sânpiper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anthus campestris | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast trochtrekker |
De sânpiper of heidepiper (Anthus campestris) is in sjongfûgel út de famylje fan de wipsturt- en piperfûgels.
Foarkommen
De sânpiper is yn fûgeltsje fan 16 sm d.w.s. in bytsje grutter as in (hús)mosk en de yn Nederlân foarkommende oare pipers sa as de beampiper en piipljurk. De beampiper hat in brune rêch en kop mei in ljochte eachstreek. De boarst en bûk binne gieleftig ta rjemwyt.
Fersprieding
De sânpipers komme foar yn iepen, droege terreinen, sa as sândunen, heidefjilden en droege greiden. De fûgels briede yn Sintraal-, East- en Súd-Jeropa, en West- en Sintraal-Aazje. Se oerwinterje yn de Sahel, Araabje en Súdwest-Aazje.
Yn Nederlân is de sânpiper as briedfûgel sûnt 2003 ferdwûn. It oantal trochtrekkers is ek ôfnommen ta in lytse hûndert per jier (1989-2014). De grutste waarnimmingskâns is yn de neijierstrek in september. In Fryslân is de sânpiper in tige seldsume trochtrekker. De fûgel stiet op de Nederlânske Reade list fan fûgels as ferdwûn.
Iten
De sânpipers ite meast ynsekten.
Taksonomy
De sânpiper is monotypysk, d.w.s. hat gjin ûndersoarten.