Súdlik Sintraal-Alaska
De lokaasje fan Súdlik Sintraal-Alaska yn 'e steat Alaska.
De lokaasje fan Súdlik Sintraal-Alaska yn 'e steat Alaska.
polityk
soarte gebietregio
lân Feriene Steaten
steat Alaska
boroughferskate (sjoch tekst)
haadplakgjint
grutste plakAnchorage (Alaska)
sifers
ynwennertal445.857 (2010)
oerflak198.680 km²
befolkingstichtens2,2 / km²
oar
tiidsôneUTC –9
simmertiidUTC –8

Súdlik Sintraal-Alaska (Ingelsk: Southcentral Alaska) is in regio yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It bercheftige gebiet is ynklamme tusken it Alaskaberchtme yn it noarden en de Golf fan Alaska yn it suden. It omfiemet û.m. it Kenai-skiereilân, de Cook Inlet, de Matanuska-Susitna-delling en Anchorage, dat de grutste stêd fan Alaska is. Súdlik Sintraal-Alaska is it tichtstbefolke diel fan 'e steat. De oarspronklike bewenners fan it gebiet binne Atapaskyske Yndiaanske folken yn it binnenlân en de Alûtiik (Alutiiq), in subgroep fan 'e Eskimo's, oan 'e kust.

Geografy

Súdlik Sintraal-Alaska is in regio dy't it sintrale súdlike diel fan 'e Amerikaanske steat Alaska beslacht. It is in fierhinne bercheftich gebiet, dat de noardlikste útrinners fan 'e Rocky Mountains omfettet. It grutste berchtme is it Alaskaberchtme, dat de skieding foarmet mei oare regio's: yn it noarden mei it Binnenlân fan Alaska, en yn it westen mei Súdwest-Alaska. Oare berchtmen yn Súdlik Sintraal-Alaska binne it Chugachberchtme by de kust lâns, it Wrangell-berchtme yn it easten, by de grins mei it Kanadeeske territoarium Yukon, en it Talkeetna-berchtme yn 'e midden fan 'e regio.

Nasjonaal Park Kenai Fjords, oan 'e eastkant fan it Kenai-skiereilân.

Ynklamme tusken de Alaska-, Wrangell-, Chugach- en Talkeetna-berchtmen leit yn it easten fan Súdlik Sintraal-Alaska de Delling fan 'e Koperrivier, yn it ferline in sintrum fan 'e mynbou. De berchtmen omfiemje ferskate fulkanen, wêrûnder de Mount Augustine en de Fourpeaked Mountain, dy't yn 2006 útbarsten, en de Mount Redoubt, dy't yn 2009 noch útbarste en dêrmei doe it loftferkear yn 'e wide omkriten stillei. It suden fan Súdlik Sintraal-Alaska bestiet fierhinne út tuskenbeiden reinwâld en gebieten mei elzestrewellen, wylst it binnenlân foar it meastepart oerdutsen is mei taiga besteande út nullewâld.

Yn it suden wurdt Súdlik Sintraal-Alaska begrinzge troch de kust fan 'e Golf fan Alaska, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Stille Oseaan. It grutte Kenai-skiereilân, dat dominearre wurdt troch it Kenai-berchtme, stiket dêr likernôch 240 km nei it súdwesten ta út yn see. Oan 'e westkant fan it skiereilân leit de Cook Inlet, in see-earm fan 'e Golf fan Alaska dy't in wichtige rûte foar de skipfeart foarmet, om't er tagong jout ta de haven fan 'e grutte stêd Anchorage en ta de tichtbefolke Matanuska-Susitna-delling, dy't beide krekt benoarden it skiereilân op it fêstelân lizze. Oan 'e súd- en eastkant hat it Kenai-skiereilân yn 'e Prince William Sound in rûge fjordekust. Dat gebiet foarmet it Nasjonaal Park Kenai Fjords en dêr lizze ek in grut tal lytse eilannen, mei as grutsten Montague, Hinchinbrook en Kayak.

Demografy

Bestjoerlik bestiet Súdlik Sintraal-Alaska út 'e boroughs (distrikten) Kenai Peninsula Borough en Matanuska-Susitna Borough, de feriene stêd-borough Anchorage, en it Folkstellingsgebiet Valdez-Cordova, dat ta de Unorganized Borough heart, in distriktsfrij gebiet dat streekrjocht troch it steatsregear yn Juneau bestjoerd wurdt. Mei-inoar hiene dy fjouwer gebieten neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 doe 445.857 ynwenners. Dêrmei bedroech de befolkingstichtens fan Súdlik Sintraal-Alaska yn 2010 2,2 persoanen de km², wat tige heech is foar Alaskaanske begripen. De regio is dan ek it tichtstbefolke diel fan 'e steat.

De grutste stêd fan Súdlik Sintraal-Alaska is Anchorage, mei yn 2010 krapoan 292.000 ynwenners. Oare (folle lytsere) gruttere plakken yn Súdlik Sintraal-Alaska binne: Palmer, Wasilla, Kenai, Soldotna, Seward, Valdez en Cordova.

De oarspronklike bewenners fan 'e regio binne de Tanaina (Tanaina of Dena’ina), Koltsjan (Kochan of Upper Kuskokwim), Ejak (Eyak) en Alûtiik (Alutiiq). De Tanaina libje yn it noardwestlike binnenlân, oan 'e kust fan 'e Cook Inlet en op it noardwestlike diel fan it Kenai-skiereilân, wylst de Koltsjan yn it noardeastlike binnenlân libje. Beide folken binne Yndiaansk en sprekke (fan oarsprong) in Atapaskyske taal. De Yndiaanske Ejak, oan 'e súdeastlike kust fan Súdlik Sintraal-Alaska, binne minder nau besibbe, mar hearre wol ta de Ejak-Atapaskyske folkekloft. De Alûtiik, dy't oan 'e súd- en súdwestkust fan Súdlik Sintraal-Alaska wenje, binne gjin Yndianen, mar de súdlikste subgroep fan 'e Eskimo's.

Ekonomy

De ekonomy fan Súdlik Sintraal-Alaska driuwt fierhinne op 'e fiskerij, de ierdoalje-yndustry en it toerisme. De measte toeristen komme yn it gebiet om te jeien of te angelfiskjen.

Klimaat

Súdlik Sintraal-Alaska hat in seeklimaat, mei temperatueren dy't útinoar rinne fan trochinoar fan 18 °C oerdeis yn july oant in gemiddelde fan –12 °C nachts yn desimber. De oeren deiljocht per dei rinne útinoar fan 20 oeren yn juny en july oant mar 6 oeren yn desimber en jannewaris.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.