)
          • skift ausktribosfenydeftigen (Ausktribosphenida) †
          • skift henosferiden (Henosferida) †
          • skift kollikodonteftigen (Kollikodontida) †
          • skift snaffeldieren of kloäkadieren (Monotremata)
      • ûnderklasse libbenbernjende sûchdieren (Theriiformes)
        • tuskenklasse oare sûchdieren (Allotheria) †
          • skift Gondwanalândieren (Gondwanatheria) †
          • skift rjuknobkiezzigen (Multituberculata) †
        • tuskenklasse trikonodonteftigen (Eutriconodonta) †
          • skift trikonodonten (Triconodontidae) †
        • tuskenklasse echte sûchdiereftigen (Holotheria)
          • boppelegioen kuehneoteariumeftigen (Kuehneotheria) †
            • skift kuehneoteariumeftigen (Kuehneotheria) †
          • boppelegioen nije sûchdiereftigen (Trechnotheria)
            • legioen symmetrysk-toskigen (Symmetrodonta) †
              • skift amfidonteftigen (Amphidontoidea) †
              • skift spalakoteroïden (Spalacotherioidea) †
            • legioen asymmetrysk-toskigen (Cladotheria)
              • ûnderlegioen beamrôfdiereftigen (Dryolestoidea) †
                • skift echte beamrôfdiereftigen (Dryolestida) †
                • skift fiifkiezzigen (Amphitheriida) †
              • ûnderlegioen jongere sûchdiereftigen (Zatheria)
                • tuskenlegioen peramoeren (Peramura) †
                • tuskenlegioen pylkkiezzigen (Tribosphenida)
                  • boppekohorte egialondonteftigen (Aegialodonta) †
                  • boppekohorte moderne sûchdieren (Theria)
                    • rangleas takson bûdeldiereftigen (Metatheria)
                      • kohorte Aziatyske opossumdieren of Aziatyske bûdelrôtdieren (Asiadelphia) †
                      • kohorte deltadieren (Deltatheroida) †
                      • kohorte bûdeldieren (Marsupialia)
                        • grutskift Australyske bûdeldieren (Australidelphia)
                          • skift dwerchbûdeldieren (Microbiotheria)
                          • skift jalkaparidontdieren (Yalkaparidontia) †
                          • boppeskift oerbûdeldieren (Eometatheria)
                            • skift klimbûdeldieren (Diprotodontia)
                            • wiidskift rju-oertoskigen (Polyprotodonta)
                              • skift bûdeldaseftigen (Peramelemorphia)
                              • skift bûdelmoleftigen (Notoryctemorphia)
                              • skift rôfbûdeldieren (Dasyuromorphia)
                        • grutskift bûdeldieren fan de Nije Wrâld (Ameridelphia)
                          • skift opossumeftigen of bûdelrôteftigen (Didelphimorphia)
                          • skift oppossummûseftigen of bûdelrôtmûseftigen (Paucituberculata)
                          • skift sparassodonten (Sparassodonta) †
                    • rangleas takson echte sûchdieren (Eutheria)
                      • kohorte Aziatyske graafdieren (Asioryctitheria) †
                      • kohorte Krytrôfdiereftigen (Cimolesta) †
                      • kohorte rankwezelingeftigen (Leptictida) †
                      • kohorte plasintadieren (Placentalia)
                        • ûnderkohorte Transatlantyske plasintadieren (Atlantogenata)
                          • grutskift toskearmen (Xenarthra of Edentata)
                            • skift gurdledieren (Cingulata)
                            • skift loaierts en eameliters (Pilosa)
                          • grutskift Afrikaanske plasintadieren (Afrotheria)
                            • boppeskift Afrikaanske ynsekte-iters (Afroinsectiphilia)
                              • skift Afrikaanske toskearmen (Afredentata) †
                              • skift buistoskigen (Tubulidentata)
                              • skift ptolemaiïden (Ptolemaiida) †
                              • skift springpipermûzen (Macroscelidea)
                              • skift tenreks en goudmollen (Afrosoricida)
                            • boppeskift beneihoevigen (Paenungulata)
                              • skift klipdaseftigen (Hyracoidea)
                              • rangleas takson Tetysdieren (Tethytheria)
                                • skift grouskonkigen (Desmostylia) †
                                • skift seekij (Sirenia)
                                • skift slurfdieren (Proboscidea)
                                • skift swierpoatigen (Embrithopoda) †
                        • grutskift noardlike plasintadieren (Boreoeutheria)
                          • boppeskift boppeprimaten (Euarchontoglires of Supraprimates)
                            • skift arktostylopiden (Arctostylopida) †
                            • wiidskift primaten en tûpaja's (Euarchonta)
                              • skift tûpaja's (Scandentia)
                              • grutskift primaten en hûdfleaners (Primatomorpha)
                                • skift hûdfleaners (Dermoptera)
                                • skift primaten (Primates)
                            • wiidskift kjifdieren en hazze-eftigen (Glires)
                          • boppeskift Lauraziatyske plasintadieren (Laurasiatheria)
                            • skift ynsekte-iters (Eulipotyphla)
                            • skift knobknierigen (Condylarthra) †
                            • rangleas takson sekdieren (Scrotifera)
                              • skift flearmûzen (Chiroptera)
                              • rangleas takson hoef- en wylddieren (Fereuungulata of Ferungulata)
                                • rangleas takson hoefdieren (Ungulata of Euungulata)
                                  • rangleas takson beneiteannigen (Paraxonia)
                                    • skift evenhoevigen (Artiodactyla)
                                    • skift middelklauwigen (Mesonychia) †
                                  • rangleas takson middelteannigen (Mesaxonia)
                                    • skift rûchhoarnigen (Dinocerata) †
                                    • boppeskift Súdamerikaanske hoefdieren (Meridiungulata) †
                                      • skift astrapoteariumeftigen (Astrapotheria) †
                                      • skift fjoerdieren (Pyrotheria) †
                                      • skift frjemde hoefdieren (Xenungulata) †
                                      • skift glêdhakkigen (Litopterna) †
                                      • skift súdlike hoefdieren (Notoungulata) †
                                    • skift ûnevenhoevigen (Perissodactyla)
                                • rangleas takson wylddieren (Ferae)
                                  • skift kreodonten (Creodonta) †
                                  • skift rôfdieren (Carnivora)
                                  • skift skobdiereftigen (Pholidota)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.