Sû | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Sioux | |
eigen namme | Dakhótiyapi, Dakȟótiyapi, Lakȟótiyapi | |
lânseigen yn | Feriene Steaten Kanada | |
tal sprekkers | 27.000 (1997 / 2010) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk ● Westsûaansk ● Mississippydellingsk ● Dakotaansk ● Sû | |
dialekten | Dakota, Lakota | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | dak | |
ISO 639-3 | dak / lkt |
It Sû (Ingelsk: Sioux, útspr.: ['su:]; Sû: Dakhótiyapi, Dakȟótiyapi of Lakȟótiyapi) is de lânseigen taal fan 'e Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It wurdt noch sprutsen yn it middennoarden fan 'e Feriene Steaten en it middensuden fan Kanada, mar it hat nearne offisjele status, noch genietet it erkenning. Hoewol't it mei it Sû sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke is, is it mei sa'n 27.000 sprekkers dochs noch de op fjouwer nei meast sprutsen lânseigen taal fan Noard-Amearika.
Taalbesibskip en dialekten
It Sû heart ta de Sûaanske taalfamylje, krekt as bygelyks it Kriesk (Crow), Mandan, Hidatsa, Iowa, Oto (Otoe), Katôba (Catawba), Omaha, Ponka (Ponca), Osadzje (Osage), Kwapou (Quapaw) en Winnebago. Mei it Assiniboin (Assiniboine) en Stony (Stoney) foarmet it de Dakotaanske taalkloft binnen de Mississippydelling-Sûaanske talen.
It Sû is eins in gearbondeling twa ûnderskate talen, te witten: it Lakota en it Dakota, wêrfan't dat lêste dan wer útinoarfalt yn it Eastlik Dakota en it Westlik Dakota. Foarhinne waarden de beide Dakota-dialekten yn 'e regel op ien hichte steld mei it Lakota, en droegen se de nammen fan Dakota (Eastlik Dakota) en Nakota (Westlik Dakota). Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat Eastlik en Westlik Dakota folle nauwer mei-inoar besibbe binne as mei it Lakota. De term "Nakota" wurdt no inkeld noch brûkt foar it folle minder nau besibbe Assiniboin en Stony. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere Dakotaanske taalkloft, mei alle synonimen derby jûn.
|
Tal en fersprieding fan sprekkers
It is mei de talen fan 'e Sû sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke. It Dakota (ynkl. Eastlik en Westlik Dakota) wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 21.000 minsken (neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 en taalkundewebside Ethnologue út 2013), wylst it Lakota noch mar 6.200 sprekkers hat (sa die bliken út in taalkundich ûndersyk út 1997). Mei-inoar komt dat dus op goed 27.000 Sû-taligen, wat 15,9% is fan it totale oantal Sû, dat op 170.000 rûsd wurde moat. Likegoed is it dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen lânseigen taal fan Noard-Amearika, nei it Navaho (Navajo), it Kry (Cree), it Inûyt (Inuit) en it Odjibwe (Ojibwe). De measte Sû-sprekkers wenje tsjintwurdich yn 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota, Noard-Dakota en Montana, mei lytsere groepen yn Nebraska, Minnesota, Wyoming en Kolorado, en teffens hjir en dêr yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan. Fan 'e 27.200 Sû-sprekkers libje 24.800 yn 'e Feriene Steaten, en 2.400 yn Kanada. Sûnt 2010 genietet it Dakota yn 'e mande mei seis oare lânseigen talen yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba erkenning as minderheidstaal, ûnder de provinsjale Wet op de Erkenning fan Lânseigen Talen (Aboriginal Languages Recognition Act).
Skrift
Foarôfgeande oan it oernimmen fan it Latynsk alfabet fan 'e blanken hiene de Sû al in eigen skrift, nammentlik in systeem fan piktogrammen, wêrby't men bgl. it wurd "hûn" fertsjintwurdige troch in tekening fan in hûn. Yn syn The Dakota Peoples: A History of the Dakota, Lakota, and Nakota through 1863, út 2008, skriuwt taalhistoarikus J.D. Palmer oer dat piktogrammesysteem: "As in skreaune taal wie it brûksumernôch dat it de Lakota tastie om annalen by te hâlden yn 'e foarm fan harren wintertellings dy't men hjoed oan 'e dei noch altyd neikomme kin, en it wie sa algemien yn gebrûk dat piktogrammen yn 'e 1880-er jierren werkend en akseptearre waarden troch folkstellers, dy't plankjes of hûden plachten te ûntfangen dy't beskildere wiene mei de piktografyske ôfbylde namme fan it haad fan 'e húshâlding." Foar misjonarissen, lykwols, wie it net te dwaan om 'e Bibel yn syn gehiel yn piktogrammen ôf te byldzjen, en sadwaande wiene dy it dy't it letterskrift by de Sû yntrodusearren.
Fonology
Der besteane in stikmannich ûnderskate staveringsfoarmen foar de Sû-talen, mar dejinge dy't tsjintwurdich it measte brûkt wurdt, is dy fan Jan Ullrich, dy't op grûn fan in 23-jierrich taalûndersyk yn 2008 it gesachhawwende Lakota-wurdboek gearstalde, al moat dêrby oantekene wurde dat syn stavering fuortbordueret op guon âldere staveringssystemen. It Sû wurdt hjirby skreaun mei in alfabet fan 26 letters, al binne dat net deselden as yn it Latynske standertalfabet: a, b, č, d, e, g, ǧ, h, ȟ, i, k, l, m, n, ŋ, o, p, s, š, t, u, w, y, z, ž en ’.
A a | B b | Č č | D d | E e | G g | Ǧ ǧ | H h |
Ȟ ȟ | I i | K k | L l | M m | N n | Ŋ ŋ | O o |
P p | S s | Š š | T t | U u | W w | Y y | Z z |
Ž ž | ’ ’ |
Yn it foarste plak binne der fiif lûden: a ([a] as yn "ham"), e ([e], lykas yn "leed", mar koarter), i ([i] as yn "wyt"), o ([o] as yn "bok") en u ([u] as yn "tûk"). Dy kinne allegear sawol koart as lang wêze; binne se lang, dan krije se in skerpteken (á [a:], é [e:], í [i:], ó [o:], ú [u:]). De letter ŋ hat sels gjin klankwearde, mar makket it foarôfgeande lûd nasaal. Der binne yn it Sû trije fan sokke nasale klanken: aŋ ([ã]; lykas yn "aanst", mar dan koart), iŋ ([ĩ] as yn "hyns") en uŋ ([ũ] as yn "fiifpûns"). Ek dy kinne allegear wer sawol koart as lang wêze, en de lange farianten krije wer in skerpteken: áŋ ([ã:] as yn "aanst"), íŋ ([ĩ:] as yn "wynsk") en úŋ ([ũ:] as yn "dûns").
Dan binne der fiif bylûden mei in karon: č, ǧ, ȟ, š en ž. De č ([ʧ]), š ([ʃ]) en ž ([ʒ]) binne bekende klanken: de tsj fan "tsjerke", de sj fan "sjerp" en de zj fan "bagaazje". De ǧ ([ʁ]) en de ȟ ([χ]) lykje op 'e g fan "mage", resp. de ch fan "berch", mar wurde justjes mear nei efteren yn 'e mûle (suver yn 'e kiel) útsprutsen. Fierders is der noch de apostrof (’), dy't foar de glottisslach ([ʔ]) stiet; de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". De oare bylûden wurde krekt as yn it Frysk útsprutsen, behalven de w en y; dat binne de w fan "skowe" en de j fan "jas".
It Sû ken fierders in stikmannich letterkombinaasjes. Sa binne der fjouwer letters dy't yn aspirearre foarm foarkomme kinne: čh [ʧʰ], kh [kʰ], ph [pʰ] en th [tʰ] (útsprutsen as de grûnletter mei in lyts h-ke derefteroan, bekend fan "Marthinithoren"). Dan binne der trije letters dy't foarkomme kinne mei in lyts ch-chje (út "berch") derefteroan: kȟ [kˣ], pȟ [pˣ] en tȟ [tˣ]. En ta einbeslút binne der sân letters dy't foarkomme kinne mei in glottisslach derefteroan: č’ [ʧˀ], ȟ’ [χˀ], k’ [kˀ], p’ [pˀ], s’ [sˀ], š’ [ʃˀ]’ en t’ [tˀ].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |