Súdfûgels
In readboarstke (Erithacus rubecula)
In readboarstke (Erithacus rubecula)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:lânfûgels (Telluraves)
sûnder rang:súdfûgels (Australaves)
Ericson, 2012

De súdfûgels (Latynske namme: Australaves) foarmje in pas yn 2012 definiëarre en dêrom noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e lânfûgels (Telluraves).

Ta dizze groep hearre 4 skiften fûgels, wêrûnder de falkeftigen (Falconiformes), de moskeftigen (Passeriformes) en de pappegaai-eftigen (Psittaciformes). De falkeftigen binne resint, op basis fan genetysk ûndersyk, losmakke fan 'e rôffûgels (Accipitriformes). Ta de moskeftigen heart 60% fan alle libbene fûgelsoarten. Dêrmei is dat skift mear as twa kear sa grut as it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en likernôch fiif kear sa ferskaat as dat fan 'e flearmûzen (Chiroptera), de beide grutste sûchdiereskiften.

Groepsopbou

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.