Darinck Delven, it skilderij út ~1540 lit ferskillende stadiums fan moarnearring sjen

Sâltwinning út moar[1], ek wol moarnearring (Nederlânsk: Moernering, selnering of darinkdelven) is it opdollen fan moar (Aldfrysk: mora), dat is fean dêr't de see in laach seeklaai oerhinne lein hat, om dêr de doe piperdjoere sâlten út winne te kinnen, sa't dat barde yn de Midsiuwen en de iere Moderne tiid.

Skiednis

It klimaat en sâlthalte fan de Noardsee makken sâltwinning tige dreech, dat it measte sâlt waard út Dútslân en Frankryk oanfierd, dêr't djip yn de bergen stiensâlt wûn waard. De sâltkrapte yn de Nederlannen en de grutte ôfstannen dy't de sâltkeaplju ôflizze moasten makke it sâlt út it bûtenlân djoer.

Yn kriten dêr't it fean mei seewetter soppe west hie en sadwaande ryk oan natrium wie, koe sâlt wûn wurde. De namme foar sa'n laach fean ûnder seeklaai of sân is moar of moer (yn it Nederlânsk darink). De moar waard opdold en ferbaarnd yn in spesjale ûne. De jiske dy't dêrfan oerbleau waard wetter by dien en dêrnei útsean, it sâlt bleau dan oer. Dat proses hjit selnearring, in namme dêr't it Latynske wurd sal, wat 'sâlt' betsjut, yn werom te kennen is.

Yn de 13e iuw waard de moarnearing in bloeiende yndustry yn de Lege Lannen. It sâlt dat yn Seelân en westlik Noard-Brabân wûn waard koe maklik konkurrearje mei it stiensâlt en de hannel mei de Flaamske stêden siet bot sleet yn.

It heljen fan sâlt út fean barde ek yn it noarden fan Noard-Hollân (sa as op Wieringen) en yn Fryslân (East-Dongeradiel)[2] en Grinslân (de Lauwersmarkrite en benoarden Kommersyl).

Gefolgen

De sâlthannel brocht grutte rikens oan stêden as Sieriksee, Reimerswaal, Steenbergen en Dordrecht. Yn it gefal fan Reimerswaal betsjutte de moarnearring de ûndergong, meidat troch it fuortheljen fan de moar de see by in dyktrochbrek frij spul hie. Troch de Spaanske besetting fan de Súdlike Nederlannen waard de sâlthannel en it sâltsieden yn Noard-Nederlân stipelearre. Yn Fryslân hawwe bygelyks Harns en Frjentsjer dêrfan profitearje kinnen [3].

Moarnearring feroarsake sakjen fan it meanfjild dat al yn de 12e iuw de ûntwettering fan it bedike oudland yn Seelân bot behindere.

Dat de Sint-Elisabethsfloed yn 1421 gâns skea oanrjochtsje koe die de moarnearring sines ta. Ferskate bepalingen folgen om de moarnearring te bedamjen en it gefaar fan dyktrochbrek te betwingen, sa as dy fan 1477. Yn 1515 waard de sâltwinning út moar lang om let ferbean yn Seelân.

'Moar' yn plaknammen

Yn en bûten Fryslân ferwiist 'moar', 'moer' en 'moor' yn plaknammen en wetternammen nei moarnearring of it foarkommen fan sâlt fean yn de ûndergrûn. Bygelyks Moarre yn de gemeente Noardeast-Fryslân hat syn namme dêr nei alle wierskyn oan te tankjen. Itselde jildt foar plakken as Soarremoarre en Moarmwâld. Yn it noarden fan Dútslân komt 'moor' foar yn plaknammen en fjildnammen yn de betsjutting fan 'fean'.[4]

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'Moer' is ek Frysk.
  2. Oan de Súd Ie en yn de Eanjumer Kolken
  3. Sjoch ek De sâltketen fan Harns op de webside fan Fokke Sytema
  4. Pieter Duijff, Plaknammen, Moarre. Frysk Deiblêd, 23 febrewaris 2019.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.