- Net te betiizjen mei de Sith, in fiktive ridderoarder út 'e Star Wars-franchise.
De Ierske term sídhe, eins aos sí (útspr.: [e:sˠ 'ʃi:], likernôch: "ees sjii"), fan 'e âldere foarm aes sídhe (útspr.: [e:sˠ 'ʃi:ə], likernôch: "ees sjea"), is in namme foar in ras fan tige machtige boppenatuerlike mytyske wêzens út 'e Ierske en Skotske mytology, ferlykber mei elven of feeën. Yn it Skotsk-Gaelysk wurde sokke wêzens síth neamd, dat deselde útspraak hat it Ierske sídhe. Yn it moderne Iersk wurde de sídhe ek wol oantsjut mei de term daoine sídhe (útspr.: ['dʲi:nʲə 'ʃi:ə], likernôch: "djiinjuh sjea"), wêrfan't de Skotsk-Gaelyske wjergader daoine sìth is (op 'e nij mei deselde útspraak).
Aos sí, daoine sídhe en de no argayske foarm aes sídhe betsjutte allegear "folk fan 'e (grêf)heuvels" of "heuvelfolk", mei't sokke wêzens ûnder de grûn yn grêfheuvels wenje soene, hoewol't ek wol sein wurdt dat se oarekant de westlike see of yn in ûnsichtbere wrâld libje dy't op itselde plak en yn deselde tiid bestiet as de minsklike wrâld. Dy ûnsichtbere wrâld wurdt yn 'e Midsiuwske tekst Lebor Gabála Érenn beskreaun as in soarte fan parallel universum, wêryn't de sídhe har sûnder sjoen te wurden mank de minsken bejouwe. De ferkoarte foarm sídhe betsjut letterlik "heuvels", en is dus eins net korrekt, mar is yn it Ingelsk en oare talen likegoed ynboargere rekke, benammen troch it wurk fan ynfloedrike auteurs dy't dy foarm brûkten, lykas de dichter William Butler Yeats.
Folkloare
Fan 'e sídhe wurdt sein dat it de geasten fan foarâlden binne of natoergeasten of ek wol goaden en goadinnen. Yn in protte Gaelyske folksferhalen binne de sídhe de lettere ferzjes fan 'e Tuatha Dé Danann (it "Folk fan de Goadinne Danu"), dat de goaden en fergoade foarâlden út 'e Ierske mytology wiene. Guon boarnen beskriuwe harren as de oerlibbenen fan 'e Tuatha Dé Danann dy't har nei harren nederlaach tsjin 'e Mileezjers weromloeken yn 'e Oare Wrâld.
Yn it Ierske en Skotske folksleauwe moatte de sídhe tefreden steld wurde mei offers en moat men derom tinke dat men harren net lulk makket of mislediget. Se wurde dêrom faak net yn direkte foarm neamd, mar oantsjut mei termen as "de Goede Buorlju", "it Skiene Folk" of ienfâldichwei "it Folk". Se wurde oer it algemien omskreaun as ferbjusterjende tsjep, hoewol't se ek ferskriklike en fuoililke foarmen hawwe (of oannimme) kinne. De sídhe wurde fierders gauris assosjearre mei beskate tiden fan it jier of oeren fan 'e dei. Om't men tradisjoneel leaut dat de Gaelyske Oare Wrâld, dy't bekendstiet as Tír na nÓg, yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage tichter by de stjerlike wrâld komt, leaut men ek dat men de sídhe dan makliker tsjinkomme kin.
Sídhe wurde sjoen as fûleindige ferdigeners fan harren wenplakken, lykas grêfheuvels, hekseringen, beammen (benammen hagedoarns) of in beskate mar of bosk. It leauwe is dat it binnenkringen of skea tabringen oan sokke plakken de wraak fan 'e sídhe útlokje sil. Yn folksferhalen wurde minsken dy't harsels de lulkens fan 'e sídhe op 'e hals helle hawwe gauris ûntfierd, of oars wurdt by wize fan bestraffing harren bern ûntfierd en ferfongen troch in wikselbern.
De grêfheuvels (sí of sídhe; inkeltal: síd) dêr't it Ierske lânskip mei besiedde leit, wurde yn âldere teksten omskreaun as de paleizen of aadlike hôven fan 'e sídhe. It feit dat de wêzens minsklike begraafplakken út 'e Aldheid bewenje, hat bydroegen ta de teory dat de sídhe de oarspronklike, pre-Keltyske bewenners fan Ierlân west hawwe moatte, dy't neitiid troch de Keltyske Ieren fergoade binne.
Soarten sídhe
Der binne ferskate bekende soarten sídhe. Ien fan 'e bekendsten is de banshee, in Ingelske ferbastering fan bean sídhe (fan it Aldierske ban síde), wat "frou fan 'e sídhe" betsjut. In banshee is in boppenatuerlik froulik wêzen dat in oankommend stjergefal oankundiget mei gûlen en kriten. Har wjergader yn 'e Skotske mytology is de bean sìth (soms stavere as bean-sìdh). In oanbesibbe foarm fan 'e sídhe is de Skotske bean nighe, ek bekend as de "waskfrou fan 'e furde". Dat is in boppenatuerlik froulik wêzen dat by in rivier of beek de beblette klean or wapenris wasket fan immen dy't doemd is om mei koarten op gewelddiedige wize om te kommen, ornaris op it slachfjild.
Noch wer oare foarmen fan 'e sídhe binne de leanan sídhe (de "elveminneresse"), in kreaze fee dy't it oanleit mei minsklike manlju; de cat sìth, in boppenatuerlik kateftich wêzen; en de cù sìth, in boppenatuerlik hûneftich wêzen. Dy trije foarmen wurde behalven as soarten sídhe ek wol yn personifiëarre foarm werjûn, wêrby't Leanansídhe, Cat Sìth en Cù Sìth dan eigennammen wurde. De sluagh sìdhe ("legermacht fan 'e sídhe" of "optocht fan 'e sídhe") wurdt yn 'e Ierske en Skotske mytology soms werjûn as in prosesje fan yn 'e pronk útdoste ruters, mar soms ek as in kliber fleanende geasten, mooglik de ferflokte, boasaardige of rêsteleaze deaden.
Creideamh sí
It leauwen yn 'e sídhe, dat hjoed de dei noch altyd foarkomt op dielen fan it Ierske en Skotske plattelân en ek mank in lyts diel fan 'e diaspora, hjit yn it Iersk creideamh sí, letterlik: "feeëleauwe". It omfiemet in rige praktiken dêr't men jin oan hâlde moat om op goede foet mei de sídhe te bliuwen en derfoar te soargjen dat men se net by fersin lulk makket. Sa is it gewoante om molke en iten (lykas koeken, apels of beien) oan te bieden troch dy jûns by de efterdoar bûtendoar te setten. Lju dy't sok leauwe oanhingje, binne har ek bewust wêr't de wenplakken fan 'e sídhe yn harren omkriten binne, en soargje derfoar dat oaren, de oerheid ynbegrepen, dy plakken gewurde litte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |