Súdwest-Alaska | ||
De lokaasje van Súdwest-Alaska yn 'e Amerikaanske steat Alaska. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | regio | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
borough | ferskate (sjoch tekst) | |
haadplak | gjint | |
grutste plak | Kodiak (Alaska) | |
sifers | ||
ynwennertal | 45.557 (2010) | |
oerflak | 278.032 km² | |
befolkingstichtens | 0,2 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –9 | |
simmertiid | UTC –8 |
Súdwest-Alaska (Ingelsk: Southwest Alaska) is in regio yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It tinbefolke gebiet omfiemet û.m. de Kodiakarsjipel, de Pribilofeilannen, Nunivak, de reuseftige Yukon-Kuskokwimdelta en it grutste part fan it Alaska-skiereilân. It wurdt yn it westen begrinzge troch de Beringsee en yn it suden troch de Golf fan Alaska. Yn Súdwest-Alaska lizze in protte marren en fulkanen, benammen yn 'e krite fan it Aleoetysk Berchtme. De oarspronklike bewenners fan it gebiet binne foar it meastepart Eskimo's, om persiis te wêzen Middenalaskaanske Jûpik en Alûtiik.
Geografy
Súdwest-Alaska is ien fan 'e seis ynformele regio's dêr't de grutte Amerikaanske steat Alaska gauris foar it gemak yn opdield wurdt. It is lykwols gjin formele bestjoerlike of statistyske ienheid, mei as gefolch dat de grinzen frijwat dizenich binne. Almeast wurde ta Súdwest-Alaska lykwols trije boroughs (bestjoerlike distrikten) rekkene: Bristol Bay Borough, Kodiak Island Borough en Lake and Peninsula Borough, mei dêropta trije statistyske folkstellingsgebieten fan 'e Unorganized Borough (in distriktsfrij gebiet dat streekrjocht troch it steatsregear yn Juneau bestjoerd wurdt): it Folkstellingsgebiet Bethel, it Folkstellingsgebiet Dillingham en it Folkstellingsgebiet Kusilvak. Dêrmei hat Súdwest-Alaska in oerflak fan 278.032 km². Soms wurde ek de Aleoeten (besteande út 'e Aleoeten-East Borough en it Folkstellingsgebiet Aleoeten-West) ta Súdwest-Alaska rekkene, mar oer it algemien beskôget men dy beide gebieten as in regio op himsels.
Súdwest-Alaska grinzget op it lân yn it easten oan 'e regio Súdlik Sintraal-Alaska, yn it noardeasten oan it Binnenlân fan Alaska en yn it noarden oan noardwestlik Alaska, in wat twifelige krite dy't by de regio-yndieling ornaris op ien bulte smiten wurdt mei de Noarderbedelte. It fêstelân fan 'e regio bestiet út 'e súdwestlike hoeke fan Alaska, dy't yn it westen ôffrede wurde troch de Beringsee en yn it suden troch de Golf fan Alaska. De westkust fan Súdwest-Alaska wurdt djip ynsnien troch ferskate see-earmen fan 'e Beringsee, lykas de Norton Sound, de Kuskokwimbaai en de Bristolbaai. Yn 'e Beringsee lizze ferskate eilannen dy't ta de regio hearre: Nunivak, frij ticht foar de kust, dat fan it fêstelân skaat wurdt troch de Etolinstrjitte, en midden yn 'e see St. Matthew en de Pribilofeilannen. Súdwest-Alaska omfettet fierders oan 'e westkust de ûnbidich grutte Yukon-Kuskokwimdelta, dat ien fan 'e grutste rivierdelta's fan 'e wrâld is. Ek it Kuskokwimberchtme en de westlike útein fan it Alaskaberchtme, dat de noardlikste útrinner fan 'e Rocky Mountains is, lizze yn Súdwest-Alaska.
Oan 'e súdeastkant fan 'e Bristolbaai stiket it grutte Alaska-skiereilân fan it fêstelân fier út nei it súdwesten, wêrby't it mei de Aleoeten de skieding foarmet tusken de Beringsee yn it noarden en de Golf fan Alaska yn it suden. De uterste punt fan it skiereilân heart ta de regio fan 'e Aleoeten. It Alaska-skiereilân wurdt dominearre troch it Aleoetysk Berchtme, dat ta de saneamde Ring fan Fjoer om 'e Stille Oseaan hinne heart en in protte aktive fulkanen omfiemet, lykas de Mount Katmai, de Novarupta, de Delling fan de Tsientûzen Reekkanalen, de Mount Redoubt, de Mount Iliamna en de Mount Augustine. Tagelyk lizze op it skiereilân ek guon fan 'e grutste marren fan Alaska, lykas de Becharof-mar, de Iliamna-mar en de Grosvenor-mar. Skaat fan it fêstelân troch de Shelikofstrjitte leit foar de súdkust de Kodiakarsjipel, besteande út it grutte eilân Kodiak en in grut tal lytsere eilannen. Noardeastlik fan 'e eilannen wurdt Súdwest-Alaska fan it Kenai-skiereilân yn Súdlik Sintraal-Alaska skaat troch de Cook Inlet. In grut diel fan Súdwest-Alaska bestiet út ûnoantaaste wyldernis, dêr't mear as tsien grutte natoergebieten mei in beskerme status lizze, lykas it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Katmai, it Nasjonaal Natoergebiet Kodiak en it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Lake Clark.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hiene de trije boroughs en de trije folkstellingsgebieten fan 'e Unorganized Borough dy't mei-inoar Súdwest-Alaska foarmje, doe in befolking fan 45.557 minsken. De befolkingstichtens fan 'e regio bedroech dêrmei 0,2 persoanen de km². It meastepart fan 'e befolking libbet ferspraat yn lytse mienskippen by de kust lâns. It grutste plak fan 'e hiele regio is (mei 6.300 ynwenners) de stêd Kodiak, op it eilân mei deselde namme. Op it fêstelân is it grutste plak Bethel (mei 5.500 ynwenners).
De oarspronklike befolking fan Súdwest-Alaska, dy't noch altyd rom mear as de helte fan 'e ynwenners útmakket, bestiet út ferskate groepen. Op Nunivak, yn 'e Yukon-Kuskokwimdelta en yn 'e delling fan 'e Nushagak, oan 'e kust fan 'e Bristolbaai, libje Middenalaskaanske Jûpik, in folk dat ta it gruttere ferbân fan 'e Jûpik (Yup’ik) heart, dy't wer ien fan 'e haadgroepen fan 'e Eskimo's foarmje. It Alaska-skiereilân en de Kodiakarsjipel wurde bewenne troch de Alûtiik (Alutiiq), in folk dat nau oan 'e Jûpik besibbe is en ek ta de Eskimo's rekkene wurdt. De bewenners fan 'e Pribilofeilannen en de útein fan it Alaska-skiereilân binne etnyske Aleoeten, dy't ek oan 'e Eskimo's besibbe binne, mar der net ta rekkene wurde. En de westkust fan 'e Cook Inlet heart ta it wengebiet fan 'e Tanaina (Tanaina of Dena’ina), in Yndiaansk folk dat in Atapaskyske taal sprekt. In spesjaal gefal binne de Holikatsjûk, in oar Atapaskysk folk, dat yn 'e 1960-er jierren út syn oarspronklike wenkrite yn it Binnenlân fan Alaska evakuëarre is nei Grayling, oan 'e rivier de Yukon, net fier fan 'e kust fan Beringsee.
Lânbesit
It lân yn Súdwest-Alaska is foar it oergrutte part eigendom fan òf de Amerikaanske federale oerheid, òf fan 'e steat Alaska, òf fan ien fan 'e Alaskaanske lânseigen regionale korporaasjes (ANRC), dy't opset binne ûnder de Alaska Native Claims Settlement Act (ANCSA) fan 1971. De fjouwer ANRC's dy't yn Súdwest-Alaska operearje, binne de Callista Corporation yn 'e Yukon-Kuskokwimdelta, de Bristol Bay Native Corporation (BBNC) yn 'e krite om 'e Bristolbaai hinne, Koniag, Incorporated op it Alaska-skiereilân en de Kodiakarsjipel en Cook Inlet Region, Inc. oan 'e westkust fan 'e Cook Inlet.
Ekonomy
De ekonomy fan Súdwest-Alaska draait benammen op it fangen fan fisk, sawol yn 'e sin fan 'e beropsmjittige fiskerij as fan it angelfiskjen yn it ramt fan it toerisme. De kommersjele fiskerij wurdt fierhinne dien troch trawlers dy't fan bûten de regio komme. Der wurdt benammen fiske op salm, forel, krab en heilbot, wêrfan't de fangst tige lukratyf wêze kin. Behalven foar angelfiskjen komme toeristen ek yn Súdwest-Alaska foar de jacht. Fierders wurdt der yn 'e regio op lytse skaal oan mynbou dien op it mêd fan goud, platina en kwik. De measte pleatslike mienskippen komme troch de tiid troch foar libbensûnderhâld te fiskjen en te jeien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|