Súd-Hollân
     
folksliet: Het Zuid-Hollandlied
polityk
lân Nederlân
statusprovinsje
oprjochting1840
offisjele taalNederlânsk
haadstêdDe Haach
tal gemeenten50
kommissaris fan
   de kening
Jaap Smit
  (CDA)
geografy
geograf. koördinaten52°08' NB 4°30' EL
oerflak3.307,86 km² (2015)
    dêrfan lân2.698,40 km²
    dêrfan wetter609,46 km²
  rang provinsjes5e fan 12
demografy
ynwennertal3.840.6621
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes1e fan 12
befolkingstichtens1.410 / km²
grutste plakRotterdam
religy (2015) 52,2% ateïsten en agnosten
18,2% protestanten
14,5% roomsk-katoliken
7,5% moslims
2,0% hindoes
5,5% oaren
oar
NUTSNL36
ISO 3166-2NL-ZH
tiidsôneMET (UTC+1)
simmertiidMEST (UTC+2)
offisjele webside
www.zuid-holland.nl
1) boarne: CBS-StatLine
Súd-Hollân (2019)
De Haven fan Rotterdam
Bollefjilden by Lisse
Polder by Moordrecht yn it Griene Hert
Nieuwe Kerk yn Delft, de heechste tsjerketoer yn Súd-Hollân
Brielle út de loft wei sjoen

Súd-Hollân (Nederlânsk: Zuid-Holland) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt de âlde provinsje Hollân yn 1840 midstwa spjalten waard. It hat 3.840.662 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 3.308 km², en is dêrmei de provinsje mei de measte ynwenners en de tichtbefolkste fan Nederlân. Haadstêd is De Haach, dat de Nederlânske residinsjestêd is, en de grutste stêd is Rotterdam. De grutste seehaven fan Jeropa, de haven fan Rotterdam leit yn Súd-Hollân.

De provinsje grinzget yn it noarden oan Noard-Hollân, yn it easten oan Utert en Gelderlân, yn it súdeasten oan Noard-Brabân, yn it suden oan Seelân en yn it westen oan de Noardsee.

Skiednis

Foar 1795 hearde Súd-Hollân by it Greefskip Hollân. Nei de omfoarming fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ta de Bataafske Republyk waard Hollân, lykas de rêst fan Nederlân ferparte yn departeminten. It suden fan Hollân, waard mank mei Seelân en it westen fan Brabân part fan it departemint fan de Skelde en Maas. It noarden fan it hjoeddeistige Súd-Hollân waard part fan it departemint fan de Delf. Yn 1801 kamen de grinzen fan earder werom en waard it departemint Hollân foarme. Yn 1807 waard dat departemint yn twaen spjalte dêr't it súdlike departemint it departemint Maaslân waard, dêr't de grinzen sawat fan oerienkomme mei dy fan it lettere Súd-Hollân. Yn 1810 doe't Nederlân by it Earste Frânske Keizerryk ynlive waard, waard Maaslân omfoarme ta it departemint fan de Mûning fan de Maas.

Nei de Frânske tiid kamen de grinzen fan foar 1795 fannijs werom. It noarden en suden fan Hollân waarden wer feriene yn de nije provinsje Hollân. De skieding ferdwûn lykwols net alhiel, want fan 1814 ôf hie Hollân twa kommissarissen fan de kening, ien foar it noarden en ien foar it suden. Nettsjinsteande dat de provinsje ien wie, waarden it noarden en suden apart behannele en libbe der it idee om de provinsje fannijs op te spjalten. Dat barde yn 1840 doe't Hollân opspjalte waard yn Noard- en Súd-Hollân, om't de provinsje Hollân te dominant waard yn befolking, grutte en woltierigens. Yn de lette 20e en iere 21e iuw giene der fiif gemeenten oer nei de provinsje Utert; Aldewetter yn 1970, Woerden yn 1989, Fianen yn 2002 en Leardaam en Zederik yn 2019.

It graven fan de Nije Wetterwei yn 1863 betsjutte it úteinsetten fan it groeien fan de Haven fan Rotterdam. Op 14 maaie 1940 yn de Twadde Wrâldkriich waard it sintrum fan Rotterdam folslein ferneatige troch in bombardemint.

Yn 1953 waard it suden fan Súd-Hollân troffen troch de Wettersneed fan 1953. Dêrnei it regear sette útein mei de Deltawurken, dy't foltôge waard mei it reekommen fan de Maeslantdaam yn 1997.

Geografy

Súd-Hollân grinzget yn it westen oan de Noardsee, yn it noarden oan Noard-Hollân, yn it easten oan Utert en Gelderlân, yn it súdeasten oan Noard-Brabân en yn it suden oan Seelân. Mei útsûndering fan de dunerige oan de Noardseekust is de provinsje folslein flak, en bestiet foar in grut part út drûchmealde polders en oanmakke feangrûn. It midden en it westen fan de provinsje is part fan de Rânestêd, wylst lânbou yn it easten foarkomt, dy't heart ta it Griene Hert. It suden fan de provinsje bestiet út in nustje eilannen en binne part fan de Ryn-Maas-Skelde-delta. Foar statistyske doelen is de provinsje ferparte yn fjouwer regio's: Rijnmond, Súd, West en East.

De Dune- en Bollestreek is in regio yn it noardwesten, om Katwyk hinne, dy't út dunen en bollefjilden bestiet. Yn it suden op de eilannen is der benammen lânbou op klaai en sângrûn. Yn it easten is der greidlân op benammen feangrûn. By de Alde Ryn is der in kliber stêdlike gebieten fan Katwyk ôf oer Leien nei Alfen oan de Ryn nei Zoeterwoude. Ek it gebiet om De Haach hinne en om de Alde Maas en de Merwede hinne binne stêdlike gebieten. Dy lêste gebieten, de Haachlannen, de Rijnmond en de Drechtstêden foarmje de súdlike wjuk fan de Rânestêd.

It Nasjonaal Park De Biisbosk leit yn it súdeasten fan de provinsje. Oare regio's yn de provinsje binne: Alblasserwaard, Gouwestreek, Krimpenerwaard, Hoekske Waard, Rynstreek, Fiifhearelannen en it Westlân.

Untwikkeling ynwennertal

Untwikkeling ynwennertal yn Súd-Hollân [1][2]
JierYnwenners
1514200.000
1829479.000
1839526.000
1849563.400
1859619.400
1869688.200
1879803.500
1889949.600
18991.144.400
19091.390.700
19201.678.700
JierYnwenners
19301.957.600
19472.284.100
19602.697.894
19702.968.670
19803.083.555
19903.219.839
20003.397.744
20103.505.611
20203.708.696
20233.804.906

Gemeenten

Súd-Hollân bestiet sûnt 2023 út 50 gemeenten.

  1. Alblasserdam
  2. Albrandswaard
  3. Alfen oan de Ryn
  4. Barendrecht
  5. Boadegreve-Reeuwijk
  6. Capelle oan de Isel
  7. Delft
  8. Doardt
  9. Flaardingen
  10. Foarne oan See
  11. Goeree-Oerflakkee
  12. Gorkum
  13. Gouda
  14. De Haach (haadstêd)
  15. Hardinxveld-Giessendam
  16. Hendrik-Ido-Ambacht
  17. Hillegom
  1. Hoekske Waard
  2. Kaag en Braassem
  3. Katwyk
  4. Krimpen oan de Isel
  5. Krimpenerwaard
  6. Lansingerlân
  7. Leiderdorp
  8. Leidschendam-Foarburch
  9. Leien
  10. Lisse
  11. Maasslûs
  12. Midden-Delflân
  13. Molelannen
  14. Nieuwkoop
  15. Nissewaard
  16. Noardwyk
  17. Oegstgeest
  1. Papendrecht
  2. Pijnacker-Nootdorp
  3. Ridderkerk
  4. Rijswijk
  5. Rotterdam
  6. Skiedam
  7. Sliedrecht
  8. Teylingen
  9. Voorschoten
  10. Waddinxveen
  11. Wassenaar
  12. Westlân
  13. Zoetermeer
  14. Zoeterwoude
  15. Zuidplas
  16. Zwijndrecht

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk Befolkingsûntjouwing Súd-Hollân 1960-2009, oproppen op 7 april 2010
  2. Folkstellings Folkstellings Súd-Hollân 1829-1971
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
wizigje
Provinsjes fan Nederlân
Flagge fan Nederlân
Flagge fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.